Springe nei ynhâld

Haka

Ut Wikipedy
Haka útfierd troch de SCC Rugby-ploech.

De haka (meartal is gelyk oan inkeltal: haka) is in tradisjonele foarâlderlike dûnsfoarm fan 'e lânseigen Maoary-befolking fan Nij-Seelân, mankgeand mei it útslaan fan striidgjalpen en mei in faak goreografearre dûns dy't û.m. it rôljen mei de eagen en it stampen mei de fuotten omfettet. De praktyk fan it nasjonale Nijseelânske rugbyteam, om foar al harren wedstriden in haka út te fieren, hat de dûns gruttere bekendheid yn 'e widere wrâld jûn.

It Maoary-wurd haka hat ekwifalinte foarmen yn besibbe Polynezyske talen, lykas sa‘a (Samoaansk), ‘aka (CookeilânMaoary), haka (Tokelauaansk), ha‘a (Hawajaansk) en haka (Markwezysk), dat allegear "dûns" betsjut. Foarmen mei ôfwikende betsjuttings binne bgl. it Tongaanske haka, "hângebeart ûnder it dûnsjen", it Mangarevaanske ‘aka, "dûnsje op in tradisjonele manear" en it Tikopiaanske saka, "it útfieren fan rituëlen yn it tradisjonele leauwenssysteem". De foarm dy't troch taalkundigen rekonstruëarre is foar it Proto-Polynezysk is *saka, dat wer weromgiet op it Proto-Oseanyske *saŋka(g).

Neffens de mytology fan 'e Maoary wie de sinnegod, Tama-nui-te-rā, troud mei twa froulju, te witten de Faam fan 'e Simmer, Hine-raumati, en de Faam fan 'e Winter, Hine-takurua. De haka fûn syn oarsprong yn 'e komst fan Hine-raumati, wa har oanwêzigens op hjitte blakstille dagen priisjûn waard troch it triljen fan 'e lucht. Dat wie de haka fan Tāne-rore, de soan fan Hine-raumati en Tama-nui-te-rā.[1]

Maatskiplike eftergrûn

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't it Nijseelânske nasjonale rugbytiim (de All Blacks) in beskate foarm fan 'e haka ek bûten Nij-Seelân bekendheid besoarge hat[2], is de haka net by definysje in kriichsdûns. De kriichs-haka, lykas de peruperu, waarden fan âlds útfierd troch krigers foar it begjin fan in fjildslach om 'e oarlochsgod oan te roppen en om harren krêft en kriichshaftigens te toanen en dêrmei de fijân te yntimidearjen. Hjoed de dei foarmet de haka in yntegraal ûnderdiel fan formele of offisjele wolkomstseremoanjes foar lju fan kwizekwânsje út Nij-Seelân sels en foar bûtenlânske pommeranten.

In ferskaat oan lichemsbewegings wurdt gebrûk fan makke by de útfiering fan 'e haka, mei dêrby ynbegrepen it ferlûken ta in grimas fan it gesicht, it toanen fan it wyt fan 'e eagen troch dy omheech te rôljen, it útstekken fan 'e tonge, en in grutte hoemannichte enerzjike bewegings fan 'e lidden, lykas it jinsels mei de hannen op 'e lea slaan en it stampen mei de fuotten. Njonken it sjongen (of eins it mei-inoar opdroanjen) fan wurden, meitsje ek gjalpen en gnoarjende lûden ûnderdiel út fan 'e haka.

De haka kin faaks it bêste begrepen wurden as in soarte fan symfony wêryn't de ûnderskate parten fan it lichem de ynstruminten foarmje. De hannen, earms, skonken, fuotten, stim, eagen, tonge en romp wurkje gear om sokke eigenskippen en emoasjes út te byldzjen as dapperens, argewaasje, blydskip of wat dan ek mar relevant is foar it doel fan 'e oangeande gelegenheid.

Haka binne der yn alderlei soarten en wurde dûnse om alderhanne redens. Sa binne der haka dy't bedoeld binne om wichtige gasten wolkom te hjitten, om erkenning te skinken oan grutte prestaasjes, om stil te stean by gelegenheden fan komsa en om by begraffenissen te dûnsjen, en yn it ferline wiene der kriichs-haka om 'e fijân mei kjel te meitsjen. Mar der binne ek haka dy't inkeld en allinne foar it fermaak fan 'e taskôger en de dûnsers útfierd wurde.

Fan 'e ûnderskate soarten haka is de kriichs-haka it bekendst, mar sels dêr besteane ferskillende foarmen fan. De peruperu wurdt karakterisearre troch sprongen wêrby't de skonken ûnder it lichem gearlutsen wurde. Sa't al neamd is, waard dizze dûns yn it ferline foar fjildslaggen útfierd út sawol religieuze omtinkens as om de fijân te ûntmoedigjen. Dêrta waard der in grimas lutsen, de tonge útstutsen, gnoarre, gjalpe en mei wapens swaaid. As de bewegings fan 'e peruperu net folslein tagelyk dien waarden, waard dat beskôge as in faai teken foar de kommende slach. Gauris kamen de krigers neaken op it slachfjild, ôfsjoen fan in mulrym fan weve flaaks. It doel wie om alle leden fan 'e fijannige striidgroep te deadzjen, sadat der net ien oerbleau om letter wraak te nimmen. Yn 'e tutu ngarahu, in oare kriichs-haka, komt ek springen foar, mar dan sydlings, wylst by de útfiering fan 'e whakatu waewae net sprongen wurdt.

