Springe nei ynhâld

Europa-Park

Ut Wikipedy
Fan dizze side moat de stavering noch hifke wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


Europa-Park
  ferdivedaasjepark
Haadyngong Europa-Park (2017)
Haadyngong Europa-Park (2017)
lokaasje
lân Dútslân
Dielsteat Baden-Wuertemberch
Landkreis Ortenaukreis
plak Rust
adres Europa-Park-Straße
koördinaten 48° 16' NB, 7° 43' EL
bysûnderheden
type Attraksjejepark
tema Europa
eigner Famylje Mack
iepen It hiele jier
oerflak 97 ha
attraksjes 61
achtbanen 14
wetterattr. 6
besikers 5,4 miljoen (2022)
skiednis
iepening 12 july 1975
gebou
boujier 1975
offisjele webside
Webstee Europa-Park
kaart
Europa-Park (Baden-Wuertemberch)
Europa-Park
Lokaasje Europa-Park

Europa-Park is sûnt 1975 in attraksjepark by Rust yn de Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. Tema is it wrâlddiel Europa mei har ferskillende lannen. Yn 2023 wie it nei it Disneyland Park yn Parys it bêst besochte attraksjepark fan Europa.

Europa-Park is eigendom fan de Dútske famylje Mack. Yn 1780 rjochte Paul Mack yn it Dútske Waldkirch in bedriuw op dat houten koetsen boude. Hûndert jier letter waarden de wurksumheden útwreide en lei it bedriuw him ta op de bou fan weinen dy 't geskikt wiene om draaioargels te ferfieren. Letter kamen der ek weinen by dy't geskikt wiene foar merke-en sirkuseksploitanten.

Yn 1920 rjochte it fabryk him op it bouwen fan merke-attraksjes. Dat resultearre deryn dat in jier letter de earste houten achtbaan produsearre waard. Yn de jierren 1970 kamen Franz Mack en syn soan Roland Mack op it idee om in attraksjepark op te rjochtsjen, nei't sy yn it bûtenlân ferskate attraksjeparken besichtige hiene, ûnder oare Disney-parken. It idee achter it attraksjepark wie dat it in showroom wurde moast, wêryn 't de produkten fan it bedriuw (MACK Rides) toand waarden. Dêrfoar hie de famylje earst in lokaasje tichtby Breisach am Rhein op it each flakby de keunstmjittige mar Europa-See. De gemeente karde de bou fan in attraksjepark goed. Dielsteat Baden-Württemberg wie tsjin omdat de mar en de omjouwing nedich wiene om oerstallich wetter út de rivier de Ryn opfange te kinnen.

In folgjende mooglikheid wie in terrein fan 20 bunder by it plak Neuenburg am Rhein direkt grinzjend oan de Autobahn 5. Der moast dan in tunnel ûnder de sneldyk oanlein wurde. Dit soe 1 miljoen DM kostje en dat fûnen se in te grutte ynvestearring. De úteinlike lokaasje waard fûn by it doarp Rust, it gong nei Slot Balthasar mei dêrby in mearkespark. Mynhear Mack kocht it gehiel en naam ek in tal bisten fan it eardere mearkespark oer.

Op 12 july 1975 iepene Europa-Park mei tweintich attraksjes, wêrûnder in monorail, midgetgolfbaan en rûnfeartattraksjes. Om de midgetgolfbaan hinne stiene miniatuergebouwen opsteld fan ferskate bekende gebouwen lykas de Eiffeltoer en it Paleis fan Westminster. Yn 1976 iepene it park in oldtimerbaan. Twa jier letter iepenen de attraksjes: Jungle Rafts en Tiroler Wildwasserbahn en ûntfong it park 1 miljoen besikers. Yn 1979 iepene de boattocht Elfenfahrt en twa jier letter in draaimûne.

Europeeske lannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sân jier nei de iepening begûn it attraksjepark him te rjochtsjen op it tema Europeeske lannen. Yn 1982 iepene it temagebiet Itaalje. It earste temagebiet basearre op it nije tema. It temagebiet iepene mei-inoar mei twa darkrides: Geisterschloss en Ciao Bambini. Fan dat stuit ôf makke it attraksjepark dúdlik gebrûk fan de ûnderfiningen en ynspiraasje dy 't de famylje Mack yn Amerikaanske attraksjeparken opdien hie. In part fan de attraksjes dy't boud waarden yn de jierren 80, wiene dúdlik ynspirearre op attraksjes yn it Disneyland Resort en Walt Disney World Resort. Sa is it Geisterschloss basearre op The Haunted Mansion en Ciao Bambini op it's a small world. Opfallend is dêrby dat it Walt Disney World Resort yn 1982 it attraksjepark Epcot iepene. In attraksjepark dat foar it grutste part ek as tema lannen hat.

De twadde monorail "EP-express" iepene yn 1995 mei in tal stasjons en tsjinne as transportsysteem troch it hiele park. Dêrby iepene Europa-Park it earste hotel. It "hotel El Andaluz" mei as tema Portegal. Yn 1996 iepene it temagebiet Dútslân. Yn 1998 iepene it attraksjepark in kampearterrein dêr't besikers oernachtsje koene. It kampearterrein waardt yn 2010 útwreide mei bebouwing yn de styl fan it Wylde Westen. Yn 2014 iepene it suver oerdekte temagebiet "Königreich der Minimoys". It park wike hjirby ôf fan it lannetema.

