Springe nei ynhâld

HAL Laboratory

Ut Wikipedy

HAL Laboratory, Inc. (Japansk: 株式会社ハル研究所 Romaji: Kabushikigaisha Haru Kenkyūjo) is in Japanske ûntwikkelder fan kompjûterspultsjes en waard oprjochte op 21 febrewaris 1980. It is in twaddepartij-ûntwikkelder foar Nintendo.

It bedriuw hat bekendheid krigen troch it personaazje Kirby, de held út de Kirby-spultsjerige mei deselde namme en de spultsjerige Super Smash Bros.

De namme fan it bedriuw is net ôflieden fan de HAL 9500 kompjûter út de film 2001: A Space Odyssey, mar neffens âld-bestjoersfoarsitter Satoru Iwata is de namme keazen “om’t dy ús mei eltse letter in foarsprong op IBM jout”.

HAL Laboratory begûn yn de betide jierren tachtich mei it ûntwikkeljen fan kompjûterspultsjes foar it MSX kompjûterplatfoarm, dat foaral sukses hie yn Japan. In soad softwaretitels ferskynden fan 1985 ôf ek op oare spultsjekompjûtersystemen, dêr’t de belangrykste de NES fan Nintendo fan wie. Yn in soad spultsjes yn de jierren njoggentich waard ek wol de namme HALKEN brûkt.

De âld-presidint fan Nintendo, Satoru Iwata, wie earder in bestjoersfoarsitter fan HAL Laboratory.