Springe nei ynhâld

Edam

Ut Wikipedy
Edam
Stedsgesicht Edam
Stedsgesicht Edam
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Noard-Hollân
gemeente Edam-Volendam
Sifers
Ynwennertal 7.390 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 5,9 km², wêrfan:
- lân: 5,54 km²
- wetter: 0,36 km²
Befolkingsticht. 1253 ynw./km²
Oar
Ferkearsieren N247 N517
Postkoade 1135
Netnûmer 0299
Tiidsône UTC 1
Simmertiid UTC 2
Koördinaten 52° 30' 20" NB, 5° 3' 50" EL
Monumintale hûzen
Monumintale hûzen
Offisjele webside
Hiemside gemeente Edam-Volendam
Kaart
Edam (Noard-Hollân)
Edam

Edam is in Nederlânske stêd en eardere gemeente yn de provinsje Noard-Hollân. Tegearre mei Volendam foarmet Edam de gemeente Edam-Volendam. De stêd 7.390 ynwenners (1 jannewaris 2023). De gânse gemeente Edam-Volendam hat op 1 jannewaris 2024 36.907 ynwenners (boarne:CBS). De stêd lei eartiids oan de lytse rivier de Ye of Ee en hiet dus wol Yedam. Dêr is de namme Edam fan ôflaat. De stêd is ferneamd om syn tsiis.

Plattegrûn fan Edam út 1649

Edam ûntstie by in daam oan de Ije of Ee dy't yn 'e Sudersee útmûne. Om 1230 hinne waarden der damen oan de seegatten fan de Sudersee oanlein. By de daam moast it goed oerladen wurde en koe der tol heft wurde. Sa koe Edam ta in hannelsplak útwaakse. Skipsbou, hjerringfiskerij en tsiishannel joegen Edam in warbere ekonomy.

Greve Willem V fan Hollân joech Edam yn 1357 stedsrjochten. Dat die er mear út eigen belang, want yn de tiid wiene de strideraasjes tusken Hoeksken en Kabbeljauwen yn folle gong. Dat wiene fjochterijen om de macht tusken it greeflike gesach en de reginten yn de stêden. It wie foar Willem V wichtich en krij de stêden oan syn kant. Foar de boargers stie der ek in soad op it spul. De rjochtswissens foar de boargers naam ta, om't de skout en skepen no sels it rjocht útsprekke koene. Tige wichtich wie dat Edam tastimming krige en graaf in nije haven nei de see. Dat waarden der twa: de Voorhaven en it Oorgat. Dêrmei ûntstie in bettere skipfeartferbining nei de stêd en hannelskippen koene no makliker oer it Purmermar nei oare grutte Noardhollânske stêden farre. Ek mocht der trije kear yn 't jier in merk holden wurde. Sa woeks de ekonomy frij hurd fan de stêd.

Alde kaart fan Edam en omkriten yn 1866

De tsiismerk wie fan de sechtjinde iuw ôf ek in wichtich part fan de ekonomy yn Edam. Op 16 april 1526 krige Edam fan keizer Karel V it rjocht fan in frije wykmerk en it rjocht fan Waach, dêr't yn 't jier 90 gûne foar de greeflikens betelle wurde moast. Op 2 maart 1574 waard dat rjocht fan Waach troch Willem fan Oranje foar ivich ferjûn as tanke foar it goede gearwurkjen yn it belis fan Alkmar.

Yn 1544 bepaalde Karel V dat de iepen ferbining fan Edam mei de Sudersee sletten wurde moast om it efterlân te beskermjen tsjin it wurkjen fan ebbe en floed. Edam wie der poer op tsjin, om't men noed hie dat de haven tichtslibje soe. Yn 1570 fernielden de Edammers de slûsdoarren. De slûs betsjutte de ein fan de ambysjes fan Edam om noch ta in grutte havenstêd út te waaksen.

Edam hie inkelde kearen mei wettersneed te krijen. De Wettersneed fan 1825 rekke benammen de oare kant fan de Sudersee, mar yn febrewaris 1916 rekke de saneamde Suderseefloed, dêr't de wyn út it noardeasten kaam, it gebiet. Der fergiene inkelde skippen (32 deaden) en in grut part fan Noard-Hollân kaam ûnder wetter te stean (19 deaden). Efter de slûswachterswente by de Edamerslûs stiet in peal, dêr't op oaanjûn stiet hoe heech it wetter yn 1916 stien hie.

It âlde stedssintrum

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Kaart fan it âlde sintrum fan Edam

It sintrum yn de âlde fêsting is in beskerme stedsgesicht. Der steane in tal monuminten:

  • Grutte of Sint-Nikolaastsjerke út 1626, mei 15e-iuwske toer
  • Lytse Tsjerke
  • Luterske tsjerke, boud tusken 1739-1741 mei fronten yn Loadewyk XIV-styl
  • Riehûs, út de 15e iuw, restaurearre yn 1985
  • Weeshûs, restaurearre yn 1989.
Tsiismerk yn Edam yn augustus 2006

Nei it takennen fan it rjocht op in tsiiswaach hat der yn Edam oant 1922 in kommersjele tsiismerk west dêr't boeren út de omkriten harren tsiis ferhannelje koene. De Edammer tiis waard nei de merk ferfierd mei lytse boatsjes. Nei it lossen op 'e wâl waard de tsiis troch tsiisdragers nei de merk brocht. Dêr waard de tsiis te keapoanbean troch de hannelers. Nei't it earst kard waard, waard it troch loven en bieden, it 'hantsjeklappen', de priis de kilo fêststeld. Dêrnei waard de tsiis wer op in berje laden en nei de waach brocht dêr't it gewicht fêststeld waard. De tsiis waard ta einbeslút mei hynder en tsiisbrik nei it tsiispakhûs brocht om dêr noch foar in skoft ryp te meitsjen.

De tsiismerk waard yn 1989 fannijs wer iepene. Yn de simmer (july en augustus) wurdt eltse woansdei tusken 10.30 en 12.30 in toeristyske ferzje fan de tsiismerk holden.

Ferkear en ferfier

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Edam is te berikken fan Purmerein ôf oer de N244. Fan Hoarn, Amsterdam en Monnickendam ôf oer de N247 Fan Volendam ôf oer de Zuidpolderzeedijk, de Dijkgraaf de Ruijterlaan, de Dijkgraaf Poschlaan en de N247/N517.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
Edam-Volendam
Stêd:
Edam
Doarpen:
BeetsEtersheimHobredeKwadijkMiddelieOosthuizenPurmer (foar in part) • SchardamVolendamWarder
Buorskippen:
AxwijkKathamVerloreneinde
· · Berjocht bewurkje