Op 26 maaie 2018 waard de darkride "Piraten in Batavia" yn it Nederlânske temagebiet troffen troch in brân. Ek in part fan it temagebiet Skandinaavje waard ferwoaste, wêrtroch't wyldwetterbaan "Fjord Rafting" tydlik sletten wurde moast.[1][2] Op 28 novimber 2019 waard it swimbadkompleks "Rulantica" iepene foar besikers.[3]

Op 19 juny 2023 waard Europa-Park opnij troffen troch in grutte brân. Dy ûntstie yn in technyske romte yn in gebouwekompleks oan de râne fan it Eastenrykske temagebiet. De brân sloech letter ek oer nei it Spaanske gebiet. Achtbaan "Alpenexpress "Enzian"", de "Tiroler Wildwasserbahn" it Spaanske stasjon fan de "Panoramabahn" rekken skansearre, de walktroughattraksje "Yomi-Zauberwelt der Diamanten" gie hielendal ferlern en der waarden ek twa sûvenirwinkels troffen.[4] Walktroughattraksje "Yomi-Zauberwelt der Diamanten" waard ferfongen troch in klimpark mei de namme "Yomi Abenteuer Trail" die yn 2024 iepene.[5]

Yn it temagebiet Dútslân sit de haadetree fan it attraksjepark. De haadetree sit ûnder in monorailstasjon. Achter de haadetree sit in leane, de Deutscher Allee, mei oan beide siden gebouwen dy 't kwa arsjitektuer basearre binne op de bebouwing yn Súd-Dútslân. Healwei dizze haadstrjitte oerspant in poarte mei in klokketoer de strjitte. Yn de bebouwing binne hoareka en winkels. Krekt njonken it monorailstasjon binne restanten fan 'e Berlynske Muorre. Yn in sydstrjitte fan 'e haadstrjitte sit de attraksje Voletarium, dêr 't it eksterieur fan ôfwykt fan dat fan 'e haadstrjitte. Njonken it Swarte Wâld restaurant is it karnavalsmuseum. Oan de ein fan de haadstrjitte makket bebouwing plak foar in parkachtige omjouwing. Oan dit park leit Slot Balthasar en ek in tal attraksjes, wêrûnder it stasjon fan de stoomtrein en in oldtimerbaan.

Attraksjes
Namme Type Opm.
Elfenfahrt Wetterattraksje
Voletarium Bewegingssimulator
Oldtimer-Fahrt rûnrit
Marionetten-Bootsfahrt Wetterattraksje
Jim Knopf rûnrit
Panoramabahn-stasjon
"Dútslân"
Trein Folgjende halten: Ingelân, Spanje en Ruslân.
EP-Express-stasjon
"Alexanderplatz"
Monorail Folgjende halten: Hotels, Spanje en Grikelân.
Horeaka
Namme Type Keuken
Rock Café Betsjinning moarnsbrochje, hamburgers en bowls
Schwarzwälder Vogtshaus Kafetaria Dútske lekkernijen lykas Fleischäs', Bratwurst, Schinken en wyn út de regio Baden.
Walter's Wurstbude Loketferkeap Dútske lekkernijen Bratwurst en Currywurst.
Restaurant Schloss Balthasar All la carte restaurant Gerjochten út Baden en de Elzas.

It temagebiet Eastenryk is dekorearre as berchlandachap. Hjiryn sitte achtbaan Alpenexpress "Enzian", beamstamattraksje "Tiroler Wildwasserbahn" en in klimppark, wêrby't de achtbaan en beamstamattraksje krúst wurde. Yn it bûtengebiet binne in sweefmûne, biergarten en it restaurant Seehaus dat útsjoch biedt op in mar.

Attraksjes
Namme Type Opm.
Aplenexpress Enzian Achtbaan
Josefinas kaiserliche Zauberreise Wetterattraksje
Wiener Wellenflieger Sweefmûne
Donau Dampfer Rûnfeart
Würmchen Wies'n Boartersplak
Yomi Abenteuer Trail klimpark
Tiroler Wildwasserbahn Beamstamattraksje
Horeaka
Namme Type Keuken
Erdinger Weißbiergarten Biergarten Njonken ferskate bierspesjaliteiten serveare se hjir ek alderhande hertige lekkernijen
Seehaus Selsbetsjinningsrestaurant Ferskate Eastenrykske spesjaliteitn lykas Wiener Schnitzel, brette hin. Käs'Spatzen, Kaiserschmarrn.
Tiroler Jausenstandl Kafetaria Eastenrykske snacks lykas Kässpatzen en Käsekrainer

It temagebiet Frankryk is boud om in fiver hinne. Blikfanger is in grutte sulveren bol oan it haad fan de fiver. Yn dizze bol sit de achtbaan Eurosat - CanCan Coaster. Under de bol húsfestet de darkride Madame Freudenreich Curiosités. Tegnover de bol, oan de oare kant fan de fiver, sit de 75 meter hege útkyktoer Euro Tower. Oan wjerskanten fan de fiver stiet ferskate bebouwing yn Frânske arsjitektuer. De gebouwen húsfestje hoareka en winkels. It temagebiet hat in sydstrjitte dêr 't de dekoraasje yn it teken stiet fan de filmwrâld. Yn de sydstrjitte binne tapaslik in 4 D-bioskoop en studioromtes dêr 't Europa-Park de mooglikheid hat om media te produsearjen. Achter de sulveren bol sit de achtbaan Silver Star.

