Springe nei ynhâld

Kaap Froward

Ut Wikipedy
Kaap Froward
Cabo Froward
Min waar by Kaap Froward
Min waar by Kaap Froward
Kaap Froward (Sily)
Kaap Froward

Kaap Froward is de meast súdlike punt fan it fêstelân fan Súd-Amearika. De kaap leit op de noardigge fan de Magellaanstrjitte en is de súdpunt fan it skiereilân Península de Brunswick, yn de Sileenske regio Magallanes y la Antártica Chilena.

De Ingelske ûntdekkingsreizger Thomas Cavendish ferneamde de kaap jannewaris 1587 nei it rûge klimaat mei rein en wyn.[1]

Op de hichte fan de kaap is in grut metalen krús oprjochte (Cruz de los Mares, Krús fan de Seeën) ta eare fan de besite yn 1987 fan Paus Johannes Paulus II oan Sily. Earder, yn 1913 waard dêr ek in krús set, dat ferskate kearen fernijd wurde moast om reden fan de minne waarsomstannichheden.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. - Definition and More from the Free Merriam-Webster Dictionary. Utjouwer Merriam-Webster; sjoen 30 jannewaris 2014