Jojo
In jojo is in stik boartersguod. Oarspronklik waarden se fan ivoar en terrakotta skyfkes makke, tsjintwurdich besteane der ek farianten fan hout, keunststof en metaal. In jojo bestiet út twa rûne skyfkes fan likense grutte dy't mei in lyts aske oan elkoar ferbûn binne. Om dat aske sit in tou wuolle. Oan de ein fan dat tou sit in luske om in finger (ring- of middelfinger) yn te stekken. Troch de jojo nei ûnderen ta te goaien rôlet de jojo him ôf en op de júste wize wer op te lûken komt dizze fansels wer nei boppen ta. Eventueel sit om it aske noch in rinkje fold mei kûgellagerkes. Troch in jojo mei dizze útrêsting krêftich nei ûnderen ta te smiten begjint dizze te 'spinnen'; hy bliuwt dan ûnder, mar bliuwt ek trochdraaien. Troch dêrnei in koarte, lûkende beweging te meitsjen rôlet de jojo him wer op. By it spinnen binne der mooglikheden foar trúks.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De skiednis fan de jojo giet werom oant 500 f.Kr., doe't de jojo's fan terrakotta skyfkes makke waarden. Op in faas út de âldheid is in ôfbyld te sjen fan in jonkje dat mei in jojo boartet.
Yn Frankryk waard de jojo yn de 18e iuw populêr yn aadlike fermiddens. De jojo hjitte dêr bandalore. De jojo waard yn de jierren 20 fan de 20e iuw in echte raazje yn Amearika, doe't in Filipynske Amerikaan, Pedro Flores, yn Santa Barbara, Kalifornje de Yo-Yo Manufacturing Company iepene.
De namme 'jojo' lit him mooglik ferklearje mei de neikommende teoryen:
- De namme komt út it Tagaloch (taal op de Filipinen) en kin oerset wurde mei kom-kom,
- De namme komt út de stam fan it Frânske wurd jouer (boartsje).
Neffens it Polygoon-journaal wie der yn 1932 in jojoraazje yn Nederlân. Jong en âld, eltsenien boarte mei de jojo. Letter om it jier 1998 waard it jojoë 'werûntdekt'. Diskear waarden der sels op de bernestjoerders spesjale koarte programma's oan wijd.
Nijsgjirrich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it Frysk kinne mei it foarnamwurd 'jo' en it haadwurd 'jojo' ferskillende tongbrekkers makke wurde:
- Hawwe jo jo jojo ek by jo?
- Mei ik mei jo jojo jojoë?
- Jojoje jo mar mei jo eigen jojo.