Jack Wouterse
Jack Wouterse | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Jacobus Albertus Wouterse | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 17 juny 1957 | |
berteplak | Soest (Utert) | |
etnisiteit | Nederlânsk | |
jierren aktyf | 1990 – no | |
prizen | 2× Gouden Keal | |
offisjele webside | ||
Jack Wouterse op Twitter |
Jack Wouterse (folút: Jacobus Albertus Wouterse; Soest, 17 juny 1957) is in Nederlânsk toaniel-, tillefyzje- en filmakteur. Hy hat ek wurke as harkspul- en stimakteur. Wouterse wûn twaris in Gouden Keal, de wichtichste Nederlânske filmpriis.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid, oplieding en ier wurkpaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wouterse waard yn 1957 berne yn Soest. Syn heit wie beropsmilitêr en syn mem wie skjinmakster. Nei de middelbere skoalle trochrûn te hawwen, waard er ferkeaper fan ôfsûchkappen. Letter besleat er yn Arnhim in oplieding te folgjen ta dosint dramatyske foarming, wêrnei't er trochlearde oan 'e sirkusskoalle. Doe't er dy stúdzje mei súkses ôfrûne hie, fûn Wouterse wurk as clown by it sirkus fan Sjoukje Dijkstra. Nei ferrin fan tiid sette er syn eigen sirkus op, mei as namme Circus Fiasco, dat er yn 'e mande mei syn frou en oannommen soan runde.
Aktearkarriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1989 waard Wouterse troch Johan Doesburg fan Jeugdteätergroep Pssstt frege foar in rol yn it toanielstik Muizen en Mensen. Dat befoel him sa goed, dat er trochgie mei aktearjen. Yn 'e folgjende jierren spile Wouterse yn in grut tal toanielstikken, benammen fan it Ro Teäter, mar ek fan toanielselskippen as Stella De Haach, It Nasjonale Toaniel en it Noard Nederlânsk Toaniel. Dêrûnder wiene produksjes fan Otello en Kening Lear fan Shakespeare, De Bruorren Karamazov fan Fjodor Dostojevski en Kening Oidipoes fan Sofoklês.
Op 'e tillefyzje wie Wouterse yn 1990 foar it earst te sjen yn in gastrol yn 'e komeedzjesearje In de Vlaamsche Pot. Yn 1991 makke Wouterse syn debút op it wite doek mei in lytse roltsje yn 'e film De Onfatsoenlijke Vrouw. Syn rol as Jacob yn De Noorderlingen, fan regisseur Alex van Warmerdam waard yn 1992 syn trochbraak as akteur. Yn 1993-1994 hied er in fêste rol as Anton Plantinga yn 'e VPRO-tillefyzjesearje We Zijn Weer Thuis. Yn 1994 wûn Wouterse mei syn optreden yn 'e tillefyzjefilm En Route in Gouden Keal yn 'e kategory bêste manlike byrol.
Neitiid spile er yn films as Lang Leve de Koningin (1995), De Pijnbank (1998) en, yn 'e rol fan 'e Angelsaksyske biskop en misjonaris Willibrord, yn 'e histoaryske aventoerefilm Redbad (2018), fan regisseur Roel Reiné. Foar syn rol as Ko, de heit fan Suzy, yn 'e tillefyzjefilm Suzy Q, krige er yn 1999 jitris in Gouden Keal foar de bêste manlike byrol, en dêropta ek in Fipa d'Or. Hy fertolke gastrollen yn plysjesearjes as Baantjer (twa kear), Blauw-Blauw, Spangen en Flikken Rotterdam. Ek wied er te sjen yn ôfleverings fan 'e komeedzjesearjes Flodder en ’t Schaep met de 5 Pooten, en yn 1999-2001 hied er in weromkearende rol as de foarsitter fan 'e fuotbalklub yn All Stars. As resjersjeur Henk Grijpstra hied er fierders fan 2004 oant 2007 ien fan 'e haadrollen yn 'e plysjerige Grijpstra & De Gier.
Wouterse spile ek yn in soad bernefilms, lykas Kruimeltje (1999), Minoes (2001), Pietje Bell (2002), Pietje Bell 2: De Jacht op de Tsarenkroon (2003), Kameleon 2 (2005) en Kruistocht in Spijkerbroek (2006), dy lêste film nei it boek mei deselde namme fan skriuwster Thea Beckman. Dêrnjonken hie Wouterse yn 2010 de haadrol yn it harkspul De Moker. Ek wurke er in protte as stimakteur. Yn dy hoedanichheid hied er rollen yn tekenfilms as Tarzan (1999), Asterix en Obelix tegen Caesar (1999), Keizer Kuzco (2000), Ice Age (2002), Ice Age: The Meltdown (2006), Ice Age: Dawn of the Dinosaurs (2009), Wickie de Viking (2010), The Muppets (2011) en Monsters University (2013). Yn De Smurfen (2011) en it ferfolch De Smurfen 2 (2013) liende Wouterse syn stim oan Grutte Smurf.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jack Wouterse wennet yn Rotterdam. Hy is troud en hat in oannommen soan, de akteur Koen Wouterse. Nei eigen sizzen is Wouterse tige ferslavingsgefoelich. Hy neamt himsels wurkferslave en hat jierrenlang ferslingere west oan iten en kokaïne. Kollega's as Peter Paul Muller sieten slim yn noed oer de drugsferslaving fan Wouterse, dy't er tweintich jier lang foar hast eltsenien geheim wist te hâlden. Regisseur Alize Zandwijk wiisde Wouterse op in ôfkickklinyk yn Skotlân, en gie krekt salang troch mei him dêroer lestich te fallen, oant er tajoech en himsels dêr yn 2011 opnimme liet. Wouterse ferbleau dêr seis wiken (hoewol't syn behannelders him der fiif moannen hâlde woene. Werom yn Nederlân hied er fiif terapysesjes yn 'e wike foar syn ûnderskate ferslavings. Dat rezjym woed er in jier lang fêsthâlde om it dêrnei foar de rest fan syn libben werom te bringen nei ien kear yn 'e wike.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (ned) Jack Wouterse op Twitter
- (in) Folsleine filmografy fan Jack Wouterse yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.
|