Felice Beato
Appearance
Felice Beato (Feneesje, 1832 - Florâns, 29 jannewaris 1909), ek wol Felix Beato, wie in Italjaansk-Britsk fotograaf, ien fan de earsten dy't fotografearre yn East-Aazje en ien fan de earste oarlochsfotografen.
Beato is ferneamd fan syn sjenrestikken, portretten en útsichten en panorama's fan de arsjitektuer en lânskippen fan Aazje en it Middellânske Seegebiet. De reizen dy't Beato nei in protte lannen makke joegen him de kâns om sterke foto's te meitsjen fan kontreien, minsken en barrens dêr't de measte minsken yn Jeropa en Noard-Amearika neat fan ôf wisten. Noch altyd wurde syn foto's brûkt at it oer de Muiterij fan Sepoy en de Twadde Opiumkriich giet. Syn foto's binne de earste foarbylden fan wat letter de fotosjoernalistyk hjitte soe.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Fort Taku fuort nei de ynname op 21 augustus 1860
-
Belvedêre fan de god fan Literatuer, simmerpaleis, foar syn ferneatiging
-
Samuray fan de Satsumaclan, yn de Bosjinkriich (1868–1869)
-
Queen's Silver Pagoda, Mandalay, om 1889
keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Felice Beato fan Wikimedia Commons. |