Attraksjes
Namme Type Opm.
Euro Tower Utsjochtoer 75 meter heech
Eurosat - CanCan Coaster Achtbaan De achtbaan sit folslein yn in 45 meter hege grize koepel.
Madame Freudenreich Curiosités Darkride
4D bioskoop Bioskoop
Silver Star Achtbaan Oant 2012 de heechste achtbaan fan Europa.
Horeaka
Namme Type Keuken
Tarte Flambée Flammkuchenstand Loketferkeap Boppe iepen fjoer bakte flammkuchen en wyn út de Elzas.
Petite France Selsbetsjinningsrestaurant Moarnsbrochje, lunch mei krokante hin of kordon bleu, en kofjespesjaliteiten mei swiete lekkernijen út Frankryk.
Elzasser Bakkerij Bakkerskafee kopke kofje to-go, croissants, beleine stokbroadsjes en tartelettes mei fruit.
Chez Marianne Loketferkeap Kofjespesjaliteiten, gebak, baguettes, wyn, cocktails en sjampanje
Mille Fleurs Selsbetsjinningsrestaurant Italjaanske gerjochten
Bistro Tomi Ungerer Betsjinning Frânske gerjochten lykas Flammkuchen, kafee au lait en in wiidweidich gebakbuffet.
Crêperie Nadine Loketferkeap Frânske crêpes mei ferskillende swiete en hertige yngrediïnten.
Motorsports Bar Loketferkeap Hertige nacho's, farske hotdogs en koele drankjes.
Happiness Station Silver Star Loketferkeap Softiis mei fruit, toppings en sauzen

Temagebiet Grikelân is kwa arsjitektuer ynspirearre op it Grykske eilân Santorini. Oan in mar is in doarp realisearre mei wite bepleistering en blauwe dakken. Yn de gebouwen binne winkels en hoareka. Under it doarp leit de ynteraktive darkride Abenteuer Atlantis. De entree leit op in healferdjippe lizzing mei it strjitnivo. Yn ien fan de gebouwen op strjitnivo sit madhouse Fluch der Kassandra. Op de boppestende ferdjipping fan it doarp is in stasjon fan de monorail. Foar it wite doarp oer sit in teäter dêr 't benammen reedrydshows organisearre wurde. Oan it doarp grinzet in mar dêr 't men fan de terrassen fan de ferskate hoareka útsjoch op hat. Yn en om de mar leit de wetterachtbaan Poseidon. Efter dizze achtbaan leit achtbaan Pegasus.

Attraksjes
Namme Type Opm.
Abenteuer Atlantis Darkride
Poseidon Achtbaan
Pegasus Achtbaan
EP-Express-stasjon
"Grikelân"
Monorail Folgjende haltes: Dútslân (stasjon "Alexanderplatz"), Hotels en Spanje.
Fluch der Kassandra Draaiend hûs
Horeaka
Namme Type Opm.
Taverna Mykonos Selsbetsjinningsrestaurant Grykske spesjaliteiten lykas gyros, salade mei feta, pitabôle en tzatziki

Ierlân is benammen rjochte op bern en bestiet dus benammen út berneattraksjes lykas in berneachtbaan, oldtimerbaan en boarterstún. Yn it temagebiet stiet in gebou dekorearre as kastiel, in ferwizing nei de myte om de Fairies en harren kastiel hinne. Ek binne der ferwizings yn it temagebiet nei de Leprechauns te finen.

Attraksjes
Namme Type Opm.
Old Mac Donald’s Tractor Fun Rûnrit
Ba-a-a Express Achtbaan
Dancing Dingie Skommelskip
Sheep Rock Wetterattraksje
Limerick Castle Boarterstún
Parcours BIG Bobby Car Rinnautootsjes foar pjutten
Little Lamb’s Land Boarterstún
Spinning Dragons Spin 'n Puke
Tower Tow
Horeaka
Namme Type Keuken
The O'Mackay's Café and Pub selsbetsjinningsrestaurant Ierske lekkernijen, lykas Shepherd's Pie, gebak en iis of foar de folwoeksenen in glês Guinness

Yn dit temagebiet wurdt Ingelân, as ûnderdiel fan it Feriene Keninkryk, útbylde. De bebouwing is yn Ingelske styl en de attraksjes ferwize nei Ingelân. Sa stiet der in demolition derby mei as auto's Londenske taksys en in fleanende tapyt yn de foarm fan in reade Londenske bus. Ek is der in leane mei dêryn merke- en gokspullen, in ferwizing nei de Ingelske badplakken dêr't dit op grutte skaal oanwêzich is. Ek is der in ynteraktive walkthrough-attraksje, wêrby't besikers ien foar ien troch in gong rinne moatte, wêrby 't se laserstrielen ûntwike moatte. Op de eftergrûn is muzyk út James Bondfilms te hearren. Op it mêd fan hoareka is der in Ingelske pub neiboud yn it temagebiet.

