Springe nei ynhâld

Gilde

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Gilde (beropsgroep))

In gilde is in bruorskip fan geastliken, skutterij of fan hânwurkslju.

De feriening fan geastliken yn in gilde bestie yn de Roomske tiid op it mêd fan de woldiedichheid. Yn de tsjerken hienen se harren alter en yn de stêden faak ek in gasthûs.

De skuttersgilden kinne in rol spile hawwe yn it ûntwikkeling fan it stedsrjocht. Yn Frjentsjer is it Skutterijstatút fan 1462 bewarre bleaun.

Gildes fan hânwurkslju komme yn Fryslân let nei foaren en dan noch faak fan inselde soarte. It gilde wurdt sûnt 1481 by rjochtshannelingen neist it stedsbestjoer neamd.

  • Wikiwurdboek-side - gilde

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok, en M. Wiegersma, red. - Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958) : Gilde.