In oare soarte haka, dêr't gjin wapens oan te pas komme, is de ngeri, wêrfan't it doel foarhinne wie om 'e krigers psychologysk te motivearjen. De bewegings binne tige frij, en eltse dielnimmer wurdt fan ferwachte dat er utering jout oan syn persoanlike gefoelens. Manawa wera-haka hawwe oer it algemien te krijen mei begraffenissen of oare gelegenheden wêrby't de dea in wichtige rol spilet. Krekt as de ngeri wurdt de manawa wera útfierd sûnder wapens of in protte goreografearre bewegings.

De bekendste haka fan allegearre is Ka Mate, dat taskreaun wurdt oan Te Rauparaha (1768-1849) fan 'e Ngāti Toa-stamme, de lêste fan 'e grutte kriichshaden fan 'e Maoary, dy't in spoar fan dea en ferdjer loek ûnder syn fijannen, sawol súdlike Maoary as blanke kolonisten, fan 'e Waikato-krite, oan 'e noardwestlike kust fan it Noardereilân, oant op it Sudereilân oan ta. Ka Mate wurdt klassifisearre as in haka taparahi, in seremoniële haka, en fertelt fan 'e mûklist dy't Te Rauparaha brûkte om út 'e hannen fan syn fijannen te bliuwen doe't er op in kear de wyk nimme moast: in pleatslike haadman ferburch him yn in ûndergrûnsk opslachplak, dêr't er yn it tsjuster wachte oant syn fijannen him fine soene, mar doe't de hoale iepenmakke waard en de sinne deryn skynde, wiene it net syn fijannen, mar de burdige pleatslike haadman, dy't kaam om him te fertellen dat se wer ôfset wiene. De haka fan Te Rauparaha giet sa:[3]

In haka útfierd troch de Kahurangi Maoary Dûnsgroep.
Ka mate, ka mate
("It wurdt dea, it wurdt dea")
Ka ora, ka ora
("It wurdt libben, it wurdt libben")
Ka mate, ka mate
("It wurdt dea, it wurdt dea")
Ka ora, ka ora
("It wurdt libben, it wurdt libben")
Tenei te tangata puhuruhuru
("Dit is de hierrige man")
Nana i tiki mai whakawhiti te ra
("Dy't de sinne wer foar my skine lit")
Upane, upane
("De ljedder op, de ljedder op")
Upane, kaupane
("De ljedder op, nei boppen ta")
Whiti te ra
("De sinne skynt")

Njonken de boppesteande letterlike útlis, kin Ka Mate ek yn oerdrachtlike sin beskôge wurde as "in fiering fan 'e oerwinning fan it libben oer de dea." [4]

In groep minsken dy't in haka dûnset, wurdt in kapa haka neamd (kapa is Maoary foar "rige" of "rang"). It byld dat sa'n kapa haka útslutend út manlju bestiet, strykt lykwols net mei de wurklikheid. It is wier dat de measte haka útfierd wurde troch manlju, ienfâldichwei om't der gauris konnotaasjes besteane mei oarlochfiering, wat yn it ferline ûnder de Maoary in manljusoangelegenheid wie. De rol fan froulju, as dy al bestiet, is by sokke haka in ûnderhearrigenien, dy't beheind bliuwt ta eftergrûnsang. Mar der besteane ek haka dy't dûnse wurde troch froulju of troch mingde groepen, en guon ferienfâldige haka wurde útfierd troch bern. Ien fan 'e bekendste troch froulju dûnse haka is Ka Panapana fan 'e Ngāti Porou-stamme.[5]

Kulturele Ynfloed

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e oanrin ta it rugbywrâldbekertoernoai yn 2011 waarden haka útfierd troch flashmobs (fia sosjale media ynienen gearroppen minskekloften) in populêre manear om stipe oan it Nijseelânske tiim út te drukken. Party fan 'e Maoary-lieders wie it dêr net mei iens, mei't men dit in ferbastering fan 'e tradysje fûn[6], ek al wie soks noch sa populêr. Haka waarden troch flashmobs fan aardige grutte dûnse yn Wellington[7] en Auckland[8], en ek yn Londen [9], dêr't in grutte Nijseelânske oerseeske mienskip tahâldt.

Yn novimber 2012 fierde in Maoary-dûnsgroep út Rotorua in ferzje út fan 'e Gangnam Style-dûns fermingt mei in tradisjonele haka yn Seoel, by de fiering fan it fyftichjierrich bestean fan dipomatike bannen tusken Nij-Seelân en Súd-Koreä.[10]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. McLintock, A.H. (red.), Haka, yn: An Encyclopaedia of New Zealand.
  2. All Black's Haka [1].
  3. Turner, Peter, et al., New Zealand, s. 33.
  4. *Pōmare, M., Ngāti Toarangatira – Chant composed by Te Rauparaha.
  5. East Coasters lead Kapa Haka group in Timor Leste, op 'e webside fan it Nijseelânske leger (www.army.mil.nz).
  6. Maori leaders at odds over flashmob haka (www.3news.co.nz).
  7. Wellington haka attracts hundreds (www.3news.co.nz).
  8. Flashmob haka on Auckland's Queen Street ahead of RWC opener All Blacks vs Tonga (www.3news.co.nz).
  9. Flashmob haka takes over Trafalgar Square (www.3news.co.nz).
  10. Maori take on Gangnam Style in Korea (www.3news.co.nz).

Boarnen