Golf fan Anadyr
Appearance
Golf fan Anadyr | ||
In lânkaart mei it streamgebiet fan 'e rivier de Anadyr (giel). De lizzing fan 'e Golf fan Anadyr wurdt oanjûn troch de reade stip. | ||
geografy | ||
type wetter | rânesee | |
lokaasje | tusken Kaap Navarin en it Tsjûkotkaskiereilân | |
lân | Ruslân | |
lânsdiel | Sibearje | |
koördinaten | 64° N, 178° W | |
ûnderdiel fan | Beringsee | |
sifers | ||
maks. lingte | 402 km | |
maks. breedte | 271 km | |
oerflak | 200.000 km² | |
djiptegemiddelde | 105 m | |
De Golf fan Anadyr op in kaart fan 'e NOAA. |
De Golf fan Anadyr of Baai fan Anayr (Russysk: Анадырский залив), is in golf yn súdlik Tsjoekotka yn it noardeasten fan it Russyske Fiere Easten. De golf omfiemet it noardwestlik part fan de Beringsee en rint fan Kaap Tsjoekotski yn it noarden nei Kaap Navarin yn it suden. De golf is ferdield oer twa wettergebieten; de Baai fan Krest en de rivier Anadyr. De golf fan Anadyr is sa'n 10 moannen fan it jier beferzen.
De stêd Anadyr (11.038 ynwenners yn 2002), oan it estuarium fan de Anadyr, hat in haven oan de golf en is it bestjoerlik sintrum fan it autonoom distrikt Tsjoekotka.