Springe nei ynhâld

Geike Arnaert

Ut Wikipedy
Geike Arnaert
sjonger en/of muzikant
Geike Arnaert yn 2007
Geike Arnaert yn 2007
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Belgysk
berne 13 septimber 1979
berteplak Poperinge
reg. identiteit Flaamsk
wurkpaad
sjongtaal Ingelsk, Nederlânsk
jierren aktyf 1997-no
Optreden fan Bløf en Geike mei it nûmer Zoutelande yn DWDD

Geike Arnaert (Poperinge, 13 septimber 1979) is in Belgysk sjongeres. Sûnt novimber 2020 is sy opnij de sjongeres fan muzykgroep Hooverphonic, nei't hja dy rol tusken 1997 en 2008 ek al ferfolle.

Arnaert waard grutbrocht yn Westouter, in dielgemeente fan Heuvelland. Al gau die bliken dat se muzikale talinten hie. Op har njoggende die se mei oan in talintejacht yn har doarp. Yn febrewaris 1997 die se in audysje by Hooverphonic. Hoewol't se noch gjin 18 jier wie, gie Arnaert fan maaie 1997 ôf op toernee as sjongeres fan de groep fuort. Yn 2000 en 2003 waard se yn eigen lân bekroand mei ZAMU Awards foar bêste sjongeres. Se wûn ek ferskate kearen Humo's Pop Poll. Yn 2008 waard Hooverphonic troch TMF Vlaanderen útroppen ta bêste band.

Geike song yn febrewaris 2007 in duet mei Bobbejaan Schoepen by de útrikking fan dy syn Lifetime Achievement Award. It nûmer Le temps des cerises ferskynde op it album fan Schoepen dat op 19 maaie 2008 útkaam, ynklusyf in klip.

Op 10 oktober 2008 kundige Arnaert oan dat se Hooverphonic ein fan dat jier ferlitte soe om in eigen muzikale rjochting út te gean. Dochs ferskynde de single Mijn Leven, dy deis dag live opnommen mei terminaal kankerpatiënt Andy Sierens foar it VTM-programma "Hart voor elkaar", yn febrewaris 2009 mei as fermelding "Andy Sierens A.K.A. Vijvenveertig & Hooverphonic" as útfierenden. It behelle de nûmer 1-posysje yn de Ultratop 50 twa wiken neidat Home, it temaliet fan de tredde Music For Life dat se ein 2008 tegearre song mei Tom Helsen, dyselde kopposysje ferlitten hie.

Mei Erik de Jong fan Spinvis makke Arnaert begjin 2010 de muzyk foar de film Adem. Tegearre foarmen se de groep Dorléac, dy't yn 2010 inkelde optredens en in earste album mei bykommend opnamemateriaal realisearren. Yn oktober 2011 brocht Arnaert ûnder de namme 'Geike' har earste soloplaat út, For the beauty of confusion.

Yn 2018 skoarde Arnaert tegearre mei de Nederlânske popgroep BLØF in nûmer 1 - hit yn Nederlân en Flaanderen mei it nûmer Zoutelande. De plaat berikte yn Nederlân de nûmer 1 - posysje yn sawol de Nederlânske Top 40 as de Mega Top 50. Yn sawol Flaanderen as Nederlân groeide it út ta ien fan de grutste Nederlânsktalige hits ea.

Yn oktober 2019 ferskynde har twadde soloalbum Lost In Time, dêr't Joost Zweegers ek oan meiwurke.

Yn novimber 2020 waard oankundige dat Arnaert nei tolve jier op 'e nij sjongeres waard fan Hooverphonic. Se naam hjirby it plak yn fan Luka Cruysberghs. De band makke him op dat stuit klear foar it Eurofyzjesongfestival fan 2021 yn Rotterdam, dêr't hja út namme fan België oantrede soene. Mei it troch Arnaert songen liet The Wrong Place einige de groep der úteinlik op it 19e plak.

Yn de maitiid fan 2021 die Arnaert (mei Tourist LeMC, Ronny Mosuse, Emma Bale, Bert Ostyn, Willy Sommers en Cleymans & Van Geel) mei oan it sânde seizoen fan it telefyzjeprogramma Liefde voor Muziek.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: