Hofstra Universiteit
Hofstra Universiteit | ||
de Seryl and Charles Kushner Hall, de rjochtsfakulteit fan Hofstra University | ||
Namme | ||
Ynternasjonale namme | Hofstra University | |
Biedwurd | Je maintiendrai | |
Lokaasje | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Plak | Hempstead | |
Oare bysûnderheden | ||
Type | partikulier | |
Oprjochting | 1935 | |
Tal studinten | 12.400 | |
Tal meiwurkers | 1.185 akademysk | |
Offisjele webside | ||
www.hofstra.edu |
De Hofstra Universiteit (Hofstra University) is in Amerikaanske partikuliere universiteit yn Hempstead op Long Island yn de steat New York.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hofstra is stifte yn 1935 op basis fan de neilittenskip fan de rike houtmagnaat William Sake Hofstra (1861-1932) en syn frou Kate Mason Williams (1854-1933). De heit fan William, Sake Hoftra, waard berne yn Frjentsjer en emigrearre nei de Feriene Steaten, dêr't er troude mei de Wilhelmina Lageweg, dy't fan Nederlânsk komôf wie. William en Kate krigen gjin bern en lieten in grut jildbedrach nei.
De Hofstra's har went wie ferneamd ûnder de namme The Netherlands en is no in part fan it universiteitskompleks. Ek it biedwurd fan de universiteit, Je maintiendray (it motto fan Willem fan Oranje, Ik sil hanthavenje) bringt de Nederlânske nammejouwer te binnen. It wapen hat twa liuwen sûnt de jierren 40; yn 't earstoan wienen it twa mantsjes, mar sûnt 1987 in mantsje en in wyfke, dy't ynformeel 'Kate' en 'Willy' neamd wurde. De universiteitskleuren binne goud en blau, de flagge is goud/wyt/blau.
Hofstra University hie lang de bynamme The Flying Dutchmen (of Dutchmen of allinne Dutch). De offisjele teamnamme fan alle sportteams is sûnt 2005 The Pride ("grutskens").
De skoalle sette útein as in part fan de New York University en waard ûnôfhinklik yn 1937 ûnder de namme Hofstra College. Yn 1963 feroare sy har namme yn Hofstra University.
Hofstra University hie yn 2008 benei 13.000 studinten.
Rektors
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Truesdel Peck Calkins (1937-1942)
- Howard S. Brower (1942-1944)
- John Cranford Adams (1944-1964)
- Clifford Lee Lord (1964-1972)
- James H. Marshall (1972-1973)
- Robert L. Payton (1973-1976)
- James M. Shuart (1976-2001)
- Stuart Rabinowitz (2001-no)
Ferneamde âld-studinten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt 1935 binne sa'n 100.000 studinten op Hofstra ôfstudearreafgestudeerd. In kar:
- Ron Kovic, aktivist, auteur fan Born on the Fourth of July
- Robert O. Muller, mei-oprjochter fan International Campaign to Ban Landmines, winner Nobelpriis foar de Frede 1997
- James Caan, akteur
- Susan Sullivan, aktrise
- Francis Ford Coppola, Oscarwinnende filmregisseur, filmprodusint en senarioskriuwer fan ûnder oaren: The Godfather, The Godfather Part II, Apocalypse Now, Patton, The Outsiders, American Graffiti
- Christopher Walken, Oscarwinnende akteur
- Lou Berger, haadskriuwer fan Sesamstraat, winner fan 10 Emmy Awards
- Nelson DeMille, bestsellerauteur
- Stephen Dunn, Pulitzer-priis foar poëzy 2001
- Marilyn French, skriuwster en feministe
- Bernard Madoff, fraudeur
Earedoktoraat (karút)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Jan Peter Balkenende, earder minister-presidint fan Nederlân, maaie 2011
- Barbara Bush, eardere First Lady april 1997
- George H.W. Bush, 41ste presidint, april 1997
- Bill Clinton, 42ste presidint, novimber 2005
- Dwight D. Eisenhower, 34ste presidint, Doctor of Humane Letters 1950
- Gerald R. Ford, 38ste presidint: earegraad yn 1981
- Alan Greenspan, earder foarsitter fan de Federal Reserve Board
- Freddy Heineken, bierbrouwer, 1996
- Billy Joel, musikus: earegraad 1997
- Martin Luther King, boargerrjochtenaktivist: earegraad 1965
- Margaret Thatcher, eardere premier fan it Feriene Keninkryk; earegraad 2000
- James D. Watson, molekulêr biolooch, mei-ûntdekker fan de struktuer fan it DNA-molekule, mei-winner fan de Nobelpriis: earegraad 1976