Attraksjes
Namme Type Opm.
Silverstone-Piste Rûnrit
The British Carousel Draaimûne
Queen’s Diamonds – Laser Maze walkthrough
Arena of Football - Be Part of It! Botsauto fuotbal
London Bus Fleanend tapijt
Crazy Taxi Demolition Derby
Panoramabahn-stasjon
"Paddington Station"
Trein Folgjende halten: Ingelân, Spanje en Dútslân.
Horeaka
Namme Type Keuken
Arena of Football – Sportsbar Selsbetsjinningsrestaurant Wikseljende iepeningstiden, serveert snacks en broadsjes, en der stiet in Coca-Cola Freestyle-automaat.
The Three Piglets Kafee Hin, hamburgers, patat en fish and chips.

It temagebiet Itaalje hat de foarm fan in rjochthoeke en ûnderskiedt him troch in fiver yn it midden fan it temagebiet. Yn de fiver steane fonteinen en peallen mei de kleuren read wyt. Dat is in ferwizing nei de kanalen fan Venetië. Om de fiver hinne stiet bebouwing yn Italjaanske arsjitektuer, wêrûnder in 25 meter hege campanile. Hjiryn binne hoareka, winkels en de entree nei trije attraksjes: Geisterschloss, Piccolo Mondo en Volo Da Vinci. Itaalje is it earste temagebiet yn Europa-Park fan it momint ôf dat it park mei it tema Europeeske lannen wurkje soe.

Attraksjes
Namme Type Opm.
Volo Da Vinci Monorail
Geisterschloss Spûkhûs
Darkride
Piccolo Mondo Darkride
Horeaka
Namme Type Keuken
Pizzeria Venezia Selsbetsjinningsrestaurant Pizza's, pasta's, smaaklike antipasti en knapperige salade.
Pastaria di Enzo Loketferkeap Italjaanske pasta's to go
Gelateria Loketferkeap Iis
Waffelbäckerei Loketferkeap knapperige wafels en Berliner bollen mei fanyljekrêm, slachrjemme of sûkeladesaus
Mario’s Pizza Loketferkeap Pizza
Café Benedetto Kafee Ferskate kofjespesjaliteiten, Italjaanske aperittiven en gebak.

Yn it temagebiet Kroaasje is in temagebiet dat sûnt 2022 yn ûntwikkeling is tusken de temagebieten Ruslân en Griekelân.

Attraksjes
Namme Type Opm.
Voltron Nevera Achtbaan
Nikola Tesla's Beautiful Croatia 360° Bioskoop
Horeaka
Namme Type Keuken
Sunce i Lavanda Loketferkeap 20 smaken iis, en kofje mei gebak.
Ćevapčići Snack Selsbetsjinningsrestaurant Pitabroadsje mei farsk bakte evapčiči en alkoholfrije kâld drinken en bier

In lyts plein tusken de Switserske bobslee-achtbaan en it Ingelske temagebiet. Op it plein stiet in ballonfeart.

Attraksjes
Namme Type Opm.
Liechtensteiner Ballonfahrt Ballonvaart draaimûne

It temagebiet Lúksemboarch bestiet út in plein en in gebou yn 'e foarm fan in puntige sirkustinte. Hjiryn sitte in monorailstasjon en hoareka. Yn ien fan de restaurants sit in miniatuerachtbaan, dêr 't iten op spesjaal dêrfoar ornearre ' weinen ' oer it trajekt ride.

Attraksjes
Namme Type Opm.
Monorail-Bahn
"Lúksemboarch"
Monorail Folgjende haltes: Yslân.
Teäter Draaiend teäter
Horeaka
Namme Type Keuken
Melusina Snacks & Drinks Loketferkeap donuts mei ferskate toppings en drinken.
FoodLoop All la carte restaurant De gerjochten geane oer de kop! Je bestelle it iten en drinken fan fia in touchscreen, en it komt op dyn tafel oan oer in achtbaan! De rails fan de achtbaan rinne boppe de 215 sitplakken yn it restaurant.

It Nederlânske temagebiet is dekorearre nei de arsjitektuer fan de Zaanske Skâns. Der sit yn it temagebiet in plein mei neistlizzende hoareka lykas in Yndysk restaurant en poffertsjekream en de entree fan de darkride Piraten yn Batavia. Yn it midden fan it plein stiet in teekopke-attraksjes skildere yn Delfts blauwe kleuren. Fierder binne der noch in red baron-attraksje en koggemûne te finen.

Attraksjes
Namme Type Opm.
Fliegender Holländer Draaimûne
Roter Baron draaimûne mei earmen
Koffiekopjes Teekopkesattraksje
Piraten in Batavia Darkride
Ballpool Ballenbak
Mini-Scooter Botsauto's
Horeaka
Namme Type Keuken
Friethuys Loketferkeap Nederlânske snacks
Bamboe Baai Selsbetsjinningsrestaurant Bowls, brette hin en loempia's
Molencafé Kafee Wikseljende iepeningstiden, krêpes en oare swiete lekkernijen lykas gebak, iis, kofjespesjaliteiten en koele drankjes.

Portegal bestiet as temagebiet út in keunstmjittich oanlein mear. Yn dizze mar leit in replika fan it skip de Santa Maria út 1482. Yn de mar leit de wetterachtbaan Atlantica SuperSplash. Oan de râne fan de mar sit in wetterkanon dêr 't besikers fan de attraksje mei wiet spuite wurde kinne.

