Springe nei ynhâld

Francisca Ravestein

Ut Wikipedy
Francisca Ravestein
politikus
echte namme Francisca Ravestein
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 26 oktober 1952
berteplak Leien
stjerdatum 7 jannewaris 2024
stjerplak Pijnacker
partij D66
lid gemeenteried fan Rotterdam
amtsperioade 1988 - 1998
lid Twadde Keamer
amtsperioade 1998-2002
Wethâlder fan Renkum
amtsperioade 2004 - 2006
waarnimmend boargemaster fan Beverwyk
amtsperioade 20072008
boargemaster fan Opsterlân
amtsperioade 2008-2014
foargonger Sicko Heldoorn
opfolger Ellen van Selm
boargemaster fan Pijnacker-Nootdorp
amtsperioade 2014-2022
foargonger Rik Buddenberg
opfolger Björn Lugthart

Francisca Ravestein (Leien, 26 oktober 1952 - Pijnacker, 7 jannewaris 2024) wie in Nederlânsk politika foar Demokraten 66 (D66).

Fan 1978 oant 1987 wie Ravestein fysioterapeute yn Rotterdam. Yn 1987 waard se beliedsmeiwurker fan de D66-fraksje yn de Twadde Keamer. Itselde jier naam sy ek in funksje as fysioterapeute oan op in skoalle foar sike bern yn Rotterdam. Fan 1988 oant 1998 siet hja yn de Rotterdamske gemeenteried. Yn 1998 waard se keazen as Twadde Keamerlid. Dêr wie syn fral dwaande mei Romtlike Oardening en Monumintesoarch. Ek siet sy yn de parlemintêre enkêtekommissy Boufraude, mar moast út dy kommysje wei doe’t sy yn 2002 net opnij yn de Twadde Keamer keazen waard.

Nei it keamerlidmaatskip wie sy saaklik lieder fan operaselskip 'Hollands Diep' en manager ynternasjonale kontakten fan de Ynternasjonale Arsjitektuer Biënnale yn Rotterdam. Fan 2004 oant 2006 wie Ravestein wethâlder yn Renkum en fan 2007 oant 2008 waarnimmend boargemaster fan Beverwyk. Yn 2008 waard se beneamd as boargemaster fan Opsterlân, dêr't sy Sicko Heldoorn opfolge dy't boargemaster fan Assen wurden wie. Fan 2014 oant jannewaris 2022 wie se boargemaster fan Pijnacker-Nootdorp. Yn jannewaris 2022 is sy ophâlden as boargemaster fan Pijnacker-Nootdorp.

Francisca Ravestein ferstoar op 7 jannewaris 2024, yn 'e âldens fan 71 jier. [1]

Underskiedingen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • [1] Parlement.com
  1. Condoleanceregister Francisca Ravestein geopend, Gemeente Pijnacker-Nootdorp, 10 jannewaris 2024. Argivearre