Eltville am Rhein
Eltville am Rhein | ||
It karfoarstlike kastiel yn Eltville. | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Hessen | |
lânkring | Rheingau-Taunus-Kreis | |
Stedsyndieling | 5 Stadtteile | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 17.112 (2022) | |
Oerflak | 46,77 km² | |
Befolkingsticht. | 366 ynw./km² | |
Hichte | 86 m | |
Oar | ||
Postkoade | 65343-65347 | |
Koördinaten | 50° 1'N 8° 7'E | |
Offisjele webside | ||
www.eltville.de | ||
Kaart | ||
Eltville am Rhein (fanút it latyn: Alta Villa, "heger hôf, heger lizzende stêd" en ferbastere ta Eldeville, Elfeld en letter ta Eltville) is de grutste stêd fan 'e Ryngoa en leit yn 'e Rheingau-Taunus-Kreis yn Hessen, Dútslân.
De stêd neamt himsels "Wynstêd", "Sektstêd" en "Roazestêd". Sûnt 2006 hat de ried dêr "Gutenbergstêd" oan tafoege en yn 2020 is Eltville ek nochris de "Duorsumensstêd", wermei't Eltville de measte titels fan Dútslân draacht.
Yndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêd bestiet út fiif Ortsbezirke, mei elts in eigen Ortbeirat en ien dy't dy ried foarsit, in Ortsvorsteher:
- Eltville
- Erbach (mei it Ortsteil Eichberg)
- Hattenheim (mei it Ortsteil Kloster Eberbach)
- Martinsthal
- Rauenthal
Sûnt 1 july 1972 waard de earder selsstannige gemeente Hattenheim by Eltville yndield. Erbach, Martinsthal en Rauenthal waarden op 1 jannewaris 1977 by Eltville foege.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste spoaren fan bewenning yn it stedsgebiet geane werom op 'e jonge stientiid. Ut de romeinske tiid binne resten fan in lânhûs fûn. In Frankysk grêffjild westlik fan Eltville út 'e ein fan 'e 4e iuw wiist op bewenning nei de Romeinen. In Frankysk keningshôf bekend ûnder Altavilla stie oan it begjin fan 'e ûntwikkeling fan it hjoeddeiske plak. Letter kaam it keningshôf yn hannen fan it aartsstift Mainz. De parochytsjerke bestie nei alle gedachten al ûnder aartsbiskop Friedrich tusken 937 en 954.
Yn 1313 hie it doarp al in muorre en yn 1329 waard útein set mei de bou fan 'e aartsbiskoplike boarch en de bou fan in stedsmuorre. Keizer Loadewyk de Beier ferliende op fersyk fan d'e aartsbiskop stedsrjochten oan Eltville. Sûnt de foltôging fan 'e boarch yn 1347 bleau Eltville oant 1480 de residinsje fan 'e Mainzer aartsbiskoppen. Dêrmei foarme de stêd ferskillende kearen it toaniel fan 'e striid tusken de paus en de keizer oer de besetting fan 'e biskoplike troan. Nei it fuortgean fan de aartsbiskoppen bleau Eltville haadstêd fan 'e Ryngoa.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Boarch fan 'e Karfoarsten út de 14 iuw.
- De 14e-iuwske Petrus- en Paulustsjerke fan Eltville.
- Op ferskillende plakken fan 'e stêd resten fan de stedsmuorren en de Sebastiaantoer (14e iuw) .
- Fakwurkhûzen út de 16e en 18e iuw.
- Boarch Crass.
- De Eltzer Hof is de grutste state fan 'e stêd. Sûnt 1629 is it yn besit fan 'e greven fan Elts. De oarspronklik yn 1580 boude state waard yn 1774 yn barokke styl ferboud.
- De 16e-iuwske Stockheimer Hof oan 'e Kirchgasse wie oant 2018 yn besit fan de frijhearen Langwerth fan Simmern.
Bûten de kearnstêd fan de gemeente
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- It sistersjinzerske kleaster Eberbach
- De Sint-Markustsjerke (15e iuw) en de neogoatyske Johannestsjerke fan Erbach.
- De Sint-Finsintiustsjerke fan Hattenheim.
- De HH. Sebastiaan- en Laurentiustsjerke fan Martinsthal.
- Slot Reinhartshausen.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Eberbach, kleaster.
-
Erbach.
-
Eltville.
-
Hattenheim, Hauptstrasse.
-
Martinsthal, Haupstrasse.
-
Rauenthal, Antoniustsjerke.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.
|