Fokker 70
Fokker F70 | |
---|---|
Rol | Ferkearsfleanmasine |
Makker | Fokker |
Untwerper | Fokker |
Earste flecht | 4 april 1993 |
Yn tsjinst | 1993 |
Ut tsjinst | n.f.t. |
Tal makke | 47 ( 1 prototype) (1992-1997) |
Brûkers | sjoch tekst |
Farianten | gjin |
De Fokker 70 is in ferfearsfleantúch mei twa strielmotors foar regionale flechten. Meidat de motors achter oan de romp sitte hawwe de passazjiers net safolle lêst fan it motorlûd.
It fleantúch wie it lêste ûntwerp fan Fokker yn Nederlân. De earste waard yn tsjinst naam yn 1993. De Fokker 70 is feitlik in lytsere fariant fan de Fokker 100 dy't op syn beurt wer in trochûntwikkele fariant fan de Fokker F-28 wie. Tusken 1993 en 1997 waarden der 48 stiks fan boud. Grutste brûker fan it type is KLM Cityhopper, mei 19 fleantugen (novimber 2014; de lêste 9 tastellen út tsjinst op 28 oktober 2017). Ek tsjinnet der in Fokker 70 as Nederlânsk reageringstastel.
Feitlik wie de earste Fokker 70 in 'trochseage' Fokker 100. By it twadde prototype fan de F100, de PH-MKC, waarden twa seksjes fan it fleantúch fuorthelle, sadat er fjouwer meter koarter waard. Dat tastel hie trije frachtdoarren, ien mear as de reguliere Fokker 70.
Hjoeddeiske brûkers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Anno 2015 binne der noch 38 tastellen yn tsjinst by 9 loftfeartmaatskippijen:
- KLM cityhopper (19) - wurde stadichoan ferfongen;[1] 7 waarden oernaam wurde troch Air Niugini[2]
- Air Niugini (9)
- Alliance Airlines (7)
- Austrian Airlines (6) - sille ferfongen wurde en oernaam wurde troch Alliance Airlines[3]
- Fly All Ways (2)
- Insel Air (3)
- Equatorial Congo Airlines (1)
- Kush Air (1)
- Transwisata Air (1)
- TransNusa Air Services (1)
Spesifikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ofmjittingen
- Spanwiidte: 28,08 m
- Langte: 30,91 m
- Hichte: 8,51 m
- Fleugeloerflak: 93,50 m²
- Oerflakbelêsting: 392,94 kg/m²
- Gewicht en lading
- Betriebsleergewicht: 22.784 kg
- Maks. startgewicht: 41.730 kg
- Maks. lâningsgewicht: 36.740 kg
- Maks. lading: 10.780 kg
- Tankynhâld: 9.600 l (13.365 l mei opsjonele tank yn romp)
- Sitplakken: 70-80 (5 rijen mei middelpaad)
- Bemanning: 2
- Oandriuwing
- Motor: 2x Rolls-Royce Tay 620-15 Turbofan fan 61,6 kN (13.700 lbs) it stik
- Fleanprestaasjes
- Maks. tsjinstfaasje: 856 km/h (320 KIAS / Mach 0.77)
- Tsjinstplafond: 10.670 m (35.000 ft)
- Startbaanlangte min.: 1.665 m
- Lâningsbaanlangte min.: 1.274 m
- Maks. fleanberik: 2.010 km (1.085 nm) // 3.410 km (1.840 nm) as Fokker Executive Jet 70ER of mei ekstra tank yn de romp
Ferlikbere ûntwerpen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Fokker F70 fan Wikimedia Commons. |