Springe nei ynhâld

It Oranjewâld

Ut Wikipedy
It Oranjewâld
Lângoed It Oranjewâld
Lângoed It Oranjewâld
Emblemen
         
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente It Hearrenfean
Sifers
Ynwennertal 1.620 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 5,07 km² (4,99 km² wetter, 0,08 km² wetter)
Oar
Ferkearsieren A32
Postkoade 8453
Netnûmer 0513
Tiidsône UTC 1
Simmertiid UTC 2
Koördinaten 52° 57′ NB, 5° 57′ EL
Offisjele webside
http://www.oranjewoud-dorp.nl/
Kaart
It Oranjewâld (Fryslân)
It Oranjewâld
Kaart
Lângoed It Oranjewâld
Himrik fan It Oranjewâld

It Oranjewâld (Nederlânsk en offisjeel: Oranjewoud) is in doarp yn de gemeente It Hearrenfean, krekt east tsjin de flekke oan.

It doarp leit oan de súdeastkant fan de wenwyk Skoatterwâld op It Hearrenfean. It doarp 1.620 ynwenners (1 jannewaris 2023). In wichtich part fan It Oranjewâld is in beskerme doarpsgesicht, ien fan de beskerme steds- en doarpsgesichten fan Fryslân. De eastkant is sûnt 2012 in beskerme doarpsgesicht fan It Oranjewâld. Ek it buorskip Brongergea leit dêr. De wenwyk Oranjewâld-Noard waard yn de 1990-er jierren boud. Der binne ek ferskate ryksmonuminten en gemeentlike monuminten yn it doarp, dat net in echte buorren hat.

It Oranjewâld stiet bekend om de oanwêzigens fan de Oranje-Nassaus yn de 17e, 18e en 19e iuw. Tsjintwurdich binne der noch in protte lânguod en bosken. Yn It Oranjewâld leit ek Museum Belvédère, in museum foar moderne en hjoeddeistige keunst.

twatalich komboerd

Tegearre mei It Hearrenfean wurdt It Oranjewâld ek wol 'It Fryske Haachje' neamd, op grûn fan it feit dat de Oranjes en de adel dêr faak kamen. Troch de aadlike bosken en parken en relatyf in protte ryksmonuminten is It Oranjewâld in toeristysk plak wurden.

Ear't Albertine Agnes it gebiet oankocht hie, hiet it gebiet Skoatterwâld (Schoterwold), gewoan 't Wold. It wie benammen beboske terrein. Dat gebiet wie yn de gritenij Skoatterlân. It gebiet wie al yn de 11e iuw bewenne.

It Oranjewâld hat syn namme te tankjen oan de oanwêzigens fan de Oranjes. Yn 1676 kocht prinses fan Oranje Albertine Agnes fan Nassau, dochter fan Freark Hindrik fan Oranje Nassau en widdo fan har man, de Fryske steedhâlder Willem Freark fan Nassau-Dietz it besteande lângoed Sickingastate mei trije pleatsen en joech it de namme Paleis It Oranjewâld. It hûs Oranjestein waard yn dy tiid boud. Sa'n lanlike bûtenpleats wie yn dy tiid moade. Der kamen nei de tiid in soad aadlike minsken te wenjen en it plak krige de namme It Oranjewâld. Sa wennen yn 'It Wâld' de famyljes Van Scheltinga, Van Limburg Stirum, Wouters, Cats en Bieruma Oosting.

Albertine Agnes hie lange leanen, kanalen en tunen oanlein yn barokke styl, nei it Frânske foarbyld. Nei it ferstjerren fan Albertine Agnes urf har skoandochter Henriëtte Amalia fan Anhalt-Dessau, widdo fan Hindrik Kasimir II fan Nassau-Dietz, it besit.

Henriëtte Amalia liet de ferneamde Frânske arsjitekt Daniël Marot, bekend fan Paleis Het Loo, paleis It Oranjewâld ûntwerpe yn in klassisistyske/barokke styl. Twa fleugels waarden oanlein, mar it middelste gebou waard nea boud. Beide fleugels wiene 15 finsterromten breed. Bekende Switserske en Italjaanske plasters waarden oproppen, lykas Simon, Albisetti en Barberino. It ynterieur wie fersierd mei skilderijen fan ferneamde Nederlânske skilders lykas d'Hondecoeter, Rubens, Volders, Honthorst, Netscher en Seghers.

