Gaast (toponym)
In gaast, gast of garst is in deksânrêch en balstienferheging yn it lânskip. Dy ferheging bestiet it meast út geastgrûn. Yn de midsiuwen wiene dêr ikkerkompleksen en doarpsgreiden te finen. It wurd is ôflaat fan it Aldfryske gāst itjinge "ûnfruchtber" betsjutte, dêr't benammen hegere en relatyf ûnfruchtber sângrûn mei oantsjut waard. Foarbylden binne dêr yn Fryslân, Grinslân en East-Fryslân te finen, alhoewol't it net beheind wie ta allinnich de Fryske gebieten. De âldste foarbylden komme út Westfalen yn 890 (Geist, Geisthövel).
Gaasten (gasten/garsten) binne bygelyks te finen yn Noard- en Súdhorn, Wagenborgen, Noardbroek, Súdbroek, Oostwold, Westerlee, Wynskoat, Blijham, Wedde, Vriescheloo, Bellingwolde, Jemgum (Jemgumgaste) en Weener (Bingumgaste, Jelsgaste). By Noardbroek leit de buorskip Korengarst, parallel oan de N33, tusken Súdbroek en Appingedam, op in deksânrêch dy't boppe de Doalertklaai útstekt. Ek Ganzedijk hat syn namme mooglik fan in ga(r)st. De âldste bewenning bylâns it noardlike part fan de Westerwâldske Aa wie op rivierdunen dy't ek as ga(r)sten of gaastenoantsjut waarden.
Plaknammen mei dy útgong binne ûnder oaren Gaast, Westergeast, Rinsumageast, Gruttegast, Lytsegast, Holtgaste, Grotegaste, Tergast, Holtgast, Hohegaste, Arngast en Dangast.[1] Fierder komt it wurd foar yn de namme Gaasterlân en mooglik yn de doarpsnamme Luttelgeest yn 'e Noardeastpolder.
De Nederlânske en Noarddútske ekwifalint is geest. Yn Nederlân] komt er yn plaknammen foar en yn Noard-Dútslân wurdt er foar heech en drûch sângrûn oantsjut, foar it fruchtbere klaaigrûn of Marschen oer. Yn Flaanderen, Brabân en Súdwest-Jutlân komt er benammen foar stikken lân foar.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|