Attraksjes
Namme Type Opm.
Atlantica SuperSplash Wetterattraksje
Casa da Aventura Oerdútsen boartersplak
Horeaka
Namme Type Keuken
Magellan Lounge Kafee Selsmakke punch, pittige gin-tonics, ferfrissende spritz-drankjes en kreative cocktails
Casa Atlântica Selsbetsjinningsrestaurant broadsjes en baguettes

It temagebiet Ruslân hat in haadstrjitte mei bebouwing yn Russyske arsjitektuer. Hjir sit ek it stasjon fan de stoomtrein en de darkride Schlittenfahrt Schneeflöckchen. Yn de oare bebouwing binne hoareka, winkels en in museum dêr 't persoanen yn tradisjonele Russyske klean oan hânwurk dogge. Oan de ein fan de haadstrjitte stiet in grut futuristysk gebou. Yn en om it gebou is de draaiende achtbaan Euro-Mir. Foar de entree fan Euro-Mir stiet in Russysk romtestasjon. Dizze is ynrjochte as museum en te besykjen.

Attraksjes
Namme Type Opm.
Euro-Mir Achtbaan
Lada Autodrom Rûnrit
Panoramabahn-stasjon
"Ruslân"
Trein Folgjende halten: Ingelân, Spanje en Dútslân.
Horeaka
Namme Type Keuken
CMAK - Russian Food & Burgers Loketferkeap hamburgers, patat en kâld drinken

It temagebiet Skandinaavjebestiet út in haadstrjitte dêr 't him ferskate hoareka befine en de entree nei de darkride Snorri Touren. Bûten dizze haadstrjitte stiet op in eilân in replika fan in Noarske staaftsjerke. Hjir binne oantinkens oan de ûnderwilens ferstoarne grûnlizzers fan it attraksjepark. Ek kin de tsjerke brûkt wurde foar eveneminten lykas houliken. Fierder binne der yn it temagebiet in skommelskip en it wyldwetterbaan Fjord Rafting.

Attraksjes
Namme Type Opm.
Snorri Touren Darkride
Vindjammer Skommelskip
Fjord Rafting Wyldwetterbaan
Horeaka
Namme Type Keuken
granini Saft Butikk Loketferkeap Drinken en Cocktails
Is Huset IIsalon IIs en kofje
Fiskehuset Loketferkeap Fisk
Fjord Restaurant Selsbetsjinningsrestaurant Bakte fisk, Skandinavyske fleisgerjochten, Farsk bakte plaatkoeken en kanielbroadsjes.

It temagebiet Spanje leit yn in healrûne foarm grinzjend oan it hotelresort fan it park. Ek grinzet de entree foar hotelgasten oan dit temagebiet. Ek herberget Spanje in arena foar optredens, in stasjon foar de stoomtrein, stasjon foar de monorail en ferskate hoareka en winkels. Kwa attraksje-oanbod binne der in koggemolen en rûpsbaan dy 't beide oerdutsen binne. Alle bebouwing yn it temagebiet is dekorearre nei de Spaanske arsjitektuer.

Attraksjes
Namme Type Opm.
Feria Swing Draaimûne mei earmen
Kolumbusjolle
Panoramabahn-stasjon
"Ruslân"
Trein Folgjende halten: Ingelân, Dútslân en Ruslân.
EP-Express-stasjon
"Spanje"
Monorail Folgjende haltes: Dútslân (stasjon "Alexanderplatz"), Hotels en Grikelân.
Horeaka
Namme Type Keuken
Heladería Estrellas IIssallon Withoefolle iis smaken en grutte iiskoupes.

It temagebiet is dekorearre nei in Switsersk doarp. Yn de ferskate gebouwen binne hoareka, dêr 't ûnder oare fondue servearre wurdt en in sûkeladewinkel. In tal huzen is ynrjochte as wenhûs dêr 't ferskate poppen yn dracht opsteld steane. Oer, troch en lâns it temagebiet rint de bobslee-achtbaan Schweizer Bobbahn. Oan de westkant fan it doarp sit de wylde-mûs-achtbaan Matterhorn-Blitz en in spin 'n puke-attraksje.

Attraksjes
Namme Type Opm.
Schweizer Bobbahn Bobslide-achtbaan
Matterhorn-Blitz Achtbaan
Jungfrau Gletschervlucht
Horeaka
Namme Type Keuken
Refreshing Station an der Bobbahn Loketferkeap Kâld drinken
Spirello-Kartoffel-Hüüs Loketferkeap Ierappelspiralen mei dipsaus en ferskate krûden of in rjemmige saus fan tsiis.
Walliser Weinkeller Selsbetsjinningsrestaurant tsiisfondue en Switserske winen
Walliser Stuben Loketferkeap raclette en Switserske vesper-skûtel

It temagebiet Yslân grinzend oan it temagebiet Skandinaavje. Yslân hat twa blikfangers: de houten achtbaan Wodan - Anton burcoaster en lansearachtbaan Blue Fire Megacoaster. Yn it gebiet is in strjitte oanlein mei dêryn grinzjend houten bebouwing lykas yn Yslân te finen is. Hjiryn binne hoareka, winkels en in monorailstasjon. Yn 'e midden fan it temagebiet leit de attraksje Whale soktures – Northern Lights, in splash battle dy 't opfalt troch syn fjoertoer en rotsformaasjes.

