Springe nei ynhâld

Hillige Tunyk

Ut Wikipedy
De Hillige Tunyk

De Hillige Tunyk yn 'e domtsjerke fan 'e Dútske stêd Trier wurdt neffens de tradysje fereare as in relikwy mei fragminten fan it ûnderkleed fan Jezus. Of de relikwy echt is, is in saak fan strideraasje, yn 1973 wie de relikwy ûnderwerp fan in tekstylargeologysk ûndersyk, mar de komôf en de âldens koe net krekt fêststeld wurde.

Krusiging mei dobbeljende soldaten
(James Tissot)

De evangelisten Mattéus en Jehannes skriuwe yn it lijensferhaal beide oer de klean fan Jezus:

Jehannes 19:23-24:
Doe't de soldaat Jezus oan it krús slein hiene, ferparten hja de klean yn fjouweren, foar elke soldaat in part en noch it ûnderkleed. Dat ûnderkleed wie sûnder naad, fan boppen oant ûnderen út ien stik weefd. Doe seine hja tsjin inoar: litte ús dat net stikken skuorre, mar litte wy der om lotsje wa't it ha sil. Sa kaam it Skriftwurd (sjoch Psalm 22:19) nei: Se hawwe myn klean ferparte en om my klaaiing hawwe hja lotte.

Mattéus 27:35:
Nei't se him oan it krús slein hiene, ferlotten se syn klean ûnderinoar.

Neffens de oerlevering soe Helena fan Konstantinopel, de mem fan Konstantyn de Grutte, de relikwy mei nei Trier brocht hawwe. Sa wolle 12e-iuwske boarnen dat teminsten ha. Dy boarnen moatte lykwols yn it ljocht sjoen wurde fan 'e midsuiwske Trierske tsjerkepolityk en de dêr fanút geande machtsoanspraken.

It relikwy wurdt op 1 maaie 1196 foar it earst yn in dokumint neamd, doe't aartsbiskop Johann I it heechalter fan it nije eastlike koer fan de Trierske Sint-Piterdom wijde en dêr de Hillige Tunyk yn opburch. Mei de fynst koe it bisdom Trier de machtige konkurrint, de abdij fan Prüm, pyksette, dy't de sandalen fan Jezus besiet en dêrmei heech oansjen hie.

Yn 'e Keizerkronyk, in kronyk op rym dy't om 1140-1150 hinne yn Regensburg ûnstien is, wurdt skreaun hoe't Helena de Hillige Tunyk tegearre mei oare relilken nei Trier brocht.

Doe't keizer Maksimilaan I yn 1512 nei Trier kaam, woe dy de Hillige Tunyk ek sjen. Aartsbiskop Richard fan Greiffenklau liet yn bywêzigens fan 'e keizer mei in soad biskoppen en prelaten it alter iepenje. Nei in misse foar de ferstoarne frou fan keizer Maksimilaan I easken de boargers doe dat hja ek de Hillige Tunyk sjen koene. It kapittel liet neffens houtgravueres doe in loggia oan de westlike aspis bouwe, dêr't sûnt 30 juny op ferskillende tiden de relikwy toand waard. Oant 1517 waarden dêrnei alle jierren beafearten organisearre nei Trier. Op oanstjoering fan paus Leo X moasten de beafearten fan Trier mei dy fan Aken Ofstimd wurde en sa fûnen de folgjende beafearten ienris yn 'e sân jier plak: 1524, 1531, 1538 en 1545. Fanwegen oarloch en de ûnrêst troch de reformaasje waarden de beafearten nei dat lêste jier útsteld en dêrnei stopset.

It relikwy waard fan 1628 oant 1794 mei in pear ûnderbrekkings foar mear as 140 jier op de fêsting Ehrenbreitstein by Koblenz bewarre. Dêr waard de Hillige Tunyk op 4 maaie 1765 troch biskop Johann IX Philipp von Walderdorff útstald wêrmei in nije beafeart ûntstie.

De lêste Trierske karfoarst Clemens Wenzeslaus naam de relikwy mei syn ferballing nei Augsburg mei en it duorre oant 1810 dat de Hillige Tunyk wer nei Trier werom kearde, dêr't er nei in útstalling foar de pylgers opteard en yn in metalen hâlder lein waard en dêrnei yn in holle romte fan it heechalter opburgen waard. De iepening waard tichtmitsele, itjinge sa ek dien waard nei de beafeart fan 1844.

Beafeart Hillige Tunyk (1844)

Yn 1844 fûn in grutte beafeart plak yn Trier. Yn 'e 50 dagen dat de Hillige Tunyk toand waard kamen likernôch in heal miljoen minsken nei de stêd. De organisaasje fan de beafeart levere lykwols net allinne de spot op út protestantske hoeke, mar ek fan ferlichte katoliken. De preester Johannes Ronge klage bygelyks dat de beafeart in mislieding wie fan ienfâldige minsken mei in leech ynkommen, dy't ûnder drege omstannichheden in hiel ein reizgje moasten om de Hillige Tunyk te sjen. It offerjild dat ynsammele waard ferlike de preester mei hannel yn it byleauwe fan minsken; lykas bekend hie Kristus ommers de minsken syn geast neilitten, net syn ûnderkleed. Foar dy opmerkingen waard Ronge ekskommunisearre en dat wie it begjin fan 'e Dútsk-Katolike Beweging, dy't los fan Rome woe.

Foar de beafeart fan 1891 waard it relikwy út it alter helle en troch saakkundigen ondersocht. Fanwegen de minne steat fan it tekstyl waard it weefsel oan 'e foarkant mei plantaardige kleefstof behannele. Neffens de doetiidske kennis wie dat hiel gewoan, mar it brocht in net om te kearen feroaring mei om 't de kleefstof mei de tiid brún ferkleure. Om fierder ferfal fan it hillich stik weefsel te kearen waard it relikwy net mear opteard bewarre, mar sûnder op te tearen yn in neogoatyske skryn lein.

De Hillige Tunyk yn Trier

Sûnt de lêste restauraasje fan de dom wurdt it relikwy yn 'e barokke Heiltumskapelle bewarre. De Hillige Tunyk kin foar it behâld allinne noch lizzend bewarre wurde. It relikwy leit yn 'e 19e-iuwske skryn yn in glêsfitrine, dy't der foar soargje moat dat it klimaat foar it weefsel stabyl bliuwt. Te fochtich bringt skimmel en te droech bestjut dat de yn 1891 oanbrochte kleefstof fierder ferhurdet.

De skryn wurdt út en troch iepene om de steat fan it weefsel te kontrolearjen. Dy ynspeksjes fine yn in lytse groep plak mei it domkapittel, de Trierske biskop en faklju foar tekstylkonservearing. Nei elts ûndersyk wurdt it hillichdom wer fersegele mei de segels fan 'e biskop en dy fan it kapittel. Troch de minne steat fan it weefsel koe de âlde tradysje fan it hingjend útstalle fan 'e Hillige Tunyk foar it lêst yn 1959 holden wurde, doe't de stof tusken twa glêsplaten ynklemd waard.

Yn 1996 en 2012 waard de Hillige Tunyk yn in fitrine lein sadat pylgers der bylâns rinne koene. Yn it ferline wie it wenst dat pylgers it weefsel koene oanreitsje, mar dat is fansels net mear moooglik.

Alle jierren wurde yn Trier de saneamde Heilig-Rock-Tage holden. Dan wurdt de oars altiten sletten Heiltumskapelle iepene en kinne minsken in besite bringe oan it relikwy.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Heiliger Rock