Springe nei ynhâld

Hawaï (eilân)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Hawaiï (eilân))
Hawaï
polityk
soarte gebiet eilân
lân Feriene Steaten
steat Hawaï
haadplak Hilo
grutste plak Hilo
sifers
ynwennertal 185.000 (2010)
oerflak 10.432,5 km²
befolkingstichtens 17,7 / km²
oar
tiidsône UTC –10
simmertiid gjin simmertiid
offisjele webside
www.co.hawaii.hi.us

Hawaï (Ingelsk: Hawaii, útspr.: [hə'wɑ:i:], likernôch: "huh-ûaa-ii"; Hawaïaansk: Hawai‘i, útspr.: [hə'vaiʔi], likernôch "huh-vai-y") is it grutste eilân fan 'e Hawaï-arsjipel, in eilannegroep yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan dy't nei dit eilân ferneamd is. Teffens is it it grutste eilân fan 'e Amerikaanske steat Hawaï, dy't nei de arsjipel ferneamd is. Mei in oerflak fan 10.432,5 km² is Hawaï grutter as alle oare Hawaï-eilannen mei-inoar. Feitliks is it nei de beide haadeilannen fan Nij-Seelân it grutste eilân fan hiele Polyneezje. Dêrfandinne stiet Hawaï ek wol bekend as the Big Island ("it Grutte Eilân"), in namme dy't faak brûkt wurdt om betizing mei de arsjipel of de steat foar te kommen. De grutste stêd op it eilân is Hilo, dat teffens it bestjoerssintrum is.

It eilân Hawaï hat in totaal oerflak fan 13.170 km², wêrfan't 10.432,5 km² út lân en 2.737,5 km² út wetter bestiet. Dêrmei beslacht it eilân 62,7% fan alle lân yn 'e Amerikaanske steat Hawaï. It eilân mjit op it breedste punt 150 km fan east nei west, en omfiemet it súdlikste punt fan alle fyftich Amerikaanske steaten, nammentlik Ka Lae. Noardwestlik fan Hawaï, oare kant it ‘Alenuihāhā-kanaal, lizze de eilannen Maui en Kahoölawe. De fulkaan de Haleakalā, op Maui, is fanôf Hawaï te sjen. Oan 'e súdkant fan Hawaï is de tichtstbye drûge grûn te finen yn 'e Line-eilannen, dy't ta Kiribaty hearre. It eilân Hawaï waard 400.000 jier lyn foarme troch fulkanyske aktiviteit, en is dêrmei it jongste eilân fan 'e arsjipel, en it iennichste dat noch aktive fulkanen hat.

De lizzing fan Hawaï yn 'e Hawaï-eilannen.

Der lizze fiif fulkanen fan op it eilân. De Kohala, yn it uterste noardwesten, is dea. De Mauna Kea, yn it noarden, dy't sliept, is de heechste berch fan 'e steat Hawaï, mei in hichte fan 4.205 m. Metten fan 'e (ûnderseeske) basis ôf is it eins de heechste berch fan 'e wrâld, mei't de basis fan 'e Mount Everest boppe seenivo leit. Yn it uterste westen fan it eilân Hawaï leit de lytse aktive fulkaan de Hualālai, en yn it uterste súdeasten de jongste fulkaan, de Kīlauea, dy't ek aktyf is, en feitlik sûnt 1983 sûnder ophâlden oan it útbarsten is. Mear as de helte fan it oerflak fan it eilân Hawaï wurdt lykwols yn beslach nommen troch de ûnbidich grutte aktive fulkaan de Mauna Loa, wêrfan't de top yn 'e midden fan it eilân leit.

Noardwestlik fan it eilân Hawaï leit de fulkaan de Māhukona, wêrfan't de top alwer ûnder de weagen ferdwûn is. Underwilens is op 35 km súdeastlik fan it eilân allegeduerigen de ûnderseeske fulkaan de Lō‘ihi aktyf, dy't no oant 980 m ûnder it see-oerflak rikt. It tinken is dat de Loihi tusken 10.000 en 100.000 jier fan no ôf troch it see-oerflak hinne brekke sil, sadat der in nij eilân ûntstiet. Troch de aktiviteit fan sawol de Mauna Loa as de Kīlauea groeit Hawaï noch altyd; tusken 1983 en 2002 kaam der sa'n 220 ha lân by. Lavastreamen hawwe ferskate doarpen folslein ferrinnewearre, wêrûnder Kapoho yn 1960 en Kalapana en Kaimu yn 1990.