Attraksjes
Namme Type Opm.
Blue Fire Achtbaan
Lítill Island Wetterboarterstún
Whale Adventures - Northern Lights Wetterattraksje
Wodan Achtbaan
Monorail-Bahn
"Lúksemboarch"
Monorail Folgjende haltes: Lúksemboarch.
Horeaka
Namme Type Keuken
Moby Dick Hot Dogs Loketferkeap Hotdogs servearre yn in broadsje mei sipels, augurken, saus en ketchup.
Flammlachsstand Loketferkeap Salm grille boppe iepen fjoer, servearre yn in broadsje of as gerjocht op in board.
Magnum Pleasure Store Loketferkeap sûkeladeiis mei toppings
Kaffi Hús Kafee beleine broadsjes en bagels, gebak en kofjespesjaliteiten
The Baltic - Coffee & Lounge Kafee kâld drinken of ferskate kofjespesjaliteiten

Grimms Märchenwald

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan de eaststrân fan it attraksjepark sit in mearkebosk. Der stiet ferskate bebouwing yn romantyske styl dy't bekende mearkes fan Grimm útbyldzje. Hjirby wurdt gebrûk makke fan spesjale effekten, muzyk en animatronics.

Königreich der Minimoys

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dit temagebiet is hast hielendal oerdutsen en stiet yn it teken fan 'e film Arthur en de Minimoys. Blikfanger is de attraksje Arthur, in motorisearre achtbaan mei darkridedielten. Fierder binne der yn it temagebiet hoareka, winkels en alle berneattraksjes te finen.

Namme Type Opm.
Poppy Towers Frije fal toer
Arthur Achtbaan
Wurzelrutschen Glydzbanen Glydzbanen fan 11 en 13 meter
Mül-Müls Karussell Draaimûne
Horeaka
Namme Type Keuken
Ice&Drinks Loketferkeap IIs en kâld drinken
Jack's DELI Selsbetsjinningsrestaurant feganistyske en fegetaryske lekkernijen

Abenteuerland is een temagebiet mei ynfloeden út Afrika en Oseanië, sûnder grutte attraksjes der is in Wetterboarterstún en horeaka mei in wrâldkeuken. Earder wiene der al attraksjes yn dit temagebiet mar die binne hjoed de dei allegearre yndield by de omlizzende temagebieten.

Namme Type Opm.
Wasserspielplatz Wetterboarterstún
Horeaka
Namme Type Keuken
SPICES – Küchen der Welt Selsbetsjinningsrestaurant Ien mei it seizoen feroarjende menukaart mei ynternasjonale gerjochten
Crocodile Bar Kafee cocktails en kâld en waarm drinken
Adventure Food Station Loketferkeap hamburgers, knapperige patatsjes, kipnuggets en kâld drinken.

Oernachtsje by it park

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Europa-Park telt sân lokaasjes dêr 't oernachte wurde kin, wêrfan seis hotels en in kemping. It earste hotel iepene de doarren yn 1995, "Hotel El Andaluz" mei as Portugal as tema. Yn 1998 waard it kampearterrein iepene, it kampearterrein waard yn 2010 útwreide mei bebouwing yn de styl fan it Wylde Westen. It sechsde hotel " Hotel Krønasår" waard yn 2019 iepene.

De seis hotels yn Europa-Park foarmje mei sa'n 5.800 bêden it grutste hotelresort fan Dútslân. Gasten krije fan de hotels spesjale tagong ta it park en kinne it park 30 minuten foar reguliere iepeningstiid yn gean. Hotelgasten hawwe boppedat de mooglikheid om jûns fergees gebrûk te meitsjen fan it lêste iepeningsoere fan it park (mits se noch gjin tagongsbewiis foar dy dei hawwe). Foar gasten fan Hotel Krønasår, dat wat fierder fuort leit, wurdt in fergeze pindeltsjinst nei it park oanbean.

Fan 1996 oant en mei it winterseizoen 2015/16 koene besikers ek oernachtsje yn it pensjon "Circus Rolando" yn de direkte omjouwing fan de haadyngong. De 23 keamers wiene relatyf ienfâldich en fersierd mei kleurrike sirkusmotiven. Der wie gjin restaurant yn it pensjon. It waard begjin 2016 sletten om plak te meitsjen foar de attraksje Voletarium.

Hotel El Andaluz

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It hotel El Andaluz iepene yn 1995 tegearre mei in oangrinzjend stasjon fan de monorail "EP-Express". It hotel is boud yn de styl fan Andalûsje yn Portegal. It hotel is trije ferdjippingen heech en hat ferskate soarten keamers, wêrûnder famyljekeamers en suites. Oan foarsjenningen hat it hotel in restaurant, bar, wellnesssintrum, sûvenirshop en in swimbad. Foar de yntree fan it hotel sit in oerkaping dêr't persoane-auto's har bagaazje yn- en útlade kinne. Foar de oerkaping stiet in keunstwurk besteand út in tal figueren, makke fan metaal, dy't mei de rêch nei inoar op in sokkel steane.

