Halbe Zijlstra
Halbe Zijlstra (Easterwâlde, 21 jannewaris 1969) is in earder Nederlânsk politikus foar de Folkspartij foar Frijheid en Demokrasy (VVD). Sûnt 14 oktober 2010 is hy steatssekretaris.
As soan fan in resersjeur helle er syn vwo-diploma oan it Stellingwerf Kolleezje yn Easterwâlde. Dêrnei folge er yn Grins oan de Hânzehegeskoalle in oplieding ta kommersjeel management en sosjology oan de Ryksuniversiteit Grins. Yn 1994 waard er lid fan de VVD, ynspirearre troch Frits Bolkestein.
Sûnt 1996 wenne er yn Utert, dêr't er in bedriuw foar projektmanagement (Improvex) hie. Hy waard ûnder oaren ynhierd troch de Shell foar de wrâldwide ynfiering fan in saaklike creditcard. Yn Utert wie Zijlstra jierrenlang riedslid, wêrfan mear as twa jier fraksjefoarsitter. Hy wie dêr faak yn de media te sjen en te hearren. Doe't er út de ried gie, waard syn frou ek VVD-fraksjefoarsitter en wethâlder yn Utert. Hy wie fan 30 novimber 2006 oant 14 oktober 2010 lid fan de Twadde Keamer. Op 14 oktober 2010 waard Halbe Zijlstra steatssekretaris fan Underwiis yn it kabinet-Rutte. Hy rjochte him hjir benammen op it universitêre ûnderwiis en it HBU.
Zijlstra wie fan 2006 oant oktober 2010 lid fan de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal. Ek wie hy keamerlid yn de perioade fan 23 septimber 2012 oant 26 oktober 2017.
Lid Twadde Keamer en fraksjefoarsitter
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 1 novimber 2012 waard Zijlstra keazen as foarsitter fan de VVD-fraksje yn de Twadde Keamer. Hy folge dêrmei Mark Rutte op, dy 't as formateur beneamd waard.[1] Nei de Twadde Keamerferkiezings fan 15 maart 2017 waard Rutte in dei letter opnij fraksjefoarsitter.
Minister fan Bûtenlânske Saken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Zijlstra waard op 26 oktober 2017 beëdige as minister fan Bûtenlânske Saken yn it kabinet-Rutte III.
Yn febrewaris 2018 kaam Zijlstra yn opspraak. Hy hie yn in taspraak yn 2016 en by oare gelegenheden sein dat hy yn 2006 oanwêzich west hie by in gearkomst yn it bûtenhûs fan de Russyske presidint Vladimir Poetin, dy 't dêrby sprutsen hawwe soe oer syn ambysje foar in "Grut-Ruslân": in útwreiding fan Ruslân mei Wyt-Ruslân, Ukraïne, de Baltyske steaten en eventueel Kazachstan.[2]
Nei mediafragen hjiroer joech Zijlstra ta dat hy net op dy gearkomst west hie. Neffens him wie it ferhaal fan immen oars en die hy it foarkommen as syn eigen ferhaal om de identiteit fan de boarne te beskermjen. Earder Shell-topman Jeroen van der Veer makke him dêrnei bekend as Zijlstra syn boarne, mar hy ûntkende dat hy it op sa oan Zijlstra ferteld hie. Neffens Van der Veer wiene de wurden fan Poetin oer "Grut Ruslân" allinnich histoarysk bedoeld en hie dy net suggerearre it grûngebiet fan Ruslân útwreidzje te wollen.[3] De saak krige ek yn de ynternasjonale parse omtinken.[4][5][6]
Oan it begjin fan in debat oer dizze saak yn de Twadde Keamer, joech Zijlstra op 13 febrewaris 2018 oan by de Kening syn ûntslach oan te freegjen as minister fan Bûtenlânske Saken; dit waard him mei yngong fan dy dei ferliend.[7]
VolkerWessels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 7 novimber 2018 waard bekend dat Zijlstra by bouûndernimming VolkerWessels oan de slach gie. Hjir is Zijlstra as strategyadviseur yn tsjinst komd.[8]
Persoanlik libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Zijlstra is troud en hat in soan. Hy is bûtengewoan amtner fan de boargerlike stân. Zijlstra hâldt fan lêzen en hurdfytsen.[9]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
- Frysk sosjolooch
- Frysk politikus
- Frysk liberaal
- Nederlânsk sosjolooch
- Nederlânsk politikus
- VVD-politikus
- Nederlânsk gemeenteriedslid
- Twadde Keamerlid
- Nederlânsk minister fan Bûtenlânske Saken
- Nederlânsk steatssekretaris
- Nederlânsk liberaal
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Stellingwerfsk persoan
- Persoan berne yn Easterwâlde
- Persoan berne yn 1969