Springe nei ynhâld

Juno Award

Ut Wikipedy
Juno Award
algemiene ynformaasje
hist. namme Gold Leaf Award
Juneau Award
nasjonaliteit Kanadeesk
útrikt foar muzyk
útrikt troch CARAS
frekwinsje 1x jiers
datum jannewaris
plak [ferskilt per jier]
ynsteld 1970
1e útrikking 1970
offisjele webside
www.junoawards.ca

De Juno Awards binne in groep Kanadeeske prizen dy't ienris yn it jier útrikt wurde oan meast Kanadeeske sjongers, bands en muzikanten by wize fan erkenning foar harren artistike en technyske prestaasjes op alderlei muzikaal mêd. De prizen binne ferneamd nei Pierre Juneau, de earste foarsitter fan 'e Kanadeeske Radio-Telefyzje en Telekommunikaasjekommisje en eardere foarsitter fan 'e steatsomrop CBC. De prizen wurde by in offisjele seremoanje yn jannewaris yn 44 kategoryen útrikt. De winners wurde útkeazen troch de leden fan 'e Canadian Academy of Recording Arts and Sciences (CARAS) of troch in panel fan ekspêrs, ôfhinklik fan hokker priis oft it om giet. Njonken de útrikking fan 'e Juno Awards sels makket ek de ynhuldiging fan nije leden fan 'e Canadian Music Hall of Fame ûnderdiel út fan 'e seremoanje.

De Juno Awards komme fuort út 'e opinypeiling dy't it muzyktydskrift RPM Magazine fanôf 1964 elts jier ûnder syn abbonees hold om út te meitsjen hokker artysten en bands oft de bêste fan Kanada wiene. It resultaat fan dy opinypeilings waard yn desimber yn it tydskrift sels publisearre.

Uteinlik besleaten fertsjintwurdigers fan 'e Kanadeeske plate-yndustry en RPM-oprjochter Walt Grealis dat der in echte priis komme moast, mei in formele útrikkingsseremoanje, sa't dy ek bestiene yn 'e Feriene Steaten. Dêrta waarden doe de Gold Leaf Awards oprjochte, dy't foar it earst yn 1970 yn Toronto útrikt waarden. Letter dat jier waarden RPM-lêzers útnûge om in bettere namme foar de priis te betinken, en doe wie der immen dy't oanrette dat de priis ferneamd wurde kinne soe nei Pierre Juneau, mei't dyselde fan ûnmisber belang west hie by it gearstallen fan 'e Kanadeeske stjoerderregulaasjes en om't er witwat út 'e wei set hie om Kanadeeske artysten oan te priizgjen. De staveringswize fan 'e namme waard ferienfâldige ta "Juno", en fan 1971 ôf kamen de prizen sa te hjitten.

Oant 1973 waarden de winners foarôfgeande oan 'e útrikking bekendmakke yn RPM, mar fan 1974 ôf waard de útslach geheim holden oant de útrikking sels. Fertsjintwurdigers út 'e Kanadeeske muzykyndustry foarmen in advyskomitee, dat yn 1974 omfoarme waard ta de Canadian Music Awards Association, dy't de folle ferantwurdlikheid foar de tawizing fan 'e Juno Awards en de organisaasje fan 'e útrikkingsseremoanje op him naam. Yn 1977 waard de namme fan 'e feriening feroare yn Canadian Academy of Recording Arts and Sciences (CARAS).

Sjongster Shania Twain lit har Juno Award sjen, yn 2011.

Yn 1975 waard de útrikking foar it earst live útstjoerd op 'e CBC. De útrikkingseremoanje fûn oant 1983 yn jannewaris plak, mar fan 1984 oant 1987 waarden de prizen útrikt yn desimber. Doe't de sjochsifers yn 'e feestdageperioade weromrûnen, besleat de CBC om it spul wer yn jannewaris te organisearjen. Mei't de útrikking fan desimber 1988 doe opskood waard nei jannewaris 1989 fûn der yn 1988 dus gjin útrikking plak. Yn 2002 waard de útstjoering fan 'e seremoanje oerhevele fan 'e CBC nei CTV. Fan 2006 ôf is de útrikking fan 'e Juno Awards yn 'e Feriene Steaten ek te folgjen op MTV2. Jierliks sjogge der sa'n 250 miljoen minsken nei. Yn 2007 wie Nelly Furtado de earste foar mear as ien kategory nominearre artyst dy't yn al dy kategoryen ek wier-wier wûn, de beide meast prestizjeuze kategoryen ("album fan it jier" en "artyst fan it jier") ynbegrepen.

  • artyst fan it jier
  • nije artyst fan it jier
  • ynternasjonale artyst fan it jier
  • groep fan it jier
  • nije groep fan it jier
  • lietsjesskriuwer fan it jier
  • opnametechnikus fan it jier
  • Jack Richardson produsint fan it jier
  • ynternasjonale single fan it jier
  • fideoklip fan it jier
  • muzyk-dvd fan it jier
  • opnamepakket fan it jier
  • Juno Fan Choice Award (publykspriis)
  • Juno International Achievement Award (ynternasjonale oeuvrepriis)

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.