Follegea
Follegea | ||
Klokkestoel fan Follegea | ||
Bestjoer | ||
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | De Fryske Marren | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 180 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oar | ||
Ferkearsieren | A6 | |
Tiidsône | UTC 1 | |
Simmertiid | UTC 2 | |
Koördinaten | 52° 53' N 5° 44' E | |
Follegea by de brêge | ||
Pleats oan de Strjitwei | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Himrik fan Follegea yn de eartiidske gemeente Lemsterlân |
Follegea is in doarp yn it noarden fan de gemeente De Fryske Marren, earder Lemsterlân, oan de Follegeasleat. It doarp leit oan de Strjitwei, eartiids Ryksstrjitwei en foarmet in twillingdoarp mei Jistergea. De namme komt nei alle gedachten fan Folle (manljusnamme) gea(lân).
Follegea hat 180 ynwenners (1 jannewaris 2023).[2]
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme komt nei alle gedachten fan Folle (manljusnamme) gea(doarpsgebiet/himrik).
Noch yn 1683 hie Follegea-Jistergea in eigen tsjerke, letter waard it ien gemeente mei De Lemmer. De tsjerke moast ek foar de skoalle soargje: it traktemint fan de master en it ûnderhâld fan it gebou.
De Follegeaster brêge oer de Follegeasleat jout útsjoch op de Tsjûkemar. De Follegeasleat is de ferbining tusken de Grutte Brekken yn it westen en de Tsjûkemar yn it easten. De brêge stie al op de alderâldste kaarten oanjûn. Oan de brêge stie earder in herberch, dêr't oant 1900 tol betelle wurde moast troch dejingen dy't oer de brêge gienen of der ûndertroch. De tsjerke hie de plicht om yn Follegea de brêge te ûnderhâlden, teminsten foar de helte, de oare helte wie foar de grytman. Sa sil it ek wol west hawwe mei it toljild. Om sa'n tol te pachtsjen moast men alle jierren ynskriuwe, en it gie dan nei de heechste bieder.
Op 2 oktober 1799 woe in Ingelsk ynvaazjelegerke stellingen opsmite. It slagge in ploech wapene boargers dy't ûnderweis wiene nei De Lemmer om yn twa oanfallen de batterijen yn te nimmen. Dêrby waarden trije stik geskut, wêrûnder in achttjinpûner ferovere.
By de wetterfloed fan 1825 stie it hiele gea ûnder wetter, sadat de tolopbringsten ek minder waarden.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Feriening foar Doarpsbelang dielt Follegea mei Jistergea. It doarpshûs, Doarpshûs Irene, tsjinnet beide doarpen.
Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Oranjeferiening, organisearre yn 2007 ek it "Spikerbroekhingjen"
- Iisklup Winterwille
- Reisferiening Meienoarien
- Begreffenisferiening Follegea-Jistergea
- Biljertferiening
- Klaverjasklup
- Tonielferiening Op Nij Feriene
- Havenferiening De Jister
- Dûnsferiening Follegea-Jistergea
- Follega in beweging
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1840 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2004 | 2013 | 2021 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 231 | 401 | 375 | 367 | 211 | 202 | 200 | 162 | 180 |
(Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2013 en 2020: Alle Cijfers.)
Berne yn Follegea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Martinus Hamconius, (1551-1620), grytman en skiedskriuwer.
- Tiemen Groen, 6 july 1946, eardere Fryske hurdfytser (efterfolging).
Klokkestoel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op it begraafplak stiet ien fan de klokkestuollen yn Fryslân. De klokkestoel waard al yn de 18e iuw neamd, is makke fan bilingahout en grien fan kleur mei in wite kape. De kap is in helmdak mei in hoanne en der lizze potdeksele pannen op. De klok mei in trochsneed fan 78 sm. is getten troch Peter van den Ghein, en waacht sawat 320 kilo.
Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Follegea Mûne is in yn 1857 boude spinnekop. De mûne wie in boufal yn 1968 en is nei ôfbraak yn Laag-Keppel opboud en restaurearre, dêr't de mûne noch jimmeroan stiet.
- Der is in ferske skreaun oer in âld-ynwenner fan Follegea: De Stampers - De boeretryn (1976)
- It ynstekhaventsje hjit De Jister.
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Lytse Brekken, Dunegeawei, Strjitwei, Tramdyk.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |