Springe nei ynhâld

Hoax

Ut Wikipedy

In hoax is spesifike term foar in leagen of oare foarm fan bedragerij dy't troch immen mei opsetsin útfierd wurdt om 'e wierheid te maskearjen en sa oare minsken te mislieden. Dêrby kin it gean om in foarm fan humor; sa binne de measte ien-aprilgrappen hoaxes. Ferfelender wurdt it, as it giet om mispleatste humor, oer ûnderwerpen of útfierd op manearen dy't foar slachtoffers net grappich binne. Hoaxes kinne fierders ek te kweader trou útfierd wurde om persoanen of ynstellings yn opspraak te bringen of harren goede namme te skansearjen troch se ferhalen publisearje te litten dy't letter net wier blike te wêzen. In hoax kin ûnderskaat wurde fan in oprjochte flater op it mêd fan oardiel of waarnimming, wêrby't gjin opset yn it spul is. It wurd 'hoax' is in resint lienwurd út it Ingelsk, dat wierskynlik fuortkomt út in gearlûking fan it earste diel fan 'e bekende toverspreuk "hokus-pokus".

Ien fan 'e ierst bekende hoaxes waard yn 1708 útfierd, doe't de Ingelske skriuwer Jonathan Swift ûnder de skûlnamme Isaac Bickerstaff in almenak útjoech, wêryn't er it ferstjerren fan John Partridge oankundige, ien fan 'e liedende astrologen fan dy tiid. Op 'e dei dat Partridge stjerre sillen hie, publisearre Swift boppedat noch in treurdicht foar him. As gefolch dêrfan rekke de reputaasje fan Partridge slim skansearre en kaam syn eigen astrologyske almenak seis jier lang net út. Yn it ynternettiidrek binne hoaxes makliker út te fieren as foarhinne. In bekende moderne hoax is bygelyks de saneamde Tourist Guy, in man dy't op 11 septimber 2001 op it dakterras fan it World Trade Center yn New York in selfie makke hawwe soe dêr't op 'e eftergrûn ien fan 'e fleantugen op te sjen is, dy't him in pear tellen letter, by de terroristyske oanslaggen fan 9/11, yn it gebou boarre hawwe soe. Dy foto krige in soad bekendheid foar't men útfûn dat er eins makke wie yn 1997 en dat it fleantúch der letter yn plakt wie. Ek offisjele ynstânsjes fiere soms hoaxes út; sa stjoerde de Waalske omrop RTBF op 13 desimber 2006 it berjocht de wrâld yn dat Belgje dy deis troch de ôfskieding fan Flaanderen útinoar fallen wie en dat de Belgyske keninklike famylje it lân ûntflechte wie.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.