Springe nei ynhâld

Greidemole

Ut Wikipedy
Tradisjoneel greidemûntsje 'De Kaatmolen' (Saanske Skâns)

In greidemûne is in lyts boeremûntsje dat de wetterhûshâlding fan de greide regelet. Lykas de spinnekop en de tsjasker wie/is de boer eigner fan de greidemûne en it lân dat bemeald wurde moast/moat. Greidemûntsjes binne fral noch yn de Noard- en Súd-Hollânske greiden te finen.

It mûntsje set him troch in grutte waaier sels nei de wyn en hoecht net betsjinne te wurden. De waaier is lofts fan it midden oan de boppebou befêstige, sadat de mûne net rjochtsom kruid. De flecht fan greidemûntsjes kin by de measte mûntsjes ferskille fan 3,5 meter oant wol 6 meter, mar der binne útsûnderings en de greidemûne by Wognum hat bygelyks in flecht fan wol 8,5 meter en de Varnebroekmûne by Heiloo sels njoggen meter.

Lykas by de wipmûne stiet yn it greidemûntsje in fertikale fjouwerkante koker, dêr in spil troch rint. De spil bestiet út twa dielen, dy't oan inoar koppele binne. De reden dêrfan is dat it ûnderste stik fan de spil foar in part ûnder wetter stiet en faker ferfongen wurde moat dan it boppestik fan de spil. De ûnderbou bestiet út in fjouwerkant dy't boppe piramidefoarmich en ôfsletten wurdt troch it seal, dêr't de boppebou op rêst.

De opfierhichte is sa'n 50 oant 60 sintimeter. It greidemûntsje mealt maksimaal 5000 liter yn 't oere út.