Jeroen Willems
Jeroen Willems (Maastricht, 15 novimber 1962 – Amsterdam, 3 desimber 2012[1]) wie in Nederlânsk akteur en sjonger.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Willems waard berne as it tredde bern fan dramadosint en regisseur Kees Willems en foardrachtskeunstneres Rieneke Willems-Reuten. It gesin ferhuze rillegau nei Heerlen. Heit Willems ferstoar yn 1978, doe 't Jeroen 15 jier wie.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy trochrûn de Toanielakademy Maastricht, begûn syn karriêre by Teätergroep Hollandia en wie dêr ûnder mear te sjen yn La Musica (1991), it bekroande Twee Stemmen (1997 en 2004) en La Musica Twee (2003).
Hy spile ek by oare selskippen, wêrûnder Het Zuidelijk Toneel/Hollandia, it Nationale Toneel en it Flaamske selskip De Tijd. Mei Oostpool spile er yn de muzikale teäterproduksje Brel, de zoete oorlog. Yn de foarstelling song er ek in tal ferskes fan Jacques Brel, oerset yn it Nederlânsk. Hy spile yn in soad film- en tillefyzjeproduksjes, wêrûnder de rol fan David Grobben (nei de persoan fan Enno Endt) yn de telefyzjesearje Bij nader inzien (1991) neffens de roman fan J.J. Voskuil, Tijd van leven (1996), Wij Alexander (1998 ), as Wim Sonneveld yn de VPRO-dramasearje Bij ons in de Jordaan (2000), De passievrucht (2003), Ocean's Twelve (2004) en in Simon (2004), dêr't er Simon syn húsdokter yn spile. Fierder spile er in haadrol yn de foar in part yn Súd-Afrika spyljende Nederlânske dramasearje Stellenbosch (2007). Ek spile Willems in rol yn de film Zomerhitte (2008) nei it boek mei deselde namme fan Jan Wolkers. Ein 2009 hie er in grutte rol yn Komt een vrouw bij de dokter. Yn april 2010 hie er de haadrol yn in útfiering fan Louis Andriessen syn opera La Commedia yn Carnegie Hall yn New York.
Begjin 2012 spile er in rol yn de telefyzjedramasearje Lijn 32 en itselde jier hied er de rol fan krimineel Mirko Narain yn de tf-film Cop vs Killer. Dêrneist spile er de rol fan Van Uytrecht yn de spylfilm Tula.
Dea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 3 desimber 2012 waard Willems net goed by de repetysjes foar in programma ta gelegenheid fan it 125 - jierrich bestean fan Koninklijk Theater Carré yn Amsterdam. Hy ferstoar letter yn it Onze Lieve Vrouwe Gasthuis oan de gefolgen fan in hertstilstân, Willems waard 50 jier âld. De galajûn, dêr't keninginne Beatrix by wêze soe, waard yn ferbân mei syn ferstjerren skrast.
Op 8 desimber waard yn de Amsterdamske tsjerke De Duif ôfskied naam fan Jeroen Willems. De AVRO stjoerde jûns in spesjale ôflevering út fan it keunstprogramma Opium, mei fragminten út de karriêre fan Willems, ynklusyf rollen dy't er spile yn noch te ferskinen produksjes. [2] Op moandei 10 desimber waard Willems nei in gearkomste yn de Amsterdamske Stedsskouboarch begroeven op Zorgvlied.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Willems wie iepenlik homoseksueel en hy hie in relaasje mei de akteur Marcel Musters.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Willems ûntfong yn 1994 de Mary Dresselhuys Priis foar bêste Nederlânske toanielakteur. Yn 2004 krige er de Louis d'Or, de meast prestizjeuze Nederlânske toanielpriis, foar syn rollen yn La Musica Twee en as Jacques Brel yn Brel, de zoete oorlog by toanielselskip Oostpool.
Yn 1999 waard er nominearre foar it Gouden Kalf foar bêste akteur foar syn rol yn de koarte film Zaanse Nachten (1998). Yn 2001 waard er in twadde kear nominearre foar syn rol as Pieter Jelles Troelstra yn Nynke. Yn 2010 wûn er it Gouden Kalf foar bêste akteur yn in byrol as Prins Claus yn Majesteit. Yn 2012 krige er it Gouden Keal foar bêste akteur yn in haadrol foar de tf-film Cop vs Killer.[3]
Yn 2012 wie er Gast fan it Jier op it Nederlands Film Festival te Utert.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|