Joris Driepinter
Joris Driepinter | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | Man | |
soarte personaazje | Stripfiguer | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
oare ynformaasje | ||
attributen | Molke | |
geastlike heit | Dimitri Frenkel Frank | |
útjouwer | Nederlânske Suvel Organisaasje | |
ûntstean | 1965 (1966) |
Joris Driepinter is in personaazje dat yn de jierren sechtich en santich fan de tweintichste iuw figurearre yn ferskate reklames foar molke. It figuerke waard ûntwurpen troch de Deenske ûntwerper Ib Antoni Jensen (1929-1973) en betocht troch de Nederlanner Dimitri Frenkel Frank. De simpele foarmen fan it figuerke Joris waarden keppele oan in ferhaall ynspirearre op strips as Superman en Batman. Troch it deistich drinken fan trije glêzen molke wie de oarspronklike Joris Driepinter ta sterke staaltsjes yn steat, lykas it optillen fan in oaljefant.
In grut part fan de teksten foar de Joris Driepinter-kampanje waarden skreaun troch Mies Bouhuys. Der waarden strips en ferhaleboeken fan Joris Driepinter útbrocht.
Yn 2007 hawwe it Ryksmuseum en de Nije Tsjerke yn Amsterdam de útstalling HELD organisearre oer Nederlânske helden yn de histoarje. Joris Driepinter wie ien fan de trijehûndert helden op dizze tentoanstelling. It Nederlânsk Suvelburo, dat mei Joris Driepinter advertearre, hat de Joris Driepinterkolleksje skonken oan it ReclameArsenaal, in stichting dy 't him ynset foar it behâld en behear fan it erfgoed fan de Nederlânske reklame. De Nederlânske Suvel Organisaasje (NZO) liet Joris yn maart 2010 weromkomme.