Springe nei ynhâld

Fuotbalferiening Akkrum

Ut Wikipedy
Fuotbalferiening Akkrum
Oprjochte: 15 april 1926
Plak: Akkrum
Kompleks: De Meine
Tal leden: 310
Kompetysje: sneins fjirde klasse
Tenu
webstee Fuotbalferiening Akkrum

Fuotbalferiening Akkrum is de fuotbalklup fan Akkrum dy't oprjochte is op 15 april 1926.

By de oprjochting waard noch spile op ferskate fjildsjes yn Akkrum. Op it hjoeddeiske kempingterrein waard in echt fjild oanlein dat yn de folksnamme Biljert neamd waard. Om te ferklaaien waarden de hokjes fan it swimbad brûkt. Yn 1966 krige de feriening op sportpark Oost in nij kompleks mei in eigen kantine. In 1980 is de feriening ferhuze nei 'Sportpark 'De Meine' oan de Ulbe Twynstrawei.

It earste alvetal promovearre yn 1969/1970 nei de 4e klasse KNVB. It hichtepunt waard berikt doe't nei it kampioenskip yn 1995/1996 promoasje nei de 2e klasse KNVB berikt waard.

Fuotbalferiening Akkrum hie yn 2008 310 leden, 5 senioareteams en 17 juniorteams.

Tenu: read shirt, swarte broek en reade sokken.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]