Flagge fan Heech
De flagge fan Heech is de flagge fan it doarp Heech, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. De flagge waard yn 1990 registrearre.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De opmerklike flagge is dokumintearre yn Steenbergen syn flaggeboek út 1870 en waard sels brûkt om op de Noardsee te farren. Yn 1914 hiene ielskippers in befoarrjochte oanlisplak yn Londen oan 'e rivier de Teems, mei dizze flagge boppe. Op âldere skilderijen, lykas yn it Frysk Skipfeart Museum, binne ek skippen foar de Ingelske kust te sjen mei de flagge fan Heech. Op in flaggekaart fan 1766, tekene troch Joseph Roux en bewarre yn it Marinemuseum (Frânsk: Musée national de la Marine) yn Parys, fynt men de flagge ek.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beskriuwing fan de flagge is:
Fan blau mei yn de boppekant fan de broek oan de kanton mei de sydkanten lyk oan 5/7 flaggehichte mei twa de selde lengtes read en wyt.
De kleuren komme út it wapen fan Heech.