Harmen Abma
Harmen Abma (Hilaard, 21 novimber 1937 - Snits, 30 novimber 2007) wie in Fryske byldzjend keunstner fan abstrakte- en konseptuele keunst.
Keunstner
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Begjin jierren sechtich studearre Abma oan de Vredeman de Vries Akademy te Ljouwert. Abma hearde mids jierren sechtich ta de keunstnersgroep De Bende van de Blauwe Hand yn Harns. Foar't er keunstner waard, hat Abma jierrenlang gewoan hûsskilder west.
Harmen Abma waard ûnder oaren bekend troch syn ûndersiken nei kleur. Yn 1969 realisearre er ien fan de earste abstrakte monumintale keunstwurken yn Fryslân, dat wie it monumint ta neitins fan de radiopionier Hanso Schotanus à Steringa Idzerda yn Weidum.
Hy hat in protte tentoanstellingen meimakke, ûnder oaren yn it Steedlik Museum yn Amsterdam, Galery Benno Premsela yn Amsterdam, it Singer Museum yn Laren, Galery Eewal yn Ljouwert en Museum 't Coopmanshûs yn Frjentsjer.
Neist it monumint foar Schotanus à Steringa Idzerda yn Weidum, fierde er ûnder oare opdrachten foar it Medysk Sintrum Ljouwert, Defensjekantoar P.S.A. yn Emmen, finzenis De Marwei yn Ljouwert en it Belestinggebou yn Hoarn út.
It wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei it kombinearjen fan roastich betongaas, behangerslinnen, ferve en letter en elektrisiteitstried en golfplaat brocht Abma in symbioaze ta stân tusken syn betide matearjeskilderijen út de lette jierren sechtich en it wurk dat yn de jierren santich en tachtich ûntstie op basis fan in ôfmetten geometry, kleurminging en kleurekombinaasjes. Dat late ta in trochbraak; in faze yn syn ûntjouwing wêryn't objektiviteit en subjektiviteit, oardening en ekspresje, ferstân en gefoel folslein op elkoar ôfstimd rekken - ek in faze wêryn't syn wurk him wêzentlik ûnderskate.
Doe, mids jierren njoggentich, wie Abma klear mei sy konseptuele perioade en begûn er te eksperimintearjen mei it beskilderjen fan op betongaas spand linnen. It raster fan dit boumateriaal, dat troch de mesken fan it linnen sichtber bleau, waard útgongspunt by it skilderjen en stelde úteinlik maat en ritmyk fan de skildering. Dan folget in rige wurken wêryn't Abma kleure stroomtriedden oer betongaas late en ta lineêre struktueren, assemblages, makket dy't har skynber foardogge as trijediminsjonale oersettings fan tekeningen. Letter komt dêr ek oar oerbleaun materiaal by, sa as hout en polyester golfplaat. It materiaal krige sa in folslein nije betsjutting yn syn komposysjes. Dit lêste guod paste Abma ta yn in selsstannige, lytse rige keunstwurken; dat wie koart foar syn ferstjerren. Beide, de skilderingen op linnenbespand betonizer en dizze golfplaatkomposysjes roppe lânskiplike assosjaasjes op.
-
Libben wetter
-
Betinkinsmonumint foar Hanso Henricus Schotanus à Steringa Idzerda
-
Sûnder titel
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Harmen Abma fan Wikimedia Commons. |