Springe nei ynhâld

Jessie J

Ut Wikipedy
Jessie J yn 2008
Jessie J by de útrikking fan de Sony Arards yn 2012

Jessica Ellen Cornish, artystenamme Jessie J (Londen, 27 maart 1988), is in Britske singer-songwriter. Sy hat lieten skreaun foar Justin Timberlake, Miley Cyrus, Christina Aguilera en Alicia Keys. Febrewaris 2011 wûn de Critic's choice award op de BRIT Awards 2011. Har debútsingle 'Do it like a dude' waard folge troch 'Price Tag' dêr’t hja tegearre mei rapper B.O.B. oan wurke hat. De single dy’t dêrnei kaam, 'Who you are', hat it ek bêst dien.

Doe’t Jessie alve jier wie waard sy cast foar in rol yn Andrew Lloyd Webber syn West End-produksje fan Wistle down the wind. Mei 16 jier gong sy studearjen oan de BRIT-skoalle (The London School for Performing Arts & Technology) en doe’t hja 17 wie sette sy útein mei in famkesband. Jessie J hat in ûnregelmjittige hertslach sûnt har 11e en krige op har 18e in lytse beroerte.

Jessie har platemaatskippij wie Gut Records. Sy naam dêr in album op, mar foardat it materiaal frijkaam gie it bedriuw fallyt. Dêrnei waard sy súksesfol as lieteskriuwster. Teffens song hja mei op Cyndi Lauper har Bring Ya To The Brink-omgong yn Ingelân (2008). Jessie har karriêre krige faasje doe’t sy lieten skreaun hie foar artysten sa as Rihanna, Justin Timberlake, Alicia Keys, Christina Aguilera en Miley Cyrus. De grutste single dy’t hja skreau wie it nûmer foar Miley Cyrus, 'Party in the USA'.

Yn 2010 makke Jessie J har solo-debút mei de single 'Do It Like a Dude'; har twadde single 'Price Tag' waard in hit.

Jessie har debútalbum, 'Who you are', waard ein febrewaris 2011 yn it Feriene Keninkryk en yn de Feriene Steaten útbrocht. ‘In dream dy’t útkaam’, hat se dêroer sein.[1] Begjin 2011 hat Jessie sein dat hja biseksueel is.

Albums:

Jier Organisaasje Priis Resultaat
2010 BBC Sound of 2011 Sound of 2011 Wûn
2011 MTV Brand New 2011 Next Big Thing 2e
2011 BRIT Awards 2011 Critic's Choice Wûn

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. The Graham Norton Show, BBC-telefyzje, 28 febrewaris 2011