International Security Assistance Force
Appearance
De International Security Assistance Force ek wol ISAF is in gearwurkingsferbân fan militêre NAFO ienheden yn Afganistan. ISAF sette yn 2001 útein yn Kabûl en stiet sûnt 5 oktober 2006 noed foar hiel Afganistan. ISAF hat ta doel foar feiligens te krewearjen foar presidint Hamid Karzai.
Gearstalling ISAF
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne 37 lannen dy't meidogge oan de NAFO-missy (febrewaris 2007). Meiïnoar binne der likernôch 35.000 militêren. It haadkertier fan ISAF is yn 'e haadstêd Kabûl. Der binne fiif regionale kommando's
Regio kommando | Under NAFO befel sûnt | |
---|---|---|
1 | Sintraal | 2001 |
2 | Noard | 2004 |
3 | West | 2005 |
4 | Súd | 1 augustus 2006 |
5 | East | 5 oktober 2006 |