Springe nei ynhâld

Faksimilee

Ut Wikipedy
Faksimilee fan Rimbaud syn gedicht Voyelles

In faksimilee (fan it Latynske fac simile, "gelikens meitsje") is in kopy of reproduksje fan in âld boek of manuskript, of fan in âlde lânkaart of keunstprint, of fan lykfol hokker oar ding fan histoaryske wearde, dat safolle as mar mooglik is op it orizjineel liket. In faksimilee ferskilt fan oare foarmen fan reproduksje om't hjirby besocht wurdt de boarne sa sekuer mooglik te kopiëarjen, net inkeld oangeande ynhâld, mar ek wat grutte, kleur, kondysje en oare materiaalkwaliteiten oanbelanget. Yn it gefal fan boeken en manuskripten betsjut dat dat alle siden reprodusearre wurde moatte, mei mooglike skriuwflaters en al. Is dat net it gefal, dan wurdt sprutsen fan in "ûnfolslein faksimilee". It doel fan it meitsjen fan in faksimilee is gauris sadat wittenskippers in boarne ûndersykje kinne dêr't se oars gjin tagong ta hawwe soene (bgl. fanwegen de fragilens fan in beskaat manuskript). Ek wurde troch museä en argiven wol faksimilees makke by wize fan mediapreservaasje en -konservaasje (bgl. as de boarne net mear te rêden is). Faksimilees wurde ek makke om kommersjeel te ferkeapjen, gauris mei in byhearrende bekommentarisearjende tekst. Sokke faksimilees wurde yn 'e regel produsearre yn beheinde oplagen fan 500-2000 eksimplaren, en kostje by de twatûzen euro om.