Springe nei ynhâld

Jan fan Scorel

Ut Wikipedy
Jan fan Scorel
keunstner
Portret makke troch Anthonis Mor fan Dashorst
Portret makke troch Anthonis Mor fan Dashorst
persoanlike bysûnderheden
berne 1 augustus 1495
berteplak Skoarl
stoarn 6 desimber 1562
stjerplak Utert
wurkpaad
wurksum as skilder, tekener
offisjele webside
RKD-profyl

Jan fan Scorel (Skoarl, 1 augustus 1495 - Utert, 6 desimber 1562) wie in Noard-Nederlânsk skilder, tekener en kanunnik. Hy wurdt beskôge as in wichtich fertsjintwurdiger fan de renêssânse yn de Lege Lannen.

Oer it libben fan Jan van Scorel is in soad bekend, ûnder oare troch biograaf Karel van Mander. Jan fan Scorel wie de ûnwettige soan fan in doarpspastoar. Hy besocht de Latynske skoalle yn Alkmaar en krige dêrnei in skildersoplieding fan Cornelis Willems yn Haarlim. Hy wie dêrnei fan 1512 ôf assistint fan Jacob Cornelis van Oostsanen yn Amsterdam, wêrnei't er nei alle gedachten noch koarte tiid by Jan Gossaert yn Utert wurke.

Yn 1518 begûn Jan fan Scorel oan in lange reis, dy't him earst troch Dútslân fierde. Yn Neurenberch trof er Albrecht Dürer, dy't in grutte ynfloed op him útoefene. Dy ynfloed is te fernimmen yn it earste grutte wurk fan Jan fan Scorel dat bewarre bleaun is, it Obervellach-triptyk út 1519 (Obervellach, Sankt Martin), dat ûntstie op syn reis troch Eastenryk. Fan Scorel reizge dêrnei fia Venetië oer see nei it Hillige Lân (Palestina), dêr't er Bethlehem en Jeruzalem oandie. Neffens Van Mander hat er syn yndrukken fan dy reis fêstlein yn in sketsboek dat lykwols net bewarre bleaun is. Werom yn Italië hold er wer yn Venetië ta, dêr't er de ynfloed fan Giorgione ûndergie.

Yn 1522 waard er troch de paus Adrianus VI beneamd ta opsichter fan de pauslike keunstkolleksjes yn it Belvédère yn Rome, as opfolger fan Rafael. Hy wenne yn de pauslike apparteminten en hie folop gelegenheid de antike byldhouwurken en de Italiaanske renêssânekunst fan Rafaël en Michelangelo yngeand te bestudearjen. Hy skildere yn dy tiid twa portretten fan de paus.

Nei de dea fan Adrianus VI yn 1523 gie Jan fan Scorel werom nei Utert. Syn Italiaansk ynspirearre keunst foel bot op en hy krige gau opdrachten, ûnder oaren fan Domdeken Herman van Lochorst, dy't ta de freonerûnte fan Adrianus VI heard hie. Foar him skildere Jan fan Scorel yn 1526-1527 it saneamde Lochorst-triptyk, dat oarspronklik yn de Domtsjerke opsteld stie, en dat no yn de kolleksje fan it Sintraal Museum yn Utert sit.

Tolve leden fan de Jeruzalembruorskip, om 1528 hinne, Frans Halsmuseum, Haarlim. De tredde man fan rjochts is Jan van Scorel sels

Yn 1527 wykte er fanwegen politike ûnlusten út nei Haarlim, dêr't er nije begeunstigers fûn en dêr't er Maarten van Heemskerck opliede. Jan fan Scorel kaam by de Haarlimske Jeruzalembruorskip, dêr't er in pear portretsearjes foar makke. It stik jildt as ien fan de earste groepsportretten yn de Nederlânske skilderkeunst.

Werom yn Utert (1530) sette er in grutte wurkpleats op, dêr't Anthonie Mor ta syn learlingen hearde. Jan van Scorel wie tuskentiids (yn 1528) beneamd ta kanunnik fan de Marijetsjerke yn Utert, in foarnaam geastlik amt. Hy libbe tegearre mei Agatha van Schoonhoven en it pear krige fjouwer soannen en twa dochters. Syn taken as kanunnik rûnen útien fan it behearen fan lângoed oant it oankeapjen fan wyn foar it kapittel. Foar de Marijetsjerke ûntwurp er ûnder oaren in oksaal en in pear brânskildere ruten.

Troch syn goede kontakten en as gefolch fan syn missys út namme fan it kapittel krige Jan fan Scorel stikmannich opdrachten foar grutte alterstikken. Om 1540 hinne skildere er trije foar de abdij yn it Henegouwske Marchiennes. Dêrfan wurdt it Jakobus- en Stefanusalterstik tsjintwurdich yn it museum fan Dowaai bewarre. Om 1542 hinne makke er in bewarre bleaune trijelûk foar de Grutte Tsjerke fan Breda, yn 1550 folge in opdracht foar de Nije Tsjerke fan Delft.
Earfolle opdrachten wiene de dekoraasje en organisaasje fan de yntochten yn Utrecht fan keizer Karel V yn 1540 en fan Filips II fan Spanje yn 1549. Yn 1550 die er mei oan de restauraasje fan it mearlûk mei it Laam Gods fan de bruorren Van Eyck te Gint.

Yn de jierren 1549 oant 1553 wie Jan fan Scorel aktyf as yngenieur. Hy ferbettere de haven fan Hurderwyk, ferdjippe ferskate rivieren en fersoarge it drûchlizzen fan de Zijpe. In soad sukses hie er lykwols net mei dy wurken.

Nei syn dea krige Jan fan Scorel in pronkgrêf yn de Mariatsjerke, mei syn portret, skildere troch Anthonie Mor. Sa'n monumint foar in keunstner wie destiids unyk yn de noardlike Nederlannen en tsjûget fan de wurdearring dy't de skilder al yn syn libben hie.

  • Jan van Scorel in Utrecht, tentoanstellingskatalogus fan it Centraal Museum te Utert, 1977.
  • J.A.L. de Meyere, Jan van Scorel. Schilder voor prinsen en prelaten. Utert, 1981
  • Molly Faries e.a., De madonna´s van Jan van Scorel 1495-1562. Serieproductie van een geliefd motief, Utert, 2000.
  • F. Baligand e.a., La renaissance de Jan van Scorel. Les retables de Marchiennes, Parys, 2011.
  • Gaila Jehoel, Het culturele netwerk van Jan van Scorel. Schilder, kanunnik, ondernemer en kosmopoliet, Hilfertsom, 2020. ISBN 9789087048600

Histoaryske roman oer Jan fan Scorel:

  • Hanny Alders, Jan van Scorel. Een leven in schetsen. Schoorl, 1995.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: