Fokker F.V
De Fokker F.V wie in fleanmasine dy't yn de jierren '20 fan de 20e iuw troch de Nederlânske fleanmasinefabryk Fokker boud waard yn de Fokkerfabriken te Veere. It ûntwerp wie fan yngenieur Reinhold Platz. De earste flecht wie op 7 desimber 1922 fan Skiphol. Der waard mar ien fan makke, it prototype.
Apart oan it tastel wie dat it sawol in heechdekker as in dûbeldekker wie, dat wol sizze, de ûnderste wjuk koe der ôfnaam wurde om mear faasje te krijen (minder loftwjerstân). Mei dûbele wjuk (grutter wjukoerflak) soe it tastel in swierdere lading hawwe kinne. Yn de praktyk foel dat lykwols ôf omdat de ûnderste wjuk minder lift opsmiet as't earder tocht wie.
De rompkonstruksje wie ek bysûnder. De romp fan de F.V wie net fan stielen buizen bespand mei linnen, sa't doe wenst by Fokkers wie, mar fan twa lagen tripleks (in laach yn de kabine en ein laach oan de bûtenkant). Dat wie gjin súkses: de platen rattelen ûnhuer by it fleanen, dat it hiele tastel trille en de passazjiers koenen elkoar suver net ferstean.
De motor fan de F.V dreaun twa efterelkoar sette propellers mei twa bêden oan, omdat ien propeller oars te grut wurde soe. De F.V hie in dûbele bestjoering en yn de kabine wie plak foar acht passazjiers en in toilet.
It Nederlânsk fleanmasineregister fan maaie 1926 seit: 'Ferkocht oan Eastenryk'.
Spesifikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Lingte: 12,0 m
- Spanwiidte: 16,0 m
- Hichte (fan de grûn ôf): 4,0 m
- Maks. oantal passazjiers: 8
- Leechgewicht: 1900 kg
- Maks. startgewicht: 3100 kg
- Motor: 1x Rolls Royce Eagle fan 360 hk
- Krúsfaasje: 180 km/u
- Earste flecht: 7 desimber 1922
- Oantal boud: 1