Harkesyl
Harkesyl | ||
Bestjoer | ||
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Súdwest-Fryslân | |
Himrik | Wytmarsum | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 15 | |
Oar | ||
Postkoade | 8748 | |
Tiidsône | UTC 1 | |
Simmertiid | UTC 2 | |
Koördinaten | 53° 5' N 5° 27' E | |
Kaart | ||
Harkesyl is in buorskip yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Harkesyl leit noardlik fan de A7 oan de Van Aylvawei yn de himrik fan Wytmarsum. Harkesyl bestiet út in âlde pleats en in stikmannich hûzen. Ek de fierderôf lizzende hûzen oan de Van Aylvawei wurde wol ta Harkesyl rekkene.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme komt ek foar as Harkezyl, Harckzyl en Harka toe Syl. De syl fan Harke dus.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op it plak fan Harkesyl lei al yn de tsiende iuw in syl yn de Marnedyk, dêr't hjoed-de-dei in brêge oer de Skraarder Feart hinne leit.
Hynstetram
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Harkesyl lei oan de hynstetramline fan Makkum nei Wytmarsum dy't yn 1898 úteinsette. Makkum krige lykwols net de winske steamtramferbining, mar wol in oansluting op de line Snits-Boalsert-Harns. Nei it reekommen fan it oerstapstasjon Harkesyl yn 1914 ried de hynstetram allinnich noch fan Makkum nei Harkesyl. De line ried oant 16 july 1930 en wie doe de lêste hynstetram fan West-Jeropa. De hynstetramline waard ferfongen troch in busline.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|