Springe nei ynhâld

Jervis Bay Territoarium

Ut Wikipedy
Jervis Bay Territoarium
Jervis Bay Territory
flagge wapen
Ingelsk: Australia ("Austraalje")
It Jervis Bay Territoarium fiert de flagge,
it wapen en it biedwurd fan Austraalje.
lokaasje yn Austraalje
algemien
ôfkoarting n.f.t.
lân Austraalje
status territoarium ûnder fed. bestjoer
haadstêd Jervis Bay Village
grutste stêd Jervis Bay Village
sifers
ynwennertal 377 (2011)
befolkingstichtens 5,6 / km²
oerflak 74,6 km² (ynkl. wetter)
65,7 km² (allinnich lân)
bykommende ynformaasje
tiidsône UTC 9½ – 10
(S.T. UTC 10½ – 11)
webside
Lânkaart fan it Jervis Bay Territoarium.
In boerd dat de grins tusken Nij-Súd-Wales en it Jervis Bay Territoarium oanjout.

It Jervis Bay Territoarium (Ingelsk: Jervis Bay Territory; útspr.: [ʤɑɹvəs]) is in territoarium fan Austraalje, dat gjin selsbestjoer hat en streekrjocht ûnder de Australyske minister falt dy't ferantwurlik is foar de territoaria, op 't heden de minister fan Binnenlânske Saken. It leit oan 'e eastkust en is fierwei it lytste gebietsdiel op it Australyske fêstelân, mei in oerflak fan mar 74,6 km². Neffens gegevens út 2011 hie it Jervis Bay Territoarium doe 377 ynwenners.

It Jervis Bay Territoarium hat in oerflak fan 74,6 km², wêrfan't 65,7 km² út lân bestiet en 8,9 km² út wetter. It gebiet bestiet út it skiereilân dat de súdlike ein fan 'e Jervisbaai omslút. Yn it noardwesten en súdwesten grinzget it oan 'e Australyske steat Nij-Súd-Wales, wylst it yn it westen swettet oan in mar, it St. George's Basin. Yn it noarden leit de Jervisbaai, yn it suden de Wrakkebaai, en yn it easten en súdeasten de Tasmansee. Yn it noardeasten heart it eilantsje Bowen, by de yngong fan 'e Jervisbaai, ek ta it Jervis Bay Territoarium. Der binne trije wenkearnen yn it gebiet: Jervis Bay Village, oan 'e noardkust, Wreck Bay Village, oan 'e súdkust (dat bestjoerlik sjoen ûnderdiel fan Jervis Bay Village is), en Greenpatch, op in útstekkende súdeastlike lântonge.

De Britske ûntdekkingsreizger James Cook wie yn april 1770 de earste Jeropeaan dy't de Jervisbaai waarnaam. Hy wie it, dy't de útstekkende punt fan it súdlike skiereilân Kaap St. George neamde. Yn augustus 1791 waard de baai foar it earst ferkend troch luitenant Richard Bowen, dy't him ferneamde nei admiraal John Jervis, ûnder wa't er earder tsjinne hie.

Fan 1788 ôf hearde it gebiet ta de Britske koloanje Nij-Súd-Wales, dy't yn 1901 mei seis oare koloanjes de Australyske Federaasje foarme. Yn 1911 stie Nij-Súd-Wales in stik lân ôf om in federale haadstêd op oan te lizzen; dat soe letter it Australysk Haadstedsk Territoarium (ACT) wurde. Yn 1915 waard besletten dat it ACT, dat yn it binnenlân lei en alhiel troch Nijsúdwelsk grûngebiet omjûn waard, ek in tagong ta de see krije moast. Sadwaande waard doe it Jervis Bay Territoarium fan Nij-Súd-Wales losmakke.

Murray's Beach, yn it Jervis Bay Territoarium.

Hoewol't it Jervis Bay Territoarium altyd as in apart gebiet troch it Australyske federale regear bestjoerd is, ûntstie troch de konneksje mei it ACT de yndruk dat it dêr in yntegraal ûnderdiel fan útmakke. Dat wie lykwols sa net, en doe't it ACT yn 1989 selsbestjoer krige, kaam sels oan 'e besteande konneksje fierhinne in ein, mei't Jervis Bay ûnder federaal bestjoer bleau, wylst it ACT binnen it Australyske steatsferbân selsstannich fierder gie. Lykwols is it noch wol sa dat de ynwenners fan it Jervis Bay Territoarium yn it Australyske federale parlemint fertsjintwurdige wurde troch de ôffurdigen en senators fan it ACT.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
              Austraalje
Flagge fan Austraalje
steaten
Fiktoaria • Nij-Súd-Wales • Queenslân • Súd-Austraalje • Tasmaanje • West-Austraalje
territoaria
Australysk Haadstedsk Territoarium • Jervis Bay Territoarium • Noardlik Territoarium
eksterne territoaria
Ashmore- en Cartiereilannen • Australysk Antarktysk Territoarium • Australyske Territoaria yn de Yndyske Oseaan (Kokoseilannen - Krysteilân) • Heard en de McDonaldeilannen • Koraalsee-eilannen • Norfolk
oare eksterne gebietsdielen
Lord Howe • Macquarie • Torresstrjitte-eilannen
· · Berjocht bewurkje