Gregoriou-kleaster
Grigoriou Γρηγορίου | ||
Lokaasje | ||
lân | Grikelân | |
plak | Agio Oros 603 86 | |
koördinaten | 40° 10' N 24° 15' E | |
Kleastergegevens | ||
oprjochting | 14e iuw | |
oprjochter | Gregorios | |
patroanhillige | Nikolaas fan Myra | |
Webside | ||
inathos.gr | ||
Kaart | ||
It Gregoriou-kleaster (Gryksk: Μονή Οσίου Γρηγορίου) is in otterdoks-kristlik kleaster yn 'e kleastersteat Atos, Grikelân. It kleaster stiet op it santjinde plak yn 'e hierargy fan 'e kleasters op 'e hillige berch.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Gregoriou-kleaster waard stifte yn 'e 14e iuw, dus yn 'e selde iuw as it Dionysiou-kleaster en it Pantokratoros-kleaster. Fan 'e stifter Gregorios is mei it ferlern gean fan 'e argiven troch brannen yn 1500 en 1762 net in soad bekend, útsein dat it in learling wie fan 'e Byzantynske muonts Gregor fan Sinaï. Lykas oare kleasters op Atos hat it Gregoriou-kleaster slim te lijen hân fan oerfallen troch piraten.
Om't it kleaster by de werbou nei de brân fan 1500 in soad help krige fan Stefan III fan Moldaavje wurdt dy ek wol as de twadde stifter fan it kleaster neamd. It kleaster besit 279 manuskripten, dêrfan 11 op perkamint en likernôch 6000 printe boeken.
It kleaster stiet fuort oan 'e kust, op it súdwestlike diel fan Atos. Oanbuorjende kleasters binne it Simonopetra-kleaster en it Sint-Pauluskleaster.
Foar pylgers is it Gregoriou-kleaster in freonlik kleaster mei in hege pastorale soarch foar syn gasten. It Byzantynske koar heart by de bêste koaren fan it eilân en wurdt faaks allinne noch oertroffen troch it koar fan it Vatopedy-kleaster.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Osiou Gregoriou monastery
|