Hotel Castillo Alcazar

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hotel Castillo Alcazar iepene yn 1999, en is it twadde hotel fan Europa-Park, it is boud as in midsiuwsk kastiel mei in Spaansk tema. It hotel grinzet oan hotel El Andaluz en is mei help fan in gongestelsel mei-inoar ferbûn. Yn dizze gongen binne ferskate harnassen en oar byldhouwurk. Ek is in fotomuorre dêr't tsientallen foto's fan mynhear Mack op hingje tegearre mei bekende persoanen lykas akteurs, politisy en sjongers. It hotel hat in rjochthoekige foarm en falt op, omdat it boppe alle oare gebouwen útstekt. Boppe yn it hotel befynt him in bar mei panorama-útsjoch. De bebouwing fan de bar stekt inkelde meters foar it gebou út. It hotel dielt de entree en resepsje mei hotel El Andaluz. Njonken in bar, hat it hotel ek noch in restaurant en swimbad.

Hotel Colosseo waard yn 2004 iepene in hotel mei in Italjaansk tema. It hotel is yn in heale sirkel boud. Yn de sirkel sit in rûn plein dat basearre is op in Italiaanske piazza. Oan it plein grinzet in part fan in neiboud Romeinsk teäter. Dy is te beklimmen en fungearret as útsjochpunt. Yn de bebouwing fan it teäter sitte inkelde suites, in wellnesssintrum en saunakompleks. Fierder herberget it hotel ferskate bars, restaurants en in swimbad.

Hotel Santa Isabel

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2007 iepene Hotel Santa Isabel de doarren it is it twadde hotel mei in Portegeesk tema en it fjirde hotel fan Europa-park. It hotel is boud yn de styl fan in Portegeesk kleaster, en falt op troch de rûne toer by de yngong en de wite bepleistering op it hiele gebou. Yn de lobby fan it hotel sitte ferskate ferwizings nei it tema. Sa binne der ferskate poppen fan mûntsen te finen. It hotel is mei in gongestelsel ferbûn mei hotel Castillo Alcazar en Hotel El Andaluz. Kwa fasiliteiten binne yn it hotel ûnder oare in restaurant, bar en swimbad.

Hotel Bell Rock

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It yn 2012 iepene hotel Bell Rock hat as tema New Ingelân in regio yn it uterste noardeasten fan de Feriene Steaten, mei maritime ynfloeden. Blikfanger fan it hotel is in 35 meter hege fjoertoer mei reade en wite streken dy't ynspirearre is op in fjoertoer yn Skotlân. Yn dizze fjoertoer sitte ferskate suites. It hotel leit súd fan hotel Colosseo. Tusken beide hotels leit in rivier. Kwa fasiliteiten beskikt it hotel oer in welnesssintrum, bars, restaurants en swimbad. Oan 'e efterkant ûnderskiedt it middelste gebou him troch de neoklassisistyske arsjitektuer. It gebou is wyt bepleistere en hat ferskate pylders.

Hotel Krønåsar

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2019 iepene hotel Krønåsar, It sit neist it wetterpark Rulantica, en is wat fierder fan it attraksjepark ôf. It hotel hat ferskate tema's lykas Skandinaavje en in natuerhistoarysk museum. Kwa arsjitektuer binne der ferskate streamingen yn it kompleks werom te finen lykas neogotyk en neorenêssânse. Ek is de haadetree basearre op besteande bebouwing nei de hân fan de Nederlânske arsjitekt Pierre Cuypers lykas it Rijksmuseum Amsterdam en stasjon Amsterdam Centraal. It hotel is ien fan de grutste hotelresorts fan Dútslân. Yn de lobby hinget in skelet fan in seebist. Kwa fasiliteiten hat it hotel ferskate bars, restaurants, in swimbad en saunakompleksen. Ek is der in fergeze pindelbus foar hotelgasten fanwege de ôfstân tusken it hotel en it attraksjepark.

Camp Resort & kampearterrein Europa-Park Camping

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1998 iepene men noardwestlik fan it attraksjepark in kampearterrein, dêr 't besikers oernachtsje kinne. Yn de jierren dy 't dêrop útwreide waard it kampearterrein, ek kaam der in "tipidoarp". Dizze tipi's kinne hierd wurde. It gebiet krige it Wylde Westen as tema. Der kamen saloons, hufkarren en blokhutten yn de styl fan dy perioade. It terrein leit oan in fiver, dêr't ek it restaurant Silverlake Saloon fêstige is. De Europa-Park Camping hat 200 kampearplakken foar caravans, steancaravans en tinten.

Oersjoch binnengebiet Rulantica (2020)
Golfslachbad (2020)

Op 28 novimber 2019 waard súdeasten fan it doarp Rust it swimparadys Rulantica iepene, in swimbad mei binnen- en bûtenromten. It tema fan it wetterpark is basearre op in ferhaal fan MackMagic oer in fiktyf eilân yn de Europeeske Noarske See. Direkt derneist waard hotel Krønasår boud.

It Rulantica-terrein hat in totale oerflakte fan 450.000 m. It wetterpark hat 13 temagebieten mei in totale oerflakte fan 40.000 m, dêr 't goed 32.600 meter fan oerdutsen. De wetterfoarsjenning fan it park wurdt fersekere troch eigen boarnen op it terrein mei in jierlikse produksjekapasiteit fan 150.000 m, dy't fuorre wurde fanút de wetterfierende laach fan de Bopperyn. Sa'n 25 persint fan de elektrisiteit dy't nedich is foar Rulantica wurdt opwekt mei sinnepanielen dy't op it dak fan de parkeargaraazje ynstallearre binne.

