Goslar (stêd)
Goslar | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Nedersaksen | |
Lânkring | Goslar | |
Stedsyndieling | 18 Ortsteile | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 50.253 (31.12.2023) | |
Oerflak | 163,71 km² | |
Hichte | 255 m | |
Oar | ||
Stifting | 922 troch Hindrik I de Fûgelder | |
Koördinaten | 51° 54' N 10° 25' E | |
Lokaasje Goslar yn 'e lânkring Goslar | ||
Offisjele webside | ||
www.goslar.de | ||
Kaart | ||
Goslar is in plak yn de Dútske dielsteat Nedersaksen; it stedsje leit yn 'e lânkring Goslar oan de noardrâne fan de Harz, sa'n 50 km besuden Braunschweig. De Gose, in sydrivierke fan de Oker, rint troch de stêd. De Gose wurdt yn Goslar Abzucht (ôffierkanaal) neamd omdat it wetter dat út de Rammelsbergminen komt, jusjes foar de binnenstêd yn de Gose streamt.
Njonken de stêd mei 8 Ortsteile binne yn 1972 noch 10 oare Ortsteile by Goslar yndield. Under dy Ortsteile heart ek it wintersportoarde Hahnenklee mei syn Gustav Adolf-staaftsjerke.
Sûnt 1992 steane de histoaryske binnenstêd mei de Rammelsbergminen en it Wetterbehearsysteem fan 'e Oberharz op de Wrâlderfgoedlist fan UNESCO.
Fan 1935 oant 1945 wie Goslar in wichtige garnizoensstêd foar de Wehrmacht
Groei fan befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
|
|
|
|
Ofbylden histoaryske binnenstêd
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Merkplein mei stêdhûs, Marktbrunnen en tuorren fan de Merktsjerke
-
Marktbrunnen mei keizerlike earn
-
Merktsjerke
-
Gildehûs Kaiserworth
-
Keizerpalts
-
Binnenstêd mei Abzucht
-
Neuwerkkirche
-
Steechje tusken fakwurkhuzen
Berne yn Goslar
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Hindrik IV fan it Hillige Roomske Ryk (1050–1106), Kening fan Dútslân en keizer fan it Hillige Roomske Ryk.
- Wilhelm Ripe (1818-85), skilder en grafikus.
- Albert Niemann (1834–1861), skiekundige en apteker; hat de ûntdekking fan kokaine op syn namme.
- Ernst Pistulla (1906–1944), Dútsk bokser. Die mei oan de Olympyske Simmerspullen 1928.
- Heinz Günther Guderian (1914–2004), offisier yn de Wehrmacht, letter ynspekteur pantsertroepen yn de Bundeswehr en NATO.
- Volker Bartsch (1953), skilder en byldhouwer.
- Mathias Hain (1972), fuotballer.
- Aaron Hunt (1986), fuotballer.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Goslar fan Wikimedia Commons. |