Springe nei ynhâld

Gielpoatpappegaaido

Ut Wikipedy
Gielpoatpappegaaido
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift do-eftigen (Columbiformes)
famylje dofûgels of dowen (Columbidae)
skaai pappegaaidowen (Treron)
soarte
Treron phoenicopterus
Latham, 1790
IUCN-status: net bedrige

De gielpoatpappegaaido (Treron phoenicopterus) is in fûgel út it skaai pappegaaidowen (Treron) út de famylje dofûgels (Columbidae).

De gielpoatpappegaaido is mei in lingte fan 33 sm ien fan 'e gruttere soarten út it skaai. De do hat in oliifgiele kraach en giele poaten. It boppebealchje is griisgrien mei in ljochtpearse skouderflek en in gieleftige bân oan it begjin fan 'e sturt. Fûgels fan 'e ûndersoarte T. p. chlorigaster binne mear griengiel op 'e búk en flanken.

De soarte komt fan Yndia oant Súdeast-Aazje foar en hat fiif ûndersoarten:

  • T. p. phoenicopterus: fan eastlik Pakistan en noardlik Yndia oant noardeastlik Yndia en Bangladesj.
  • T. p. chlorigaster: Sintraal- en Súd-Yndia.
  • T. p. phillipsi: Sry Lanka.
  • T. p. viridifrons: fan it súdwesten fan Sina oant Myanmar en it noardwesten fan Tailân.
  • T. p. annamensis: yn it easten fan Tailân, it suden fan Laos en it suden fan Fjetnam.

De fûgel komt yn in grut gebiet foar en it oantal liket ta te nimmen. De soarte wurdt neffens de Reade list fan it IUCN net bedrige.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: