Springe nei ynhâld

Jan bij de Leij

Ut Wikipedy

Jan bij de Leij (Hallum, 29 maaie 1864 - Drachten, 22 septimber 1935) wie in ûnderwizer yn Jobbegea-Hoarnstersweach.[1][2]

By de Leij betsjutte in soad foar it ûnderwiis yn it easten fan de gemeente It Hearrenfean. Hy begûn as kwekeling oan de legere skoalle yn Jobbegea-Skuorregea, waard letter ûnderwizer oan de skoalle by de Tredde Slûs yn 1912 haad fan de skoalle foaroer de 15e wyk yn Hoarnstersweach (oant ± 1925). Fûl en mei resultaat hat er it drankmisbrûk yn dizze omkriten bestriden, withoefaak is hy as sprekker yn drankbestridings-gearkomsten en op meetings optreden. Sa hat er him ynset foar Steatspensjoenen. Jierrenlang wie hy foarsitter fan Doarpsbelang, mei oprjochter en kassier fan de Boerelienbank fan Jobbegea-Skuorregea. Party artikels op in soad terreinen skreaun er foar ferskate blêden. Master Bij de Leij wie hast in libbenlang in beminde en tige wurdearre figuer yn dizze streek. Der is ek in strjitte yn Hoarnstersweach nei him neamd.

Wurke mei oan Fryske tydskriften en skreau toanielstikken.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: