Springe nei ynhâld

Huayi Brothers

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan H. Brothers)
Huayi Brothers Media Corporation
algemien
nasjonaliteit Sineesk
type publyk
sektor filmstudio, tillefyzjestudio,
platemaatskippij, ympressariaat,
bioskoopkeatling
haadkertier Peking (Sina)
oprjochte 1994
oprjochter Wang Zhongjun, Wang Zhonglei
eigner Wang Zhongjun, Wang Zhonglei
sifers
omset $892 miljoen (2011)
wearde $7,9 miljard (2015)
offisjele webside
huayimedia.com

Huayi Brothers, ek wol ferkoarte ta H.Y. Brothers of H. Brothers, eins de Huayi Brothers Media Corporation (Sineesk: 华谊兄弟传媒股份有限公司; pinyin-transliteraasje: Huáyì Xiōngdì Chuánméi Gǔfèn Yǒuxiàn Gōngsī, útspr. likernôch: "chwa-jy sjong-dy tsjû-an-mee gû-fen joo-sji-an gong-sy") is in Sineesk bedriuw yn 'e entertainmentyndustry, dat yn 1994 oprjochte waard. De ûndernimming, dy't fêstige is yn Peking, omfettet in filmstudio, in filmdistribúsjebedriuw, in tillefyzjestudio, in platemaatskippij, in ympressariaat en in keatling bioskopen. Neffens it Amerikaanske tydskrift Variety is Huayi Brothers "it grutste Sineeske filmkonglomeraat yn 'e private sektor."

Huayi Brothers waard yn 1994 oprjochte troch de bruorren Wang Zhongjun en Wang Zhonglei, yn earste ynstânsje as in filmstudio. Troch ynvestearrings en oanhâldende útwreiding omfettet it no ek ferskate oare bedriuwen, dy't foarmjûn binne as dochterûndernimmings:

  • Huayi Brothers Film Investment Company
  • Huayi Brothers TV Service Company
  • Huayi Brothers Comtemporary Culture Broker Company
  • Huayi Brothers Music Company
  • Huayi Brothers Advertising Company
  • Huayi Brothers International Distribution
  • Huayi Brothers Korea Company

Produkten en tsjinsten fan Huayi Brothers beslane no behalven filmproduksje ek filmdistribúsje, produksje en distribúsje fan tillefyzjeprogramma's en muzyk-cd's, bioskopen en in talinteburo.

Huayi Brothers kaam op 30 oktober 2009 wrâldwiid yn it ekonomyske nijs doe't de ChiNext-yndeks fan 'e Effektebeurs fan Shenzhen stillein waard nei't it oandiel fan it bedriuw mei 122,74% stige wie.

Yn febrewaris 2011 kundige Huayi Brothers in plan oan om it grutste film- en tillefyzjestudiokompleks fan Aazje te bouwen. Ek ferwachten se doe tsjin 2016 10 miljoen Sineeske yuan yn 't jier te fertsjinjen oan bioskoopfertoanings fan troch harren produsearre films.

Yn 2014 soe Huayi Brothers $150 miljoen ynvestearje yn 'e nije Amerikaanske filmstudio Studio 8, fan filmprodusint Jeff Robinov, mar dy gie letter ynstee yn see mei in oare Sineeske ynvestearder, Fosun International út Sjanghai. Wol kocht Huayi Brothers yn 2014 in oandiel fan 79% oan yn GDC Technology, in bedriuw dat software foar digitale bioskopen makke.

Huayi Brothers produsearret benammen Sineeske films, mar hat ek belutsen west by de produksje fan ferskate Amerikaanske films, wêrûnder Bad Moms, Free State of Jones en Warcraft (alle trije út 2016) en A Bad Moms Christmas (2017).

It ympressariaat fan Huayi Brothers hat mear as hûndert bekende Sineeske akteurs en sjongers as klant, ûnder wa Angelababy, Kun Chen, Li Bing Bing, Shu Qi, Vision Wei Chen, Xun Zhou en Zhao Wei.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.