Springe nei ynhâld

Engelenfeart

Ut Wikipedy
Engelenfeart by brêge Nijskoat
Engelenfeart by de wyk De Greiden in It Hearrenfean

De Engelenfeart is in kanaal tusken de Tsjonger en it Nije Hearrenfeanster Kanaal en de Hearresleat. De namme komt fan de adellike Daniël Engelen dy't yn 1838 kantonrjochter waard op It Hearrenfean. Dy famylje liet it kanaal om 1850 hinne grave.

De Engelenfeart, allinnich brûkt troch de plezierfeart, foarmet de westlike grins fan It Hearrenfean en foarmet ek de grins mei de gemeente De Fryske Marren. It diel fan de feart benoarden (bylâns it rekreaasjegebiet De Heide) en besuden de brêge by Nijskoat is foar de boaten in favoryt lisplak foar ien of mear oernachtingen.