Springe nei ynhâld

Fleantúch

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Fleantugen)
Untwikkeling van Lange Aksjeradius Fleantugen
Fokker 100 mei registraasje HB-JVE fan Helvetic Airways by de nadering fan de lanningsbaan fan de Lofthaven fan Zürich
Thulin Bleriot XI
De earste flecht fan de bruorren Wright, 17 desimber 1903, 10.35 oere
Lockheed SR-71 Blackbird

In fleantúch of fleanmasine is in loftfartúch dat in hegere tichtheid hat as lucht (swierder is as lucht) en by steat is in kontrolearre flecht te meitsjen. It makket dêrby gebrûk fan de omheechgeande krêft, lift neamd, feroarsake troch de lucht dy't mei in beskate snelheid oer it spesjale profyl fan it fleugeloerflak streamt.

Utfiners wienen oan de ein fan de 19e iuw dwaande mei it útfinen fan in ferfiermiddel dêr't motorisearre mei flein wurde koe. De loftballon wie al yn 1783 útfûn, it sweeffleantúch waard foar it earst súksesfol testen troch Otto Lilienthal yn 1891. Yn 1903 wisten de Amerikaanske Bruorren Wright as earste minsken mei harren sels boude en motorisearre fleantúch, "The Flyer", in kontrolearre flecht te meitsjen. Yn Nederlân fleach it earste fleantúch op 27 juny 1909, bestjoerd troch Charles de Lambert. Yn 1910 makke de Frânsman Henri Fabre mei de ûntwikkeling fan de it earste wetterfleantúch it mooglik gruttere fleantugen te meitsjen omdat se net ôfhinklik wienen fan de lingte fan in fleanfjild. Twa jier letter kaam Curtiss mei de earste fleanboat. Yn datselde jier waard ek it earste eksperimint dien mei opstigen fan in skip ôf troch Eugene Ely.

Hoewol't der eksperimintearre waard mei it ferfier fan post en passazjiers, soe it fleantúch foarearst noch as sport- en stuntapparaat brûkt wurde. Sûnt 1911 begûnen de Jeropeeske legers har te ynteressearjen foar it fleantúch mei it each op in kommende oarloch, dy't útrinne soe yn de Earste Wrâldoarloch, al konsintrearren de Dútsers har noch in skoft op de Seppelin. De Earste Wrâldoarloch wurke yn Europa as in katalysator op de ûntwikkeling fan it militêre fleantúch. Der waard begûn om fleantugen yn te setten as ferkenner. Doe't de fijannen dêrnei mei elkoar yn konflikt kamen yn de loft, kaam it jachtfleantúch yn byld. Dat krige mitrailleurs op de motorkape. Troch Sikorsky syn eksperiminten mei fjouwermotorige fleantugen waarden grutte bommesmiters mooglik. De Britske marine gie fierder mei it opstigen en lânjnen fan skippen ôf, wat resultearre yn de earste torpedobommesmiters.

Nei de Earste Wrâldoarloch kamen in soad fleanders en fleantugen sûnder wurk te sitten. Bommesmiters waarden omboud ta de earste folweardige passazjiersfleantugen om de moeilike neioarlochske jierren troch te kommen. Wylst de passazjiersfleantugen geandewei better waarden, stienen de ûntwikkelingen yn de militêre takke sa goed as stil. Allinnich de loftraces joegen fleantúchbouwers de mooglikheid om nije techniken út te probearen. Ut dy loftracers ûntstie dan ek de earste nije generaasje jachtfleantugen wêrmei't de Twadde Wrâldoarloch yngien waard. Ek dy oarloch wurke as in katalysator op de ûntwikkeling.
It sweeffleantúch waard yn Dútslân ta yn de finesses trochûntwikkele om it ferdrach fan Versailles te ûntdûken. Dêrneist ûntstienen der dûkbommesmiters, nachtjagers en de strielmotor waard yntrodusearre.

Nei de Twadde Wrâldoarloch soarge de wapenwedrin tusken it ûntstiene Warsjaupakt en de NAFO ta in bliuwende prikkel om mei nije fleantugen te kommen. De fleantugen moasten heger, flugger en langer yn de loft bliuwe kinne. Chuck Yeager gie troch de lûdsbarriêre, spionaazjefleantugen fleagen dêrnei oant trije kear sa hurd as it lûd (de Lockheed SR-71 (Blackbird). Ek waard mei de yntroduskje fan de F16 in fleantúch yntrodusearre dat allinnich fleane koe mei help fan in kompjûter, it saneamde fly-by-wire-prinsipe.

Yn dyselde tiid kaam ek it massatoerisme op in de westerske lannen. Net allinnich waarden de passazjiersfleantugen geandewei grutter, lykas de Boeing 747, mar ek sneller, mei as hichtepunt de supersoanyske Concorde. Yn dyselde tiid ûntwikkele him ek de privee- of sakejet, sadat wichtige sakelju net bûn wienen oan fleantiden en krappe fleantugen. Flak foar it útienfallen fan it Warsjaupakt en de Sovjet-Uny waard de stealth-technyk tapast op oare fleantugen as allinnich de spionaazjefleantugen. De ûntwikkeling fan it gefjochtsfleantúch giet sûnt de fal fan it kommunisme minder hurd. De Europeeske lannen rinne tsjin enoarme ûntwikkelingskosten op, wêrtroch't se mei lijen de Eurofighter fan de grûn witte te krijen. Lytsere lannen, lykas Taiwan, Israel, Korea en Sweden witte de holle boppe wetter te hâlden troch it meitsjen fan militêre fleantugen dy't basearre binne op besteande techniken, wylst de kosten foar de Amerikaanske F-35 Lightning II allinnich mar oprinne. Yn de boargerloftfeart geane de ûntwikkelings lykwols troch. Airbus kiest foar grutter mei de dûbeldeks A380. Boeing kiest foar sunich en miljeufreonliker mei ûnder oarende 787.