De Lindeleane yn 1855.

Oan it begjin fan de 19e iuw fêstigen har yn It Oranjewâld ferskate foaroansteande famyljes. Fan 1813 ôf kochten se dielen fan it eardere bûten fan de Oranje-Nassaus om dêr eigen lânguod te bouwen.

Tsjintwurdich besteane yn It Oranjewâld noch de bûtens en lânhuzen fan de bûtenpleatsen Oranjewâld, Oranjestein, Klein Jagtlust, Princenhof, Hûs Klemburch en krekt bûten it doarp Oranjehoeve en lânhûs Feanwyk.

Paleis It Oranjewâld, kopergravuere fan P. Fouquet Junior sirka 1765.

Nei't yn 1813 it yn 1813 ferfallen paleis en lângoed Oranjewoud ferkocht waard, waard it yn 1823 eigendom fan Hans Willem de Blocq fan Scheltinga. Hy hie syn jonge jierren trochbrocht op it tichteby lizzende lângoed Pauwenburg. Om 1829 liet er op de âlde fûneminten fan it paleis in neoklassisysk lânhûs bouwe. Sa bleau it lângoed It Oranjewâld yn in beskate sin bestean.

Hans Willem de Blocq fan Scheltinga hie waarme kontakten mei de keninklike famylje, hy wiksele brieven mei kening Willem I en yn 1852 kaam kening Willem III op it lângoed te ferbliuwen, nei't er earder as kroanprins op besite west hie. Dêrtroch koe kening Willem III de tunen besjen dy't syn foarâlden makke hiene. It Keninklik Hûs komt streekrjocht ôf fan de Oranje-Nassaus dy't yn It Oranjewâld wennen.

It Oranjewâld bleau sa no en dan besite krije fan leden fan de keninklike famylje, wêrûnder prinsesse Juliana. Mar ek prins Hendrik, prins Bernhard, prinses Beatrix en prins Claus hawwe it lângoed besocht.

It lângoed It Oranjewâld is nei erfenis ferkocht oan it Ynstitút foar Lânboukoöperaasje en is no eigendom fan de Stichting FB Oranjewoud.

Oranjestein

Op it eardere lân fan de steedhâldersfamylje stie in steedhâlderhûs. Dat waard yn 1820 oankocht troch Pieter Cats, in Snitser advokaat. Dit bûten waard Oraniënstein neamd. Cats liet it hûs yn neoklassisistyske styl renovearje.

It lângoed beslacht likernôch 28 hektare en befettet ferskate ryksmonuminten. Der is in oranjery út 1876, kassen, in koetshûs en ferskate tsjinstwenten.

De skoansoan fan Pieter Cats, Johannes Bieruma Oosting, syn soan Jan en pakesizzer Johan wreiden it park fierder út. Sa is yn de 19e iuw by it lânhûs in lânskipspark oanlein troch túnarsjitekt Lucas Pieters Roodbaard, dy't ferskate tunen yn It Oranjewâld ûntwurp. It Oranjesteinpark wie ien fan syn grutste projekten.

Yn 2022 waard it lângoed troch de famylje De Beaufort ferkocht oan de stichting Stinze-Stiens, dy't hûs en tún as erfguod behâlde wol. It park is om de simmer hinne op snein te besykjen.

Lyts Jagtlust

Yn 1856 liet Pieter Cats noch in lângoed mei de namme Klein Jagtlust bouwe, ek op it eardere terrein fan de steedhâldersfamylje.

Cats wie ien fan de rykste ynwenners fan Fryslân en liet arsjitekt Jacob Izaäks Douma in lânhûs yn neoklassisistyske styl ûntwerpe. It park waard oanlein yn de Ingelske lânskipsstyl. Letter waard Johannes Bieruma Oosting erfgenamt fan it lângoed. Neist it lânhûs hat it lângoed ferskate ryksmonuminten, wêrûnder ferskate koetshuzen en it park mei in hartepark. It lângoed is partikulier eigendom.

Yn 1906 waard yn opdracht fan greve Karel Louis Adrien Juste Van Limburg Stirum neist it jachtslot út 1724 in nij lânhûs mei koetshûs boud, dat Princenhof hjit. Dat lânhûs yn neoklassisistyske styl waard boud op it terrein fan it eardere lângoed It Oranjewâld en waard yn 1907 útwreide sadat de mem fan de húsfrou dêr wenje koe. It is op it stuit in ryksmonumint en yn partikulier eigendom.