De lokaasje fan 'e fiif fulkanen fan Hawaï.

Men wol hawwe dat Hawaï ferneamd is nei Hawai‘iloa, de legindaryske Polynezyske seefarder dy't it eilân as earste ûntdiek. Oaren miene dat de namme ôflaat is fan Hawaiki, it mytyske plak dêr't de Polynezyske folken oarspronklik wei kommen wêze soene. Hawai‘i, de Hawaïaanske namme foar it eilân, is troch prosessen fan klankferskowing etymologysk en linguïstysk ekwifalint oan Savaii yn it Samoaansk, dat de namme fan it grutste eilân fan Samoä is.

De earste blanke dy't it eilân Hawaï oandie, wie de Britske ûntdekkingsreizger James Cook, dy't de Hawaï-eilannen by syn earste besyk, yn 1778, de neitiid yn ûnbrûk rekke namme fan 'Sandwicheilannen' joech. By in twadde besyk oan it eilân Hawaï, op 14 febrewaris 1779, waard Cook op it strân fan 'e Kealakekua-baai deade doe't der opskuor ûntstie oer it meinimmen troch de lânseigen befolking fan in roeiboat, dat troch de Britten útlein waard as dieverij. It eilân Hawaï wie it berteplak fan 'e ali‘i (haadman) Pai‘ea Kamehameha, dy't alle Hawaï-eilannen yn 1795 ûnder syn hearskippij feriene en regearre ûnder de namme Kamehameha de Grutte. Hy wie it dy't de hiele arsjipel nei syn thúseilân ferneamde.

Op 2 april 1868 waard it eilân Hawaï troffen troch in slimme ierbeving fan nei skatting tusken de 7,5 en 7,9 op 'e Skaal fan Richter. Dat wie de meast ferneatigjende ierdbeving út 'e dokumintearre skiednis fan Hawaï. Der kamen 77 minsken om, 31 troch in ierdferskowing benoarden Pahala, en 46 oan 'e kust troch in tsûnamy, dy't heger rikte as de toppen fan 'e palmbeammen en op guon plakken goed 500 m it lân yn kaam. Fiif doarpen rekken slim skansearre. Op 29 novimber 1975 fûn der fannijs in swiere ierdbeving plak, diskear fan 7,2 op 'e Skaal fan Richter, wêrby't twa deaden foelen.

In lavastream op it eilân Hawaï.

Slimmer wiene de tsûnamys dy't op 1 april 1946 en op 23 maaie 1960 feroarsake waarden troch ierdbevings yn Alaska, resp. Sily, en dy't slimme skea oanrjochten yn 'e stêd Hilo. Yn 1946 kamen yn Laupahoehoe 16 skoalbern en 5 ûnderwizers om doe't de floedweach de pleatslike skoalle trof. Yn maart 2011 rjochte in tsûnamy dy't feroarsake wie troch in ierdbeving oan 'e eastkust fan Japan midsmjittige skea oan op it eilân Hawaï, dy't likegoed foar iepenbiere gebouwen allinnich al sa'n $3 miljoen bedroech.

It eilân Hawaï omfiemet ien county, dy't it hiele eilân beslacht, te witten Hawaï County, mei de stêd Hilo as haadplak. De county wurdt bestjoerd troch in boargemaster, dy't sûnt 2004 net mear ta ien fan 'e beide grutte Amerikaanske politike partijen (de Demokratyske Partij en de Republikeinske Partij) heart, mar polityk neutraal is. De county is ûnderferdield yn njoggen bestjoersdistrikten, dy't basearre binne op 'e moku, tradisjonele ferdielings fan lân yn it prekoloniale Hawaï.

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie it eilân Hawaï doe in befolking fan 185.000 minsken, wat delkomt op in befolkingstichtens fan 17,7 minsken de km². It grutste plak op it eilân is de countyhaadstêd Hilo, mei yn 2010 in befolking fan 43.000 minsken. Fan 'e eilânbefolking wie datselde jiers 13.5% âlder as 65 jier en 26,1% jonger as 18 jier. Fierders bestie 30,4% fan 'e húshâldings út ien persoan. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 34,5% blanken; 22,6% Aziaten; 12,4% lânseigen Hawaïanen en oare Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 11,8% Latino's; 0,7% swarten; 18,0% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.