Springe nei ynhâld

Fokke Sytses Reiding

Ut Wikipedy
Fokke Sytses Reiding

Fokke Sytzes Reiding (Suderdrachten, 12 maaie 1806 - Drachten, 4 febrewaris 1887) wie in Nederlânsk politikus.

Reiding wie in soan fan gemeentesekretaris Sytze Fokkes Reiding en Hebbeltje Veenstra. Hy studearre rjochten aan de Ryksuniversiteit Grins en studearre magna cum laude ôf yn 1828. Hy troude yn 1830 mei Johanna Louiza Rosier van Wartum.

Mr. Reiding waard om 1831 hinne sekretaris fan de gritenij (letter gemeentesekretaris). Fierders wie er lid fan de Provinsjale Steaten (1850-1868). Yn 1868 folge er Epeus Manger Cats op as boargemaster fan Smellingerlân. Yn 1886 trede er ôf en ferstoar in pear moanne letter mei 78 jier.