Hugo Pos
Hugo Pos | ||
skriuwer | ||
Hugo Pos (1998) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oar pseudonym | Ernesto Albin | |
echte namme | Hugo Pos | |
berne | 28 novimber 1913 | |
berteplak | Paramaribo | |
stoarn | 11 novimber 2000 | |
stjerplak | Amsterdam | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk | |
sjenre | gedichten, koarte-ferhalen |
Hugo Pos (Paramaribo, 28 novimber 1913 — Amsterdam, 11 novimber 2000) wie in Surinaamsk jurist, skriuwer en dichter.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Pos wie de twadde soan fan de joadske Coenraad Simon Pos en Abigaël Morpurgo, dy't út in joadsk laach fan Surinaamkse drukkers stamme. Pos folge de legere skoalle en de Mulo yn Suriname. Doe't er 14 jier wie, yn 1925, waard er nei Nederlân stjoerd, dêr't er it gymnasium yn Alkmaar folge. Dêrnei studearre er rjochten yn Leien en letter ek yn Parys. Krekt nei syn ôfstudearjen foelen de Dútsers Nederlân yn (1940). Pos besleat doe it lân te ferlitten en gie nei Skeveningen, om dêr wei mei in sloep de Noardsee oer te stekken. Mei twa oaren sette er útein, mar sy bedarren yn Dúntsjerk. Dêr makke er de evakuaasje fan de Britske troepen mei nei it Frânsk-Ingelsk beliesjaan en gong werom nei Nederlân.
Yn 1940 hearde er oer de mooglikheid om oer Delfsyl fuort te kommen, lykas krekt earder Chris Krediet dien hie. Hy meunstere as kok oan op de kustfarder 'Mascotte' en berikte sadwaande Finlân. Dêrwei gie it nei Wladiwostok, dêr't er Chris Krediet tsjinkaam; tegearre giene hja mei in Japanske frachtskip, dat ek in protte joadske flechtlingen oan board hie, nei Japan. Oer San Francisco kamen hja yn Stratford yn Kanada oan, dêr't sy in koarte militêre oplieding krigen. Oktober 1941 kaam Pos mei in troepeskip te lâne yn Wolverhampton, Ingelân.
Yn de oarlochsjierren hâlde er yn Ingelân ta, letter yn Yndoneezje en yn Japan om oarlochsmisdiedigers te berjochtsjen.
Pos wie letter rjochter yn Suriname en yn Nederlân. Yn Oost en West en Nederland (1986) ferhellet er tsjin Jos de Roo oer al d ûnderfinings.
Raymond Henri Pos, syn âldere broer hat advokaat-generaal en letter waarnimmend prokureur-generaal west by it hof fan justysje yn Suriname foar't er fan 1954 oant 1963 folmacht minister fan Suriname yn Nederlân waard.
Dichter
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de kriich, yn Suriname, skreau er ûnder de skûlnamme Ernesto Albin gedichten yn it tydskrift Soela (1963-1964) en in tal toanielstikken, ûnder mear it fan himsels regisearre Vive la Vida (1957). Syn harkspul Black and White út dy tiid waard bekroane. Hy sette earst let út eim mei it skriuwen fan proaza; wol publisearre er in stikmannich bibliofile bondeltsjes kwatrinen, dy letter samle binne yn Een uitroep zonder uitroepteken (1987) en ferskate oare bondels.
Yn syn earste ferhalebondel Het doosje van Toeti (1985) sjocht er werom op syn jonkheit yn Paramaribo en syn oertocht nei Hollân (ien dêrfan yn Verhalen van Surinaamse schrijvers, 1989). De ferhalen út syn twadde bondel, De ziekte van Anna Printemps (1987), spylje harren oeral yn de wrâld ôf. Dat kosmopolitisme wurdt ek fûn yn de bondel essays en reisferslaggen dy't ferskynde by gelegenheid fab syn 74e jierdei, Reizen en stilstaan (1988); dêryn tinkt er ek nei oer de morele ymplikaasjes fan de oardielen dy't er as fertsjintwurdiger fan it koloniale gesach útsprekke moast oer kolonisearren.
Pos syn wize fan observearjen set alles yn in relativearjend, myld-ironysk ljocht. Hy is in treftich stylist dy't troch in subtile opbou en werjefte fan de feiten it tafallige, sa't it liket, fan de dingen ta eat aparts wit te meitsjen. Al syn boeken ferskynden by In de Knipscheer.
Pos skreau fierder it toanielstik De tranen van Den Uyl (1988) en wie jierrenlang resinsint foar Surinaamske literatuer fan it deiblêd Het Parool en resinsearre Japanske literatuer foar de krante Trouw. Fan him ferskynden in ferskaat oan oersjochsartikelen oer de Surinaamske letteren en hy makke yn 1973 it Suriname-nûmer fan Tirade. Hy brocht yn 1995 syn autobiografy út: In triplo, wêfoar't er de E. du Perron-priis krige. Oare boeken: Van het een (1992), Voordat ik afreis (1993), Gedane zaken (1996), Het verlaten koninkrijk (1996), Voorbij Confucius (1996), Het averechts handelen (1997), Tot in de nde nde graad (1998), De ongewisse tijd (1999), Het talmen van de tijd (2000), Twaalf balladen (2005).
Pos wie yn Suriname ferbûn oan de Surinaamske Rjochtsskoalle en Eddy Hoost en Harold Riedewald waarden fan him oplaat ta advokaat.
“ | Ik vroeg mijn guru: Waar ontspringt de droom, in mij of buiten mij, of is er soms een zone, |
” |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
- Surinaamsk abbekaat
- Surinaamsk rjochtsgelearde
- Surinaamsk dichter
- Surinaamsk toanielskriuwer
- Surinaamsk koarte-ferhaleskriuwer
- Surinaamsk harkspulskriuwer
- Surinaamsk autobiograaf
- Surinaamsk literatuerkritikus
- Surinaamsk toanielregisseur
- Nederlânsk abbekaat
- Nederlânsk rjochtsgelearde
- Nederlânsk dichter
- Nederlânsk toanielskriuwer
- Nederlânsk koarte-ferhaleskriuwer
- Nederlânsk harkspulskriuwer
- Nederlânsk autobiograaf
- Nederlânsk literatuerkritikus
- Nederlânsk toanielregisseur
- Surinaamsk persoan fan Joadsk komôf
- Surinamist
- Ingelânfarder
- Nederlânsk persoan fan Surinaamsk komôf
- Nederlânsk persoan fan Joadsk komôf
- Nederlânsk persoan fan Surinaamsk-Joadsk komôf
- Persoan berne yn 1913
- Persoan stoarn yn 2000