Springe nei ynhâld

Gelbvieh

Ut Wikipedy
Gelbviehko

Gelbvieh ("Giel fee") is in dûbelddoel-koweras dat oarspronklik út Beieren yn Dútslân komt. It ras is dêr ein 18e iuw ûntstien.

It ras hjit ek wol "German Yellow" en "Einfarbiges gelbes Hohenvieh". Nettsjinsteande de namme is it ras hunning-giel oant read, mar troch krusing mei de Angus is der ek in soad swart Gelbvieh. It ras is diels ôflaat fan de Switserske kowerassen Schwyz en Berneesken. Sy waarden by de fok selektearre op fleiskwaliteit, molkproduksje en krêft, om't sy ek as wurkbist brûkt waarden. Gelbvieh is yntrodusearre yn Austraalje, Kanada, Súd-Afrika en de Feriene Steaten, meast troch keunstmjittige ynseminaasje.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]