It âldste part fan Hûs Klemburg waard om 1632 hinne boud. Dy hearde earder by it tichteby lizzende lângoed Pauwenburg fan Onno Zwier fan Haren. It wie eigendom fan de famyljes Adema en Feickens. De Adema's wreiden har besit út troch grûn oan te keapjen en dêr in park en in tsien meter hege heuvel op te bouwen, de 'Brongergeaberch'.

Oare grutte gebouwen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Hotel Tsjaarda
  • It Jagershûs
  • It Switserske Húske
  • Oranjehoeve
  • Woudoord
  • De Nijhorst
  • Donglust
  • Semper Virens

Foar de anneksaasje troch It Hearrenfean foel ek de filla Blau Hûs noch ûnder It Oranjewâld. Earder wienen der noch Ontwijk, Veenzigt, Brouwershave, De Tent, Pauwenburch,Carolineburg, Lyts Marsicht,en de loazjeminten De Kom en Weener.

Oarspronklik wie it bedoeld as iiskelder, mar letter yn 1907 waard it ferkocht en boude hoteleigner Andreas Willem Tjaarda dêr in hoale en betonnen útsjochtoer, de belvedêretoer. De toer is 18 meter heech en stiet hast tritich meter boppe de grûn. It is de ienige betonnen belvedere yn Nederlân. Sawol de toer as Hûs Klemburg binne ryksmonuminten.

Yn en om It Oranjewâld binne noch in tal grêfkelders, lykas dy fan de famyljes Bienema en Van Limburch Stirum yn (It Oranjewâld), Van Scheltinga yn (Brongergea), en Wouters en Van Heloma yn (Aldskoat).

Sûnt 22 desimber 1930 bestiet Pleatslik Belang fan It Wâld. Doarpskrante De Wâldknyn jout nijs oer It Oranjewâld. Alle jierren is der in doarpsfeest.

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
1954 1959 1964 1969 1973 2005 2006 2007 2008 2009 2010 2013 2023
569 541 595 926 862 1062 1062 1041 1043 1045 1042 1580 1620

(Boarnen: 2013 en 2023: Alle Cijfers.)

Berne yn It Oranjewâld

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


It Oranjewâld hat sûnt de ein fan de 17e iuw reizgers lutsen troch de oanleine parken en tunen en oranjery mei eksoatyske planten. Doe't de keninklike famylje yn it Oranjewâld bleau, naam it tal besikers bot ta. Foaroansteande Fryske famyljes waarden yn it paleis útnoege, mar boargers woene ek in glim fan de famylje krije.

Mei tastimming fan Willem IV waard om 1740 op it grûngebiet fan de steedhâlder in earste ferbliuwshûs boud, de Tent neamd. Hotel Heidewoud waard oprjochte yn 1834 en letter kamen hotel De Kom en hotel Koningshof derby, folge troch hotel Weener. Hjoed-de-dei besteane allinnich Koningshof en Heidewoud (no Hotel Tjaarda) noch. Benammen dy lêste is bekend wurden om syn teetún, doalhôf, grot, wachttoer en boarterstún. Hjoed-de-dei bestiet allinnich noch de útsjochtoer, de Belvédère-toer.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Albertine Agnesskoalle
  • Albertine Agnesskoalle

De strjitten fan It Oranjewâld.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

 
Wenwiken fan It Hearrenfean

De Heide | De Greiden | De Ikkers | Hearrenfean-Midden | Hearrenfean-Noard | Nijehaske | Skoatterwâld

Oanswettende buorskippen & doarpen
Aldskoat (1965-2003 Hearrenfean-Súd) | It Mar | It Oranjewâld | Nijskoat

It Hearrenfean
Doarpen en útbuorrens:
AldeboarnAldhoarneAldskoatAkkrumBontebokGersleatHaskerdikenHoarnstersweachIt HearrenfeanJobbegeaKetlikDe KnipeLúnbertMildaamNesNijbrêgeNijhoarneNijskoatIt OranjewâldTerbantTsjalbert
Buorskippen:
AldskouAnnebuorrenBrongergeaBurstumEasterboarnJinshuzenMeskenwierPeanPoppenhuzenJobbegea-SkuorregeaSoarremoarreSpitsendykSythuzenWarniahuzen
· · Berjocht bewurkje