Haven fan Harns
Appearance
(Trochferwiisd fan Harnzer haven)
De Haven fan Harns oan de Waadsee is de grutste seehaven fan de provinsje Fryslân. Feartsjinsten nei Flylân en Skylge wurde ûnderhâlden troch Rederij Doeksen en Rederij Eigen Feartsjinst Skylge.
Yn 1543 en 1565 waard de haven nei it noarden ta útwreide, sadat de Noarderhaven in binnenhaven waard. Yn 1645 waard de Fryske Admiraliteit fan Dokkum nei Harns ta ferhuze.
Havens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Nije Fiskershaven mei de Yndustryhaven en Nije Yndustryhaven.
- De Nije Willeshaven en de Flechthaven.
- It Plankepaad (âlde Bûtenhaven) en it Dokje (âlde Willemshaven).
- Yn it sintrum fan Harns lizze de Noarder- en Suderhaven, de beide rekreaasjehavens.
- De Eastpoarte is in havengebiet eastlik fan Harns oan it Van Harinxmakanaal.
De Tsjerk Hiddessluzen ferbine de seehaven fan Harns mei it Van Harinxmakanaal.
Ferbinings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De binnenfeart hat fia de Tsjerk Hiddesslûzen nei it Van Harinxmakanaal ferbining mei it oarepart fan Fryslân.
- De havens fan Harns binne mei de trein te berikken fan Stasjon Harns Haven ôf.
- Ut de Fearhaven fan Harns wei wurde troch Rederij Doeksen Feartsjinsten ûnderhâlden nei Flylân en Skylge.
Skippen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Seeskippen, binnenfeartskippen.
- Fearboaten
- Brune float.
- Plysjeboat, in dûanefartúch en twa KNRM-rêdingsboaten.
- Rekreaasje (boatsjeminsken)
Eveneminten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Harnzer Fiskerijdagen
- Tall Ships' Races 2014
- Harlingen Ongeschut
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |