G.A. van Oorschot
G.A. van Oorschot | ||
skriuwer | ||
Geert van Oorschot yn 1987 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oar pseudonym | R.J. Peskens | |
echte namme | Gerardus Adriaan van Oorschot | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 15 augustus 1909 | |
stoarn | 18 desimber 1987 | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk | |
sjenre | Romans en ferhalen | |
bekendste wurk(en) |
Twee vorstinnen en een vorst (1975), Mijn tante Coleta (1976) | |
útjouwer | G.A. van Oorschot | |
offisjele webside | ||
DBNL-profyl |
Gerardus Adriaan (Geert) van Oorschot (Flissingen, 15 augustus 1909 - Baambrugge, 18 desimber 1987), as auteur fan fiksje bekend ûnder it pseudonym R.J. Peskens,[1] wie in Nederlânsk útjouwer en skriuwer.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei it heljen fan syn HBS-diploma wie er in skoft havenarbeider yn Rotterdam. Yn dy tiid waard er polityk radikaler en skreau er revolúsjonêr kleure gedichten. Hy debutearre as dichter ûnder eigen namme yn Links Richten mei sosjalistyske ferzen. Syn poëzy waard bondele yn De turfgravers (1930) en Gevangenis (1932). Meidat er tsjinst wegere moast er in skoft sitte yn de straffinzenis fan Skeveningen, dêr't er ta de konlúzje kaam dat er gjin goede dichter wie. Begjin jierren tritich sette er út ein mei in kolportaazjeboekhannel om skriuwers en dichters dy't neffens him wól de muoite wurdich wiene te ferkeapjen.
Yn 1932 boaske er oan Jantina Smit, mei wa't er twa soannen krige: Geert (1933-2005) en Levien (1937). Rillegau waard er fertsjintwurdiger fan útjouwer A.A.M. Stols, by wa't er ek de begjinselen fan it útjouwersfak learde. Yn 1939 gie er oer nei útjouwer Emanuel Querido. Doe't dy nei de Dútske ynfal twongen waard út syn bedriuw te gean, beneamde er Van Oorschot ta direkteur. Dat bleau er oant it bedriuw fanwege de besetter yn 1941 likwidearre wurde moast. Yn 1943 gie er by syn earste frou wei en troude er op 'en nij mei Hillie Munneke (Onstwedde 13 july 1920 - Baambrugge 28 augustus 1979), mei wa't er ek twa soannen krige: Guido (1944-1963)[2] en Wouter (1952). Koart nei de befrijing giene sy yn in hierpân oan de Amsterdamske Herengracht en waard Van Oorschot selsstannich útjouwer.
Utjouwer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Rillegau krige syn namme klank fanwege in poerbêst literêr fûns, mei dêryn ferneamde skriuwers lykas Multatuli, Couperus, Leopold, Ter Braak en Du Perron, útjûn troch Helmut Salden yn edysjes op tinpapier, mar ek nij talint sa as Hans Lodeizen, G.K. van het Reve en W.F. Hermans. Ynbûne werprintingen (Marcellus Emants, Van Oudshoorn, Hermans e.o.) folgen yn de budzjetrige Literaire Reeks De Witte Olifant. Njonken dat wie er de literêre paperbackrige Stoa, mei ûnder oare Van het Reve syn brieveboeken Op weg naar het einde (1963) en Nader tot U (1966).
Sûnt 1957 ferskynt by Van Oorschot it literêre tydskrift Tirade, de opfolger fan Libertinage. Tiradebea in poadium oan skriuwers fan moderne poëzy, mar joech ek mienskipkrityske essays, lykas dy fan Jacques de Kadt.
Een bysûnder projekt sûnt 1953 fan Van Oorschot wie de De Russische Bibliotheek, in op tin papier drukte rige mei it samle wurk fan de ferneamde 19e-iuwske skriuwers sa as Dostojewski, Gogol, Poesjkin, Toergenjev, Tolstoj en Tsjechov yn de bot priizge fertalingen fan Charles B. Timmer, Karel van het Reve e.o. De Russische Bibliotheek befettet wilens goed fyftich titels en is foar it grutste part noch te krijen. Literêre kwaliteit stie ek by dy rige foarop en Van Oorschot wie net te benaud om saaklik risiko'te nimmen. Ek it debút fan J.J. Voskuil, de roman Bij nader inzien, krige by Van Oorschot in kâns. Voskuil syn roman Binnen de huid waard net goed genôch achte troch Van Oorschot afgekeurd en waard earst nei de dea fan beide by Utjouwerij Van Oorschot útjûn. Alle lettere romans fan Voskuil ferskynden dêr ek.
Auteur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Geert van Oorschot hat sels op letter jierren ek ferhalebondels en romans skreaun ûnder it pseudonym R.J. Peskens.[3]
Syn bekendste, foar it grutste part autobiografyske boeken Twee vorstinnen en een vorst (1975) en Mijn tante Coleta (1976) hellen grutte oplagen en waarden yn 1981 fan Otto Jongerius ferfilme.[4]
By gelegenheid fan it 50-jierrich bestean fan de útjouwerij ferskynde Brieven van een uitgever dêr't in part fan de korrespondinsje fan Geert van Oorschot ( kwantitatyf en kwalitatyf in grut briefskriuwer) mei syn auteurs en kollega-útjouwers opnaam is. Yn die korrespondinsje sei er meast wêr't it op stie en draaide er net om de hjitte brij hinne.
Underskiedings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Van Oorschot krige yn 1977 de Laurens Janszoon Costerpriis foar syn fertsjinsten as útjouwer. Yn 1986 skonk de Universiteit fan Tilburch him in earedoktoraat yn de letteren.
Utjouwerij
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei it ferstjerren fan Van Oorschot yn 1987 waard de útjouwerij fuortset troch syn soan Wouter en Gemma Nefkens, dy't dêr al sûnt 1975 oan 't wurk wie. Ynstee fan G.A. van Oorschot - Amsterdam kaam Uitgeverij G.A. van Oorschot - Amsterdam op de titelsiden te stean. Gemma Nefkens bleau útjouster oant 2008 en waard dêrnei bestjoerslid fan in tal literêre organisaasjes lykas de Stichting P.C. Hooftpriis foar Letterkunde, dêr't hja fan 2009 oant 2014 bestjoersfoarsitter fan wie.
Yn april 2015 kaam Nefkens werom by Van Oorschot as lid fan in kollektyf dat de útjouwerij oernaam fan Wouter van Oorschot en dy noch altyd bestjoert.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Uitgestelde vragen (ferhalen, 1964)
- Twee vorstinnen en een vorst (ferhalen, 1975)
- Mijn tante Coleta (roman, 1976)
- Mijn moeder was eigenlijk een Italiaanse (ferhalen, 1977)
- De man met de urn (ferhalen, 1981)
- Uitgestelde vragen en andere verhalen (ferhalen, 1984)
- De Vlissingse verhalen van R.J. Peskens (ferhalen, 1995)
- Brieven van een uitgever (brieven, mei kommentaar fan de ûntfangers, 1995)
- Hierbij de hele God in proef. Brieven aan Willem Frederik Hermans (brieven, besoarge troch Nop Maas, 2003)
- Briefwisseling 1951-1987 (mei Gerard Reve) (brieven, besoarge troch Nop Maas, 2005)
- Briefwisseling 1951-1987 (mei M. Vasalis) (brieven, besoarge troch Nop Maas, 2009)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Literatuur
Keppelings om utens
|