Al koart nei de iepening fan it park kundige de organisaasje in nije útwreiding oan: it temagebiet Svalgurok. Op 3 juny 2021 waard dizze útwreiding fan Rulantica iepene. In jier letter folge de iepening fan de twist 'n splash-mûne.

Rulantica hat yn totaal 2 swimbad kafee's, 3 sauna's en 28 glydbanen yn 14 temagebieten. De measte attraksjes binne binnen, wêrby't Svalgurok it grutste temagebiet bûten is. It is 9.000m2 grut, bestiet út njoggen glydsbanen en hat in amerdûs fan 2500 liter. Yn Rulantica is der ek in wetterkarrûsel neamd Tønnevirvel bûten de Frigg-timpel, dêr 't besikers in wetterslanggefjocht hâlde kinne. Ta de attraksjes hearre glydbanen mei in totale lingte fan 1.598 m, in golfslachbad, in streamfersnelling en in "lazy river".

Glydzbanen
Namme Lingte Hichte Gebiet Lingte as
Minimale lingte
Leeftiid
Kullerbuller 16 m 5,5 m Trølldal 95 oant 150 sintimeter 3 oant 12 jier
Schabernakker 24 m 5,8 m Trølldal 95 oant 150 sintimeter 3 oant 12 jier
Snorri’s Rutscheplads Snorri Strand 95 oant 150 sintimeter 3 oant 12 jier
Tommelplums 20 m 5,6 m Trølldal 95 oant 150 sintimeter 3 oant 12 jier
Falrok 51 m 6,4 m Svalgurok 110 sintimeter 8
Hugin 148 m 16,5 m Rangnakor 110 sintimeter,
ûnder 125 sintimeter allinne mei in folwoeksene
8
Isrok 23 m 3,2 m Svalgurok 100 sintimeter 4
Istapprok 23 m 3,2 m Svalgurok 100 sintimeter 4
Munin 148 m 16,5 m Rangnakor 110 sintimeter,
ûnder 125 sintimeter allinne mei in folwoeksene
8
Översnabb 18 m 3,3 m Skip Strand 110 sintimeter 10
Översnurra 30 m 3,3 m Skip Strand 110 sintimeter 10
Överstor 16 m 3,3 m Skip Strand 110 sintimeter 10
Skiprok 12 m 1,6 m Svalgurok 100 sintimeter 4
Slalomrok 48 m 6,4 m Svalgurok 110 sintimeter 8
Spiralrok 36 m 6,4 m Svalgurok 110 sintimeter 8
Svalgur Rytt 208 m 19 m Vinterhal 110 sintimeter,
ûnder 125 sintimeter allinne mei in folwoeksene
Under de 10 jier allinne mei in folwoeksene
Två Fall 133 m 15 m Vinterhal 110 sintimeter,
ûnder 125 sintimeter allinne mei in folwoeksene
10
Vågorrok 33 m 6,4 m Svalgurok 110 sintimeter 8
Vragrok 14 m 1,6 m Svalgurok 100 sintimeter 4
Dugdrob 121 m 20 m Rangnakor 140 sintimeter 12
Isbrekker 13,5 m 4 m Vinterhal 125 sintimeter 10
Stormrok 39 m 10,7 m Svalgurok 125 sintimeter 12
Stormvind 136 m 15 m Vinterhal 110 sintimeter,
ûnder 125 sintimeter allinne mei in folwoeksene
10
Vikingløp Nordiskturn 110 sintimeter 10
Vildfål 121 m 20 m Rangnakor 140 sintimeter 12
Vinter Rytt 153 m 19 m Vinterhal 125 sintimeter 10
Attraksjes
Namme Type Gebiet Opm.
Snorri Strand Spraypark Snorri Strand
Snorri’s Spelaborg Boarterstún Snorri Strand
Hoppablad Hindernis parkoers Skip Strand
Snorri's Saga Lazy river
Darkride
Snorri's Saga
Surf Fjørd Golfslachbad Lumåfals
Tønnevirvel Wetter draaimûne Frigg Tempel
Snorri Snorkling VR Dûke mei in VR-bril Skog Lagune
Vildstrøm streamfersnelling Vildstrøm
Horeaka
Namme Type Keuken
Kelpie Café Kafee kofjespesjaliteiten en swiete snacks
Happiness Station IIssalon Softiis mei in grutte kar oan ferskate toppings
Lumålunda Selsbetsjinningsrestaurant pizza, pasta en salades
panoraama - de Rulantica Bar Bar Cocktails, limonade en kofjespesjaliteiten
Skål Bar Bar bier en frisdrinken
Skogbar Swimbadbar Cocktails
Snekkjas Selsbetsjinningsrestaurant hamboargers, nuggets, patat, currywurst, salade en swiete snacks
Snorri’s Piknikbud Selsbetsjinningsrestaurant donuts, mini-beignets en frisdrinken
Tempel Krog Swimbadbar Cocktails
Viking Kaffi Selsbetsjinningsrestaurant Kofje, swiete lekkernijen, iiskolly's en iiskâld drinken
Viking Snåck Selsbetsjinningsrestaurant bowls, pasta's en riisgerjochten

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL
  • Wikipedy:DE
  • Wikipedy:NL, Rulantica
  • Wikipedy:DE, Rulantica