Flonheim
Flonheim | ||
Alde riedshûs | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
lânkring | Alzey-Worms | |
ferbânsgemeente | Alzey-Land | |
Stedsyndieling | 2 Ortsteile | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.706 (31.12.2022)[1] | |
Oerflak | 14,95 km² | |
Befolkingsticht. | 181 ynw./km² | |
Hichte | 198 m boppe seenivo | |
Oar | ||
Postkoade | 55237 | |
Koördinaten | 49° 52' N 8° 4' E | |
Offisjele webside | ||
www.flonheim.de | ||
Kaart | ||
Flonheim is in plak yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It doarp leit yn 'e lânkring Alzey-Worms en is ien fan 'e 24 Ortsgemeinden fan it gemeenteferbân Alzey-Land.
Flonheim leit yn it west fan Rynhessen, likernôch 5 km noardwest fan Alzey. De oare gruttere stêd yn 'e omkriten fan Flonheim is Bad Kreuznach, dat likernôch 15 km noardwest fan Flonheim leit. It natoergebiet Aulheimer Tälchen leit twa km súdwest fan it sintrum fan Flonheim. De 15 km lange kuierrûte Hiwweltour Aulheimer Tal rint súd fan Flonheim dwers troch it natoergebiet.
Op it doarpsgebiet fan Flonheim leit in sânstiengroeve, dêr't oant yn 'e jierren 1960 de Flonheimer sânstien ôfgroeven waard. Troch Flonheim streamt de Wiesbach.
Oant 1969 wie it doarp Uffhofen in selsstannige gemeente, sûnt is it in Ortsteil fan Flonheim.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Flonheim
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Fral yn 'e Alzeyerstraße, Langegasse, Wassergasse en oan it Marktplatz binne in soad 18e-iuwske gebouwen dy't it besjen wurdich binne. Oan 'e Wilhelm-Leuschner-Straße steane in tal moaie 19e-ier 20e-iuwske filla's.
- De protestantske tsjerke fan Flonheim waard yn 1882-1885 op it plak fan de stiftstsjerke fan Augustynske koarhearen boud. Yn 'e tsjerke leit noch in flier fan klaaitegels út de âlde kleastertsjerke. Fan de kleastertsjerke binne oan in hûs yn 'e Langgasse en de tún fan 'e pastorij romaanske reliëfs út it earste fearn fan 'e 12e iuw te sjen. Stilistysk binne de reliëfs besibbe oan dy fan 'e súdeastlike foarhal fan 'e Mainzer dom.
- De katolike parochytsjerke is in neogoatysk gebou út 1883-1885.
- It riedshûs mei in treptoer datearret út 1587.
- Súd fan it doarp rjochting stiet tusken it wynbou gebiet in wynberchhûske út 1756.
Uffhofen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De protestantske tsjerke oan 'e Haupstraße is in letbarok gebou út 1756.
- De ienfâldige wite mennistetsjerke út 1829 stiet oan 'e Hauptstraße 35.
- Súdwest fan it plak stiet by de 16e-iuwske Geistermûne in wynberchhûske út de 18e iuw.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Protestantske tsjerke.
-
Alzeyer Straße 1 (18e iuw).
-
Hûs Hinkel.
-
Barokke wente oan 'e Wassergasse 8.
-
Katolike tsjerke.
-
Filla oan 'e Wilhelm Leuschner Straße.
-
Uffhofen:
Protestantske tsjerke. -
Uffhofen:
Wynberchhûske.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Flonheim (ferzje 27 juny 2024
|