It Wâld (kabaret)
It Wâld is in kabaretselskip út It Oranjewâld. Doe't de iisklub fan Oranjewâld yn 1979 in jubileumrevu opfiere woe socht foarsitter Harmen van der Meulen in groep spilers en skriuwers dy't oan de basis fan de revu stiene. It foldie spilers en publyk skoan en it wie oanlieding om der in ferfolch oan te jaan.
Trije jier letter, yn 1982 brocht dit selskip har earste programma mei as titel Us doarp dea? Nea!!!. De teksten fan dit programma wienen meast fan Roel Bergsma dy't ek meidie oan de beide programma's dêrnei: In Stapke Tebek?! yn 1983 mei Baukje Wytsma, Klaas Jansma en Froukje Annema. Deselde skriuwers soargen ek foar It skip mei soere apels fan 1986. Yn 1989 folge Sjesa! mei as skriuwers Hylkje Goënga, Baukje Wytsma en Klaas Jansma. Nei Frjemde Kostgongers(1994) wie Storein! (1999) harren lêste program; dizze beide programs binne skreaun troch Baukje Wytsma en Klaas Jansma.
Regisseur wie Sytze Krist.
Yn 1984 krige It Wâld de kulturele Hearrenfeanster Turfpriis.
Spilers dy't oan it selskip ferbûn wienen binne û.o. Benny Mulder, Hâns Hoekema, Jantsje de Vries en Gezina Dijkstra dy't ek by Samar spile hat. De komposysjes waarden fersoarge troch Lammy Bruyns en letter troch pianist Herm Warmels. Op 16 jannewaris 1997 wie der in jubileumfoarstelling (15 jier It Wâld) yn it Posthûs op It Hearrenfean.
Yn febrewaris 2006 hat dit selskip, op fersyk, ôfkied nommen fan it Fryske publyk mei twa foarstellings yn De Koningshof mei as motto kabaret It Wâld dûnset noch ien kear troch har 6 programs!